Tersoal
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2012) | 359 | ||||
Webstee | Webstee fan Tersoal |
Tersoal is in Frysk doarp west fan Jirnsum, yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2014 makke it diel út fan 'e gemeente Boarnsterhim, en foar de weryndieling fan 1984 hearde it sûnt minskewitten ta Raerderhim, dat neamd wie nei ien fan 'e Fryske Himpolders fan 'e âlde Middelsee. Tersoal hie yn 2012 likernôch 360 ynwenners. It leit yn 'e De Legeaën, oan 'e Snitser Aldfeart, tusken Poppenwier en Sibrandabuorren.Foar 1989 wie de offisjele namme Nederlânsk: Terzool.

SkiednisBewurkje
Al yn 1333 wurdt Zole, letter ek Soel al neamd. Doe waard tagelyk mei de kapel yn Sibrandabuorren in alter oan de Utertse biskop wijd. De delsetting lei frijwat isolearre en wie eins allinnich oer wetter en oer fuotpaden goed te berikken.
PreamkeskoweBewurkje
Alle jierren wurdt it kampioenskip Preamkeskowe holden. Der moat dan tolve kilometer boomd wurde mei in pream, neffens foarskrift yn tradisjonele boereklean. Der moat ek molkbussen meinommen wurde en eltse pream hat de Preamkeninginne fan it eigen doarp út de Legeaën oan board. De Sulveren Pream is foar de winners.
MienskipBewurkje
Doarpshûs De Tuolle stiet in oan Komelkerspaad. De Tersoalster Courant is de doarpskrante. Fan Feest Wis is de feestkommisje. De doarpsskoalle fan Tersoal wie Kristlike Basisskoalle De Reinbôge. Om't der te min learlingen wiene, moast dy yn 2018 fúzjearje mei de basisskoallen fan 'e buordoarpen Gau en Sibrandabuorren. De nije Mienskipsskoalle De Legeaën kaam yn Sibrandabuorren te stean. KBS De Reinbôge gie oan 'e ein fan it skoaljier 2017-2018 ticht.
TsjerkeBewurkje
FerieningsBewurkje
Sportstifting 'Kubus' is oerkoepeljende organisaasje foar gymnastyk, jazz, badminton, sealfuotbal foar de jongerein en folleybal.
- Adam en Atze - iisklub
- Lytse Krêft -sjongen
- Auke Roukes - sjongen
- De Twa Doarpen - jeugdtoaniel
- De Ald Hij - aaisikers
- Ons Genoegen - biljerten
- Tot Ons Genoegen / De Rappe strikers (jeugd)- damjen
- gymnastykferiening
- Den Bealch - roeisloepen
- De Lege Geaën - keatsen
- De Lege Geaën - kuorbal
- Los fan 'e man
- Raerderhimruters
BefolkingBewurkje
StrjittenBewurkje
- Adam en Atzestrjitte - nijboustrjitte út begjin 21e iuw, oan de noardkante fan it doarp. Neamd nei de Iisklub Adam en Atze, dy't sels wer neamd is nei de reedriders Adam Hurdrider en Atze ....
- Buorren -
- Bûtlânswei - ruilferkavelingsdyk tusken Jirnsum en (oergeand yn de Koaiwei) Offenwier, neamd nei de bûtlannen (healannen) yn it súdlike part fan de Legeaën.
- De Greide - nijboustrjitte út begjin 21e iuw, dy't oanslút op it Suderom.
- Durk Dijkstrastrjitte - de dempte eardere doarpsfeart of buorrefeart. Neamd nei Durk Dijkstra, grienteman yn Tersoal. Hy siet yn it ferset. By him thús wie distriktsoperaasjelieder Herre Winia ûnderdûkt. Pieter Wijbenga (Bezettingstijd in Friesland, diel 3) beskriuwt de arrestaasje fan Dijkstra en Winia.
- Grienedyk -
- It Pounsmiet (offisjeel yn âlde stavering) - nijboustrjitte út de jierren '80 en '90. In pûnsmiet is in âlde lânmjitte. Eartiids wie It Pounsmiet de namme fan it buertsje eastlik fan de doarpsfeart (dy't yn de jierren '60 tichtsmiten waard).
- Koumelkerspaed (offisjeel yn âlde stavering) - paad by de tsjerke en de âld skoalle del, yn it âldste part fan de doarpskom, neamd nei de komelkers (lytse feehâlders) dy't der eartiids in soad yn Tersoal wennen.
- Suderom - nijboustrjitte út de jierren '60 en '70, súdeastlik fan de Buorren.
- Westerein - streek westlik fan de doarpskom, de kant fan Sibrandabuorren út.
- Wiersterwei - ruilferkavelingsdyk nei de Grutte en Lytse Wierren, buorskippen súdlik fan it doarp. De Wiersterwei folget foar it grutste part it trasee fan de eardere doarpsfeart.