Jehannes de Doper

Jehannes de Doper wie in Kristlike profeet dy't om-ende-by 30 n.Kr. libbe en yn Judeä preke.

Skryn fan Jehannes de Doper yn de Omajjadenmoskee yn Damaskus.

Hy ferkundige it boadskip dat elkenien troch de doop ferlost wurde sil fan alle sûnden. Jehannes liede in tige sober bestean yn de woastyn. Hy klaaide him yn in kameelhierren mantel en fiede him mei sprinkhoannen en wylde huning. Op oarder fan Herodes Antipas, de Joadske kening soed er ûnthalze wurde. Tradisjoneel wurdt dat witen oan de kueren fan syn dochter Salomé.

Neffens it grutste part fan it iere kristendom wie Jehannes de paadslochter fan Jezus. Oaren, lykas de Mandeeërs seagen him lykwols as de lêste profeet.