Arsjipeldoarp is de benamming foar in doarpstype dêr't de huzen of wenwiken op ien of mear, troch fearten of sletten omjûne eilantsjes (pôlen), boud binne.

It doarpstype komt fanâlds fansels yn it wetterlân foar, mar net faak yn syn suvere foarm, mar de doarpen Molkwar, Grou en Tersoal binne arsjipeldoarpen.

De term is al goed 60 jier lyn betocht troch S.J. van der Molen en wurdt anno 2010 noch wol brûkt, sa as by it ûntwikkelingsplan foar Grou: 'het archipeldorp Grou'.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Archipeldorp.