Westereintsjerke

de eardere grifformearde tsjerke en tsjinstwurdige protestantske tsjerke fan de PKN-gemeente De Lege Geaën

De Westereintsjerke yn Tersoal is de eardere grifformearde tsjerke en tsjinstwurdige protestantske tsjerke fan de PKN-gemeente De Lege Geaën.

Westereintsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Tersoal
adres Westerein
koördinaten 53° 04' N 5° 43' E
Arsjitektuer
boujier 1913
Webside
PKN De Lege Geaën
Kaart
Westereintsjerke (Fryslân)
Westereintsjerke

Tsjerkegebou

bewurkje seksje

Ynearsten tsjerken de minsken dy't harren langer net fine koene yn de frijsinnigens fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke yn de wente fan Pieter Durks Dijkstra. Hja lieten letter in tsjerkje bouwe, dat tusken it hjoeddeiske Pounsmiet en de Durk Dijkstrastrjitte stie. Doe't it hûs fan in gemeentelid yn 1892 ôfbaarnde mocht dy de tsjerke as wente brûke, mar sneins moast de seal foar de tsjinsten romme wurde. Al gau die bliken dat de tsjerke te lyts wie. Dêrom waard ynearsten besletten om in kreake yn te bouwen, mar ek de plakken op de kreake rekken al rillegau beset. Al sûnt 1904 waard der oer nijbou praat en yn desimber 1912 koe fan in gemeentelid in gaadlik stik grûn foar nijbou kocht wurde.

 
Gevelstien

De earste stien foar de nije tsjerke waard lein yn 1913 en op 29 oktober fan dat jier koe de tsjerke yn gebrûk nommen wurde. Op de gevel kaam in gevelstien mei de tekst Want niemand kan een ander fundament leggen dan hetgeen gelegd is, hetwelk is Jezus Christus (1 Kor. 3:11).

Oan de tsjerke is yn de rin fan de tiid net in hiel soad feroare. De meast yn it each springende feroaring fûn plak yn 1967, doe't it brekfallige koepeltje boppe de gevel ôfbrutsen en ferfongen waard troch in opmitsele tuorke mei in krús.

De ynrjochting is foar it measte noch oarspronklik. It oargel waard yn 1915 boud troch de firma Bakker & Timmenga.

Skiednis gemeente

bewurkje seksje

De dolearjende tsjerke fan Sibrandabuoren-Tersoal-Poppenwier waard op 11 augustus 1889 ynstituearre as de Nederdútske Grifformearde Tsjerke, hast in jier letter nei't de doleânsje ek yn Goaiïngea, Gau en Offenwier woartel skeat en dêr foar dy doarpen ek in grifformearde tsjerke ynstituearre waard. Beide tsjerken koene net selsstannich in dûmny ûnderhâlde en dielden de predikant. De earste dûmny wie P. Eringa, dy't oant syn dea yn 1913 oan beide tsjerken ferbûn bleau en wenne yn de pastory fan Gau. Doe't de Nederdútske Grifformearde Tsjerken mei de Kristlik Grifformearde Tsjerke fusearre namen de twa tsjerkerieden yn it ramt fan it nije tsjerkegenoatskip de nammen Gereformeerde kerk te Goënga c.a. en Gereformeerde kerk te Sibrandaburen c.a. oan. Yn 1962 waard Sibrandabuorren yn de namme ferfongen troch Tersoal, om't dêr ek de tsjerke stie. Alhoewol't der in soad gearwurking wie en in dûmny dield waard, bleaune beide tsjerken selsstannich. Fanôf 1 jannewaris 1944 praten de twa tsjerken mei inoar ôf tenei ek elts in eigen dûmny te beroppen.

Doe't it ledental fan de beide tsjerken sûnt de jierren 1960 sakke, fûnen de beide grifformearde tsjerken inoar wer. De fúzje fûn plak op 1 jannewaris 1970 en de nije namme fan de feriene tsjerke waard de Gereformeerde Kerk van Gauw-Terzool. De grifformearde tsjerke fan Gau waard yn 1990 sletten en sûnt hie de gemeente noch ien tsjerkegebou. Fanôf 1 jannewaris 1994 foarmen de twa grifformearde tsjerken de grifformearde streekgemeente De Lege Geaën.

Op 24 augustus 2015 fusearren de grifformearden en herfoarmen fan De Lege Geaën. Sûnt dy tiid is de eardere grifformearde tsjerke fan Tersoal ien fan de tsjerkegebouwen fan de Protestantske Gemeente De Lege Geaën.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: