Westergoa wie ien fan de sân seelannen, ien fan de trije dy't binnen de grinzen fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân leinen. Letter wie it ien fan de trije goaen, fan Fryslân. Yn 'e iere Midsiuwen hat Westergoa mooglik it politike sintrum foarme fan in Frysk keninkryk.

Westergoa yn it Frankyske ryk (iere midsiuwen)
Terminus, grinspeal tusken It Bilt en it âlde lân fan Westergoa

Oan de eastkant wie Westergoa begrinze troch de Middelsee mei oan de oare kant Eastergoa. Súdliker wie de grins oarspronklik mei Boarnegoa likernôch in line fan de Terhernster Mar nei it suden nei de kust, de eastgrins fan Doedingwerstal. Alle oare grinzen wienen de kusten.

Westergoa wie om 1200 hinne opdield yn Frjentsjer, Wildinge en Wymbrits. Frjentsjer en Wildinge hawwe mooglik it oarspronklike Westergoa west, dêr't Wymbrits by kaam doe't yn de rin fan de 12e iuw Sudergoa as ienheid ferdwûn.

Fan Frjentsjer waard de opspjalting yn de Fiif dielen al yn de 13e iuw sa wichtich dat de namme "Frjentsjer" foar it lân oan de ein fan dy iuw al net mear brûkt waard.

 
Flagge fan Westergoa

Om 1500 hinne wie it Bilt yn it noarden by Westergoa kaam, mar troch de oprjochting fan de Sânwâlden wie it Gaasterlân, Doanjewerstâl en Lemsterlân yn it suden kwytrekke. Fierders wienen út it gebiet fan Westergoa acht stêden opkaam. Harns en Frjentsjer wienen opkaam yn it gebiet fan de Fiifdielen. Boalsert wie opkaam oan de eastkant fan Wildinge, no Wûnseradiel, en de súdpunt wie Warkum en Hylpen wurden. De rest fan Wymbrits wie yn trije stêden en 6 parten útelkoar fallen. Starum, Snits en Drylts wienen selsstannige stêden wurden, mar de seis parten hienen ta einbeslút de twa gritenijen fan Wymbritseradiel en Himmelumer Aldefurd (en Noardwâlde) foarme.

 
Gritenijen yn Westergoa ein 17e iuw
De njoggen gritenijen fan Westergoa
1 Menameradiel
2 Frjentsjerteradiel
3 Barradiel
4 Baarderadiel
5 Hinnaarderadiel
6 Wûnseradiel
7 Wymbritseradiel
8 Himmelumer Aldefurd
9 It Bilt
Acht stêden:
Ha Harns
F Frjentsjer
B Boalsert
Sn Snits
Dr Drylts
W Warkum
Hy Hylpen
St Starum