Jongemastate
Jongemastate wie in state dy't oan de noardkant fan Raerd, (Boarnsterhim) stien hat. Tsjintwurdich stiet allinne it poartegebou út 1603 noch oerein en ek de grêft is noch yntakt.
Jongemastate | ||
Jongemastate | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Raerd | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 2 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | Park Jongemastate, It Fryske Gea |
Fan Jongemastate is wis dat dêr al sûnt de 15e iuw bewenning west hat. Sa waard it slot yn 1461 bewenne troch Kempo Jongema. Letter hat Jongemastate iuwenlang yn eigendom west fan it bekende Fryske geslacht Van Eyzinga. Lêste bewenner fan it slot wie boargemaster Hobbe Baerdt van Slooten, soan fan Adrianus Henricus van Slooten, boargemaster fan de gemeente Raerderhim fan 1872 oant 1896, en jonkfrou Maria Clara van Sminia, dy't ek op de state wenne hawwe. Jongemastate is yn 1912 ôfbrutsen.
Park Jongemastate
bewurkje seksjeIt terrein, dat yn 'e folksmûle as Raerder Bosk oantsjutten wurdt, is tsjintwurdich eigendom fan It Fryske Gea, dy't ek it behear docht. Yn it parke steane in soad beammen en stinzeplanten lykas de holwoartel. Utsein yn de maitiid is it park frij tagonklik foar it publyk.
-
Holwoartel op Jongemastate
-
Poarte Raerder Bosk