Boarnegoa

Boarnegoa (nl: Bornego) wie de namme fan in Frankyske goa yn de midsiuwen. Boarne slagget op de rivier de Boarn, dat de noardgrins wie mei Eastergoa, de súdgrins wie de Tsjonger. Yn it westen grinze Bornegoa oan Sudergoa, dat yn de 13e iuw nei alle gedachten opgie yn Westergo. It kin ek wêze dat Boarnegoa ûntstien is út in diel fan Sudergoa.

De Fryske Seelannen om 1300 hinne; Bornego njonken Westergo

Om't Boarnegoa, doe't it opsplitse rekke, yn de 14e iuw ek útelkoar foel, wie der yn it suden fan Fryslân ferlet fan in nij ferbân. Dat waard begjin 15e iuw de Sânwâlden.