De Kapellepôle is in natoergebiet op 'e grins fan 'e gemeenten Opsterlân en It Hearrenfean, súd fan Wynjewâld oan de Jan Hofswyk.

Kapellepôle
Kapellepôle
Kapellepôle
lokaasje
neiste plak Wynjewâld
oare ynformaasje
oerflak 4 ha
behear It Fryske Gea

It natoergebiet mei heide is 4 ha grut en leit middenyn de greidlannen. It gebiet, dat frij tagonklik is, wurdt beheard troch It Fryske Gea dy't it nei de oarloch oankocht hat. De namme ferwiist nei de Midsiuwske Bonifatiuskapel dy't hjir op in hege sânkop yn it heechfean stie.

Fynplakken bewurkje seksje

It stee komt op âlde kaarten foar, en ek komt yn it Dekema-argyf in oantekening út 1565 foar, dêr't ûnder Hoarnstersweach in tal landerijen yn fermelde wurde mei de notysje : nog opt noord van desen plecht bonifacity cabelle in t feen te staen". Yn itselde argyf sit in keapbrief fan eigendommen yn Hoarnstersweach út 1552, dy't lizze "van den alleroudsten leidijk naast de akkerseinden, welke men in voortijden placht te gaan naar St.Bonifaciuskapel". Dit paad sil sawat lein hawwe dêr't de "Kapellewei" rint. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 stiet de "Bonifacius Capelle" noch oanjûn en wol noard fan de "Feenscheidende Greppel tusschen Opsterland en Schoterland 1716 gemaakt.

It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard