Sânfurd
Sânfurd (Nederlânsk: Sandfirden) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, bewesten Aldegea. Oant 2011 lei Sânfurd yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 16 ynwenners (2011) en is krektas Idzegea rjochte op it tichtby lizzende Aldegea. Oare plakken yn de omkriten binne Snits en De Gaastmar. Om Sânfurd hinne leit in mar, de Aldegeaster Brekken. Noard fan De Brekken leit it buorskip Sânfurder Ryp. Sânfurd leit op de noardlike ouwer fan De Hop.


De Stifting Sânfurd docht sûnt 1978 alle war om it tsjerkje fan it doarp te behâlden. Yn 1998 waard it ynterieur fan it tsjerkje hielendal fernijd.
Der is in mienskiplike Ferieniging fan Doarpsbelang foar Aldegea-Idzegea-Sânfurd.
Skiednis bewurkje seksje
It doarp moat al sûnt 1100 bewenne wêze. It wurdt neamd as Sandferde, Sandfoert of Zandvoerden. Sân wiist op in sânkop dêr't it doarp op stiet en furd ferwiist nei furde, in ûndjip waad yn it wetter. It foel ûnder it Sint Odulfuskleaster, yn de omkriten fan Starum.
Yn 1132 stie der al in houten tsjerkje dat yn de 14e iuw fan stien makke waaard en der oant 1732 stien hat.
Yn de 17e iuw stie der ek in skoalle, mar yn 1818 gienen de bern nei de skoalle yn Aldegea.
Yn de 19e iuw hiene de tsjerke en G.J.N. Burmania-Rengers hjir in soad lân.
Befolking bewurkje seksje
Strjitten bewurkje seksje
Nûmer.
Sjoch ek bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|