Tsjerkepaad
In tsjerkepaad is in paad dat nei in tsjerke rint.
Tsjerkepaden waarden benammen sneins brûkt om nei de tsjerke te gean, at der gjin gewoane wei tusken it wenplak en de tsjerke wie. Hast alle tsjerkepaden binne yn ûnbrûk rekke. Op guon plakken binne se noch, omdat se faak ek noch op in oare wize brûkt wurde.
Soms wurdt besocht in tsjerkpaad te herstellen. Faak moatte dan barten oer sleatten hersteld wurde, ôffredings makke wurde of oare foarsjennings makke wurde. It bart ek wol dat it paad oer in boerehiem rint. Yn sa'n gefal sil in rjocht fan paad fêstlein wurde moatte. Al mei al kin it yn 'e âlde tastân werombringe in hege priis hawwe.
Foarbylden fan tsjerkepaden
bewurkje seksje- de Tillefonne fan de âlde Suderseedyk nei de tsjerke fan Warkum
- it Sânbrêgenpaad tusken Ter Laan (Bedum) en Bedum
- it Kerkelaantje yn Waarder
- it Manljuspaad yn Ouddorp[1]
- de Kerkweg tusken de Drintske doarpen Yde en Vries
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kerkenpad fan Wikimedia Commons. |