Bornego Kolleezje

It Bornego Kolleezje is in kristlike skoallemienskip, wêrfan de haadfêstiging op It Hearrenfean stiet. De skoalle hie yn 2018 sa'n 2000 learlingen. De namme is ôflaat fan it rivierke de Boarn.

De skoalle hat fjouwer fêstigingen: Junior, Bûgel, Lyseum en De Jouwer. Bornego Junior gie iepen mei yngong fan it skoaljier 2012/2013 as ferfanging fan de ferâldere lokaasje oan de Falkenawei. Dy lokaasje stiet efter it Bornego Lyseum oan de Dûmny Kingwei op It Hearrenfean.

It Bornego Kolleezje hie fan 1994 oant de simmer fan 2003 ek in fêstiging yn Wolvegea (foarhinne kristlike skoalle Wolvegea). Dy fêstiging foar fmbû en hafû 1 + 2 waard opheft doe't der te min learlingen wiene.

Plak Lokaasjenamme Learlingen Underwiis
It Hearrenfean Bornego Lyseum ± 650 Klasse 3 o/m 5 hafû en Klasse 3 o/m 6 twû
It Hearrenfean Bornego Bûgel ± 325 Boppebou tmbû
It Hearrenfean Bornego Junior ± 600 fmbû, hafû en twû (klasse 1 en 2)
De Jouwer Bornego De Jouwer ± 485 Hafû (klasse 1 en 2), twû (klasse 1, 2 en 3) en fmbû-TL

De skoalle ûntstie út in fúzje tusken it Nassau Kolleezje, de kristlike lts en de kristlike mavo. Op 1 augustus 1991 sette de nije skoalle offisjeel útein. De namme Bornego ferwiist nei de 14e iuwske krite Boarnegoa dy't foar in grut part oerienkomt mei it fersoargingsgebiet fan de skoalle.[1]

Op 1 jannewaris fusearren de skoalbestjoeren fan it Bornego Kolleezje, de Stûke op De Jouwer en de kristlike mavo fan Wolvegea ta in algemien bestjoer fan in feriening foar kristlik ûnderwiis.[2]

Yn 2012 kaam der in nij skoalgebou ree njonken it al besteande gebou oan de Ds. Kingwei.[3]

Sûnt skoaljier 2017/2018 is it TNBÛ gedielte fusearre mei it Fak Kolleezje fan Iepenbiere Skoallemienskip Sânwâlden om in nije fêstiging te iepenjen mei de namme Kei Kolleezje.

Yn 2022 fusearren it Bornego Kolleezje en de OSG Sevenwolden ta de "Underwiisgroep Mid-Fryslân".[4]

Yn jannewaris 2007 waard Derwent Christmas, dosint Nederlânsk op de lokaasje Ds. Kingwei, offisjeel beneamd as stedsdichter fan Ljouwert. Dêrneist hat hy de boeken Twee Tranen en Volmaakte Verdwijning skreaun. Foar dy earste wûn hy de Skaadpriis foar it bêste spannende debút fan 2008. Volmaakte Verdwijning waard nominearre foar de Gouden Strûp 2012. Boppedat is hy mei-oprjochter fa it literêre tydskrift Tzum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuwe Heerenveense school Bornego Ljouwerter Krante 14 desimber 1990, argyf op delpher.nl
  2. Besturen scholen Joure, Wolvega en Heerenveen samen Ljouwerter Krante 5 jannewaris 1993, argyf op delpher.nl
  3. Bornego College in Heerenveen voltooid www.architectuur.nl 27 septimber 2012
  4. 2022 wordt een bijzonder jaar www.bornego.nl 12 jannewaris 2022, argivearre op 1 febrewaris 2023