Himpolder
In Himpolder is in polder dy't net bemeald hoegd te wurden, mar syn wetter op natuerlike wize ôffierd. De himpolders yn Fryslân binne yn de 12e iuw en 13e iuw oanlein, by de súdrâne fan de eardere Marne en Middelsee lâns.
De Middelsee wie tichtslike en hie syn wetterôffierende funksje ferlern. Boppedat waard ek begûn mei de feanterij yn it suden fan Westergoa. Dêrtroch krigen de gebieten tusken de feangebieten en de eardere Middelsee in soad wetter te ferwurkjen dy't se min ôffiere koenen. Dêrom waarden dizze gebieten bedike om it wetter yn it suden te kearen, en ek as seewetterkearring mocht de seedyk fan súdlik Westergoa it wetter net keare kinne. De namme fan de súdlike en de eastlike dyk (tusken de himpolders en de feangebieten) is faak Himdyk en Griene Dyk; de kombinaasje fan al dizze bûtenste diken is dè Himdyk.
De Himpolders wetteren ôf nei it suden en westen troch in grut tal silen yn de diken, bygelyks de Pikesyl.
In pear Himpolders:
- Raerderhim (om Raerd)
- Skerhim (by Snits)
- Skerwâlderhim (om Abbegea en Easthim)
- Him om Abbegea en Heech
- Riperahim om Sânfurd
- Ymswâlderhim
- Arkumerhim
- Moarrehim
- Eksmoarsterhim
- Skraerderhim
Literatuer
bewurkje seksje- De wereld van het Friesche landschap - ûnder redaksje fan M. Schroor, útjûn troch Wolters Noordhoff 1993 ISBN 90-01-95519-3
- Binnendiken en Slieperdiken - K.A. Rienks en G.L. Walther, útjûn troch de Fryske Akademy yn 1954.