Molkwar (Nederlânsk: Molkwerum) is in doarp (histoarysk in flekke) yn de gemeente Súdwest-Fryslân oan it Iselmar. It doarp hat likernôch360 ynwenners (2021). Oant 2011 lei Molkwar yn de eardere gemeente Nijefurd. De namme Molkwar soe ferwize nei Melkweren, of wettereftige kriten, geskikt om melkfee op te weidzjen.

Molkwar
Molkwar
Molkwar
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal 360 (2021)[1]
Oar
Postkoade 8722
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 24' EL
Sint-Lebuïnustsjerke
Sint-Lebuïnustsjerke
Molkwar
Molkwar
Kaart
Molkwar (Fryslân)
Molkwar
Kaart
Molkwar
De himrik fan Molkwar yn de eardere gemeente Nijefurd
 
Het Friessche Doolhoff, het Beruchte Dorp Molk-worren

Molkwar wie fan âlds in wichtich seefardersplak. Troch de soad ynternasjonale handel hie Molkwar krekt as Hylpen in eigen kultuer opboud mei in eigen taal, dracht en skilderkeunst.

It doarp wie yn de 17e en 18e iuw om twa saken rûnom bekend yn Fryslân, mar ek bûten de provinsjegrinzen.

Alderearst waard der in dialekt sprutsen, it Molkwardersk, dat mei it dialekt fan Hylpen beskôge waard as it ‘echte’ Frysk. Beide dialekten hienen skaaimerken fan it Aldfrysk. Der binne beskriuwings fan bûtenlanners dy't ûnder oare om de taal te hearren, reizen makken nei Hylpen en Molkwar.

Fierders wie it doarp boud op acht pôlen, troch wetter faninoar skaat. De eilantsjes hienen de nammen: Sorke Pol, Katte Pol, Hoeunde Pol, Wester-Ich, Eester-Ich, Grimspol as Arjenspol, De Pol ek wol Wiebrenmantjes Pol as De Tooenen en de Jaaxme Fonne Pol. Middels brechjes en planken ûnderhâlden de doarpsbewenners harren ûnderlinge kontakten. It ferhaal giet dat frjemdlingen der maklik ferdwaalden. Troch syn protte kanaaltsjes, der wienen mear kanalen as strjitten, en de 27 brêgen yn it doarp waard Molkwar ek wol it Feneetsje fan it Noarden neamd.

Ek wie Molkwar ferneamd om syn handel yn swanne-pikelfleis, wat werom te finen is yn it doarpswapen, de wite swan.

Yn 'e 17e iuw wennen der sa'n 1500 minsken yn Molkwar op deselde kante meters grûn as dêr't no sa'n 300 minsken wenje. Yn dy tiid foeren de Molkwarders mei fluitskippen op de Sont, in wetter tusken Denemark en Sweden om dêr hannel te driuwen. In hiel grut persintaazje fan wat der hinne foer út Nederlân wei, kaam út Molkwar. It doarp hie sels in eigen kantoar yn Amsterdam. Ek wienen der trije minnistetsjerken te finen yn 't doarp en ek noch in herfoarme. Ein 17e iuw begjin 18e gie de hannel efterút en in soart minsken brieken harren huzen ôf en gienen nei Hylpen ta te wenjen. Sa gie it hurd efterút mei de flekke, oant der yn 1850 noch mar 80 minsken wennen. Doe wiene de minsken der meast al fisker op de Sudersee as boer as boerefeint. De Starumske jollen hienen in prachtich plakje yn de kom by de Molkwarder syl (slûs), wêrtroch't sij moai nei binnen en bûten farre koenen. Yn elts gefal troch de tiid hinne fan ein 1700 ôf waarden der in protte karakteristike huzen sloopt en sleatten tichtsmiten, mar wa't no noch troch it doarp rint, sjocht noch altyd wol wat fan de ûnregelmjittige doarpsplanning. Molkwar waard troch dy nuveraardige lizzing fan huzen eartiids ek wol it ‘Fryske doalhôf’ neamd.

Oant 1984 lei Molkwar yn de gemeente Himmelumer Aldefurd doe't dy opgie yn de nije gemeente Nijefurd. Yn 2011 gie dy gemeente op yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Yn maart komt de Feriening foar Doarpsbelang gear yn it Doarpshûs. De Oranjeferiening, oprjochte 14 septimber 1933 organisearret de Keningsdei, it twajierlikse doarpsfeest en in foljebaltoernoai. Der bestiet in film Ald Molkwar. Yn de Aldheidkeamer fan Molkwar sit ek 'De Heksehoale' foar de bern. 'It Swannenêst' is de doarpsskoalle.

It doarp hat in foljebalferiening, VC Molkwar.

  • Bakker Knilles de Boer begûn yn 1916 mei syn spesjaliteit: Molkwarder koeke. Dy is te sjen en te keap yn it yn âlde steat werombrochte bakkerswinkeltsje anneks kofje/teeskinkerij
  • Yn it jier 2000 hie it doarp in eigen Iepenloftspul: Ringer's Reis. 11 jier letter (2011) sette Romke Gabe Draaijer in nij iepenloftspul op: 'FISK - fang dyn gelok'.
  • Haye Mensonides (1814-1881), is in politikus dy't yn Molkwar berne is.
 
Wynmotor Koudum 1
  De Wikipedy hat ek in side Sint-Lebuïnustsjerke.

De tsjerke is de Sint-Lebuïnustsjerke dy't fan 1850 komt en oarspronklik wijd waar oan de hillige Lebuïnus. De tsjerke ferfong in eardere tsjerke út 1799. De toer is in sealdaktoer, dy't fan de âldere tsjerke ôfstammet, mar mooglik noch earder. De tsjerketoer is in ryksmonumint

Op it tsjerkhôf fan de tsjerke is it Earehôf Molkwar mei in grêf foar de omkommen RAF-piloat Tom McCrorie, dy't yn de Twadde Wrâldkriich omkommen is.

Yn Molkwar is in Elvis Presley Museum mei allegear stikken út it libben fan sjonger Elvis Presley. It museum is fêstige yn in antykpleats.

Tusken Molkwar en Koudum stiet de Wynmotor Koudum 1. Dy poldermûne is in mealreeë Amerikaanske wynmotor út 1925. De mûne stiet oan it Jan Broerskanaal en waard boud as ferfanger fan de tradisjonele poldermûne út 1854 foar it bemeallen fan it westlike part fan polder de Grutte Wester Gersleat.

Iepenbier ferfier

bewurkje seksje
 
Stasjon Koudum-Molkwar

Molkwar dielt tegearre mei it tichtby lizzende Koudum it Stasjon Koudum-Molkwar oan it spoar Ljouwert-Starum.

't Seeleantsje, De Wimerts, Eesterich, Flait, Grimspôle, Hellingstrjitte, Ymedaam, Lútzenpolle, Nei de Knekkeren, Noardermar, Seedyk, Stasjonswei, Tsjerkestrjitte, Westerich.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021
  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·