De Starumer Mar is in eardere mar east fan Starum.

Starumer Mar
bysûnderheden
oerflak 436 ha.
drûchlein ± 1620

It oktroai ta drûchmakking waard 19 maaie 1613 oan Starum ferliend mar der kaam spul fan, en 30 augustus 1620 waard it oktroai oerdroegen oan twa partijen partikulieren, mei foldwaan fan de kosten dy't de stêd makke hie, nei de tasizzing dat by it drûchlizzen in trekfeart fan Starum nei de Warnsersleat oanlein wurde soe, en fierders noch oan de in feart fan Starum nei Molkwar en in feart oer Skarl nei de Warnzer Sleat. Earst doe waard de mar bedike en drûchlein.

De Warnzer Feart, de trekfeart nei de Warnzer Sleat oanlein troch it smelste diel, ferdielde de Starumer Mar yn in Noardermarpolder en in Sudermarpolder, twa partikuliere polders. De feart nei Molkwar, de Molkwarder Feart foarmet de noardgrins, de feart oer Skarl, de Ringsleat, foarme de súdgrins.

Noardermarpolder

bewurkje seksje

De Noardermarpolder fan ± 236 ha. hat in leechste punt fan 1,4 meter -NAP. Bemealing barde earst troch ien wynmole, sûnt 1947 mei helpmotor. De polder inundearre by de stoarmfloed fan 1825.

Sudermarpolder
lokaasje
neiste plak Starum
oare ynformaasje
oerflak 200 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

Sudermarpolder

bewurkje seksje

De Sudermarpolder is ien fan de earste drûchmakkerijen (1620) yn Fryslân. De min ofte mear trijehoekige polder leit tusken it Reaklif, Starum en Warns. De sudermarpolder is yn behear by It Fryske Gea

De noardlike grins fan de polder wurdt foarme troch it Johan Frisokanaal, de súdwestlike grins is de Suderwei dy't oer de Iselmarsdyk rint en de súdeastlike grins rint fan Skarl nei Warns. Yn it gebiet fan de Sudermarpolder, dy't foar in grut part yn eigendom is fan it Fryske Gea, is op in trijetal wynturbines nei, gjin bebouwing. De Sudermarpolder fan ûngefear 200 ha. hat in leechste punt fan ± 1,7 meter -NAP. De bemealing barde earst troch twa moles, letter troch ien, yn 1922-1923 útwreide mei in wynmotor. Yn 1940 kaam der in elektrysk gemaaltsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Staverse Meer
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard