Natoergebiet De Fluezen

Natoergebiet De Fluezen is in natoergebiet en Natura 2000-gebiet yn de omjouwing fan De Fluezen en de Aldegeaster Brekken. It gebiet hat in oerflak fan 3077 bunder en wurdt beheard troch It Fryske Gea en Steatsboskbehear. It natoergebiet bestiet neist stikken fan De Fluezen út de dielgebieten Fûgelhoeke, de polder Lânsein, Bûtlân, Koudumerboskje, Fûgeleilân en De Oarden mei de Sânkop.

Natoergebiet De Fluezen
Natura 2000 gebiet
Natura 2000 gebiet
oare ynformaasje
oerflak 3077 ha
behear It Fryske Gea

It diel fan De Fluezen dat beheard wurdt troch It Fryske Gea bestiet út it diel oan de mar mei ek in diel fan De Moarre. It gebiet bestiet út iepen wetter mei eilantsjes, boezemlannen, reidseamen en wylgebosk en is opdield yn meardere dielgebieten.

De 50 bunder grutte Fûgelhoeke bestiet foar it meastepart út wetter fan De Moarre. De Fûgelhoeke waard oankocht yn 1976. It gebiet rekke los fan de Moarre troch de oanlis fan in fytspaad. It konstant holden waterpeil yn de Fûgelhoeke is ûnôfhinklik fan de boezem. It behear is rjochte op it hanthavenjen fan de rêst yn de fûgelgebieten en op de ûntwikkeling fan (feanmoas)reidlannen. De reiden wurde snien en ôffierd.

De begroeide Fangdyk tusken De Moarre en de Fûgelhoeke foarmet in dúdlike ôfskieding mei it iepen wetter fan De Moarre. Yn de wylgen groeit de fergiftige ‘gifsumak’ dy't by oanreitsjen hûdreäksjes jaan kin. De plant waard hjir om 1919 oanplante om ôfslach fan de Fangdyk foar te kommen. De ouwers fan it wetter besteane út feanmoasreidlân. Yn it gebiet groeie fearsoarten as sompefear, kaamfear en brede rintfear. Yn it feanmoasreidlân steane grutte horsten mei sompesigge. Yn de reidseamen groeie tuorrebout en sompetiksel.

It hiele gebiet is ryk oan reid- en wetterfûgels dy't der in briedplak fine. Yn it strewelleguod bylâns de Fangdyk briede boppedat túnsjonger en de grutte giele hôfsjonger. Yn it reidlân oan de Fangdyk briede hoannebiters en in protte hjerringslynders. De mar wurdt bûten de briedtiid troch smjunten en topeinen brûkt om te rêsten en te fretten.

De polder Lânsein grinzet oan De Fluezen. It healân fan dizze polder stiet simmerdeis fol bloeiende gêrzen en wurdt jierliks meand. Der komme planten foar as weetgers, keale jonker en de rinkelbel. Yn de reidseam steane tieneblom, senuwkrûd en giele rút. Yn it boskje groeie ferskate fearsoarten, wêrûnder de mantsjefear. Yn de reidseam bylâns de grûnberging groeie ferskate sompeplanten. Yn de maitiid briede hjir in soad greidefûgels.

It Bûtlan leit bûten de dyk fan de Grutte Noardwâlderpolder oan De Fluezen. It gebiet stiet winterdeis foar in grut part ûnder wetter. Om it boezemlânsysteem en de briedkoloanjes te behâlden wurdt de fegetaasje koart holden. Trochdat it wetter op it lege diel lang stean bliuwt ûntsteane der simmerdeis slikige fjildsjes. It bûtendykse gebiet wurdt as it heal kin sa mooglik alle jierren haaid.

Op de slikige fjildsjes groeie planten as wetterreadskonk, sulverskier, sparjerusk, foksesturtsje en lânfoarmen fan stjerrekroas. Yn de healantsjes groeie kraneblom, blaublomke, hintsjes-en-hoantsjes en wettermunt. Neist dizze slykfjildsjes binne der grutte stikken mei reid- en rûchtekrûden lykas reidgers, flotliezen en de grutte rottesturt. Oan de marswâl ûntstie in seamfegetaasje mei in soad tieneblom, barchjeblom en sompetiksel. Yn it krûdenrike reidlân groeie sompefear, tieneblom, bûnt hantsjekrûd en kraneblom. Yn de lytse stikken soer feanmoasreidlân groeie tusken it feanmoas kaamfear, galleblêd, sompesigge en feanrûkersgers.

De wiete boezemlannen jouwe briedgelegenheid oan greidefûgels as ljip, skries, strânljip en tsjirk. De berchein lit him geregeldwei sjen en de hjerringslynder siket syn heil benammen yn de reidseam. Bûten de briedtiid sykje leppelguozzen yn de lannen om fretten. Yn de hjerst en winter rekket it boezemlân sa no en dan befolke troch grutte oantallen einen en guozzen.

De Oarden en de Sânkop

bewurkje seksje

It djip fan it Johan Frisokanaal skiedet it eilân De Oarden fan Lânsein. Doe’t de boezemlannen fan it eilân fuort blykten te sakjen waard de grûn opspuite. It lân waard dêrtroch oantreklik foar wytstirns en fûgelkoloanjes.

De Sânkop is in ferrûge eilân yn De Fluezen oan de kant fan Koudum. It eilân wurdt net aktyf beheard.

Op de Sânkop briede einesoarten as kareinen en east-einen. Ek it burdmantsje en de hoanskrobber brûke it as briedplak. Op de Sânkop briede grutte koloanjes kobben, mei dêrtusken briedende wytstirns.

Fûgeleilân

bewurkje seksje

Flak foar de boezemlannen fan De Moarre leit it Fûgeleilân mei dêrop in grutte koloanje kobben. Ek bûten de briedtiid binne de boezemlannen wichtich foar fûgels. Gauris wurde frettende leppelguozzen sjoen, ielguozzen fiskje op de mar en yn de hjerst en winter sitte yn it boezemlân grutte kloften einen en guozzen. De rûge reidlannen binne wichtich foar it fuortbestean fan de seldsum wurdende Noarske wrotmûs.

Koudumerboskje

bewurkje seksje

It Koudumerboskje is in wylgeboskje oan de iepen ouwers fan De Holken en De Oarden oan it Johan Frisokanaal. De bosk ûntstie op in eardere grûnberging fan Provinsjale Wettersteat doe’t it Johan Frisokanaal groeven waard. Der wurdt troch de behearder stribbe nei in spontane ûntwikkeling, sûnder behearmaatregels.

De begroeiïng bestiet hast hielendal út wylgesoarten as sjitwylch en skiere wylch. Yn it tichte wylgebooskje lizzen in pear grutte iepen sânige plakken. Op de grûn steane fearsoarten as slangebrea en wyfkefear.

Ta de bewenners fan it Koudumerboskje hearre briedfûgels as houtdo,gersmosk,túnsjonger, lytse hôfsjonger, tome. Yn de reidseam briedet de hoanskrobber.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard