Jan Haite Riemersma
Jan Haite Riemersma (Tersoal, 18 septimber 1919 – Roan, 4 septimber 2001) wie in Nederlânske politikus út namme fan de PfdA.
Hy waard berne as soan fan Pieter Riemersma (1886-1974) en Janke van der Schaaf (1886-1955). J.H. Riemersma waard om septimber 1939 folontêr by de gemeente Raarderhim dêr't syn wenplak Tersoal doe ta hearde. Begjin 1940 folge syn oanstelling ta tydlik amtner by de gemeente Wûnseradiel. Hy brocht it ta referindaris en plakferfangend sekretaris fan it Openbaar Lichaam De Noordoostelijke Polder ear't er yn july 1961 beneamd waard ta boargemaster fan Havelte. Yn augustus 1970 waard Riemersma de boargemaster fan de gemeente Roan. Fanwegen swierrichheden mei syn sûnens naam er dêr ein 1979 betiid ôfskied.
Riemersma stoar dêre yn 2001 yn de âlderdom fan 81 jier.