De Taconisbosk, is in ike- en bjirkebosk fan 12 hektare op de flank fan de Tsjongerdelling, tusken de Tsjonger en Nijskoat. It leit midsk agrarysk gebiet en wurdt beheard troch It Fryske Gea. De bosk is te berikken oer it histoaryske tsjerke- en klompepaad. Eartiids wienen de tsjerken fan Aldskoat, Nijskoat en Rotstergaast troch dit tsjerkepaad mei elkoar ferbûn. De tsjerken hienen ien dûmny, dy't alle sneinen seis kilometer rinne moast om yn alle trije tsjerken it Wurd te ferkundigjen. In diel fan it paad bestiet noch. Dit rint oer begraafplak de Skoatterhof en lâns in monumintaal goatysk tsjerkje mei in klokkestoel. De muorren fan it tsjerkje bestiet út âlde kleastermoppen, de klok is út de 14e iuw. It paad rint fierder dwers troch it kultuerlânskip mei houtwâlen lâns de Taconisbosk oan de Van Engelenfeart ta. Eartiids lei dêr in pontsje. Nei it oerstekken fan de feart koe men oer it paad trochrinne nei Rotstergaast.

Taconisbosk
Taconisbosk
Taconisbosk
lokaasje
neiste plak Nijskoat
oare ynformaasje
oerflak 12 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

De bosk is neamd nei Johannes Hendrik Taconis (It Hearrenfean, 17 april 1863 -It Oranjewâld, 29 oktober 1949 ), eigener fan tabaksfabryk "De Rookende Moor" oan de Dimpte Molewyk op It Hearrenfean. Letter waard dat fabryk ferpleatst nei Ljouwert. De famylje Taconis hie by Nijskoat ek lannerijen mei pleatsen dy't ferpachte waarden. It gebiet leit op in sânrêch, in oerâlde ouwerwâl fan de Tsjonger, de natoerlike grins fan It Hearrenfean mei Weststtellingwerf. Dit 'woaste' terrein waard foar in diel ûntgûn en diels mei bosk beplante. Oan de protte saneamde 'rabatten' is te sjen dat de bosk yn it earstoan brûkt waard foar houtwinning. Yn de westkant fan de bosk leit, in bytsje ferskûle, in fiver mei wat heuveltsjes. Neffens oerlevering soe hjir eartiids in bouwurk stien hawwe dat brûkt waard as jachthutte of simmerhûs. Fan de soan fan Johannes Hendrik (Jan Gelinde) is bekend dat er in libbensgenieter wie dy't graach jeie mocht.

De bosk bestiet meast út iken en bjirken, mar ek hulst, hop en kamperfoelje groeit hjir. De Taconisbosk fan no is folle tichter begroeid as eartiids. Troch it rjochta-rjochtoan bosk rint in breed paad dat op de ein útsjoch jout op de eardere healannen by de Tsjonger.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard