Hinnaarderadiel (Nederlânsk en offisjeel: Hennaarderadeel) is in eardere gemeente yn it noardwestlike part fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 in befolking fan 4.899 minsken,[1] en besloech in oerflak fan 58,75 km².[2] It gemeentehûs fan Hinnaarderadiel stie yn Wommels, dat ek fierwei it grutste plak wie.[1] Hinnaarderadiel wie in plattelânsgemeente dy't oarspronklik oan 'e Middelsee lei.[1] Yn 'e tweintichste iuw rekke in grut part fan 'e gemeente troch gebrek oan wurkgelegenheid sterk ûntfolke.[1] Yn 1984 waard Hinnaarderadiel opheft en mei de buorgemeente Baarderadiel gearfoege ta de nije gemeente Littenseradiel.[3]

Hinnaarderadiel

It eardere gemeentehûs fan Hinnaarderadiel, Wommels.
flagge wapen

Wapen fan Hinnaarderadiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Wommels
grutste plak Wommels
ynwennertal 4.899 (1981)[1]
befolkingstichtens 83,4 / km²
oerflak 58,75 km²[2]
tal doarpen 14
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Hinnaarderadiel
opheft 1984
opgien yn Littenseradiel
no part fan Súdwest-Fryslân
De Waadhoeke
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Hinnaarderadiel lei yn it noardwesten fan 'e provinsje Fryslân. It waard yn it noarden begrinzge troch Menameradiel, it Noardertrimdiel fan it âlde Frjentsjerteradiel en de gemeente Frjentsjer; yn it westen troch it Sudertrimdiel fan Frjentsjerteradiel en troch Wûnseradiel; yn it suden troch it âlde Wymbritseradiel; en yn it easten troch Baarderadiel.[1] Yn totaal hie Hinnaarderadiel in oerflak fan 58,75 km², dat benammen út greidlân bestie.[2]

 
It doarp Baaium, fan 'e Hatsumer kant ôf sjoen

It haadplak fan Hinnaarderadiel wie Wommels. De oare trettjin doarpen yn 'e gemeente wiene: Baaium, Easterein, Hidaard, Hinnaard, Iens, Itens, Kûbaard, Lytsewierrum, Rien, Reahûs, Spannum, Waaksens en Wjelsryp.[1] Rien en Reahûs krigen pas yn 1955 de status fan doarp en waarden foar dy tiid as útbuorrens beskôge.[2] Fierders makken ek ferskate buorskippen diel út fan 'e gemeente. Dêrby gie it om: De Bieren, Bonkwert, Greate Wierrum, De Grits, 't Heechhout, Hidaardersyl, Hoekens, De Kliuw, Littenserbuorren, Meilahuzen, Skrok, Slyp, Swarte Beien, Swyns, Trijehuzen, Tsjeppenbûr en De Westerein.[4]

De gemeente Hinnaarderadiel wie in fuortsetting fan 'e eardere Gritenij Hinnaarderadiel, dy't tebek giet oant de Lette Midsiuwen, doe't it ûntstien is út 'e Frjentsjerter Fiifdielen, yn 'e mande mei Baarderadiel, Barradiel, Frjentsjerteradiel en Menameradiel.[2] Hinnaarderadiel hearde ta it kertier Westergoa en wie yn 'e tiid fan 'e Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen de fyfde gritenij fan Westergoa yn 'e stimfolchoarder fan 'e Fryske Steaten. Yn 'e Midsiuwen waard Hinnaarderadiel sterk behearske troch de striid tsjin it wetter, mei't it doe oan 'e súdwestlike kust fan 'e Middelsee lei. Noch altyd trochsnijt de Slachtedyk it grûngebiet fan it âlde Hinnaarderadiel fan Kûbaard oant Easterwierrum. Dy makke foarhinne ûnderdiel út fan in hiele rige polderdiken, dy't oanlein waarden om 'e see stapke foar stapke werom te kringen. Omtrint it jier 1000 moat de krite om Easterein hinne ynpoldere wêze, en yn 'e iuwen dêrnei folge de hiele útein fan 'e Middelsee.

Hinnaard, no in ûnoansjenlik plakje dat amper in doarp neamd wurde kin, wie yn 'e Midsiuwen it bestjoerssintrum fan 'e gritenij.[1] Yn 'e Lette Midsiuwen waarden der ferskate aadlike states yn Hinnaarderadiel oanlein, lykas Sassingastate yn Hinnaard, Reenstrastate yn Rien, Doniastate en Bongastate yn Hidaard, Jorumastate yn Kûbaard, Doniastate yn Spannum, Rumedastate yn Wjelsryp, Ungastate yn Iens en Stapert, Walpert, Hottingastate en Jongemastate yn Wommels.[1] Under de partijskippen tusken de Skieringers en de Fetkeapers wie Hinnaarderadiel in bolwurk fan 'e Skieringers. Fan harren wiene fral de Donia's berucht, dy't ûnmeilydsum ôfweefden mei eltse fijân.[1]

 
De Boalserter Feart yn Wommels, mei rjochts yn 'e fierte Museum It Tsiispakhûs.

Under de Tachtichjierrige Oarloch hie Hinnaarderadiel yn 1586 slim te lijen fan 'e Spaanske fjildhear Francisco de Verdugo, dy't mei in leger al plonderjend troch de gritenij en de oanbuorjende dielen fan Westergoa triek.[1] Tsjin dy tiid wie Wommels al lange tiid it haadplak en hie it rivalisearjende Easterein datoangeande belies jaan moatten.[1] Yn 'e santjinde en de achttjinde iuw makke Hinnaarderadiel in freedsume perioade fan stadichoan tanimmende wolfeart troch. Wommels woeks dêrby út ta in sintrum fan 'e hannel yn bûter en tsiis,[1] sa't noch sjoen wurde kin oan it gebou fan it moderne Museum It Tsiispakhûs.

Hinnaarderadiel waard yn 1851, troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke, krekt as alle Fryske gritenijen, omfoarme ta in gemeente. Yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw ûntstie der troch de meganisaasje fan 'e lânbou in grut gebrek oan wurkgelegenheid yn it altyd agrarysk bleaune gebiet, mei as gefolch dat in oansjenlik diel fan 'e befolking syn heil earnewêr oars socht. Benammen de lytsere doarpen hiene dêr slim fan te lijen, mei't it foarsjenningspeil dêre navenant omleech gie.[1][2] Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw kearde it tij wat doe't de gemeente ûntsletten waard troch de N359 tusken Boksum en Boalsert.[1]

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Hinnaarderadiel fan boppenôf in fúzje mei de eastlike buorgemeente Baarderadiel oplein ta de nije gemeente Littenseradiel. Dêrby waard folslein foarbygien oan it feit dat Hinnaarderadiel tige konfesjoneel rjochte wie, wylst Baarderadiel in sterk liberale en sosjalistyske politike tradysje hie.[3] Op 1 jannewaris 2018, doe't Littenseradiel opheft waard, kaam it grutste part fan it âlde Hinnaarderadiel, mei de doarpen Easterein, Hidaard, Hinnaard, Iens, Itens, Kûbaard, Lytsewierrum, Rien, Reahûs, Waaksens en Wommels by de gemeente Súdwest-Fryslân, wylst Baaium, Spannum en Wjelsryp ûnderdiel waarden fan 'e nije gemeente De Waadhoeke.[5]

 
De 15-iuwske Tsjerke fan Spannum.
 
It klokhûs fan Hinnaard.

Hinnaarderadiel hie yn 1714 2.030 ynwenners;[2] yn 1850 3.461;[2] yn 1900 5.010;[2] yn 1950 5.030[2] en yn 1958 4.820.[6] Op 1 jannewaris 1981 hie Hinnaarderadiel in befolking fan 4.899 minsken.[1] Dy wiene sa oer de doarpen fan 'e gemeente ferdield:[1]

doarp ynwenners
Wommels 1.862
Easterein 929
Wjelsryp 501
Spannum 314
Kûbaard 272
Itens 197
Reahûs 157
Rien 143
Hidaard 118
Baaium 109
Waaksens 96
Lytsewierrum 88
Hinnaard 65
Iens 48

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 58,5% fan 'e befolking fan Hinnaarderadiel herfoarme, 22,5% grifformeard en 5,5% roomsk. Dy lêste groep wie fierhinne konsintrearre yn 'e roomske enklave Reahûs. Sa'n 10% fan 'e befolking bestie út ateïsten en agnosten.[1]

Polityk sjoen wiene fan âlds de kristen-demokratyske partijen tige sterk. Ek de Frysk-nasjonalistyske FNP hie al ier in soad oanhingers yn 'e gemeente. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 52,7% fan 'e stimmen; de PvdA 17,5%; de VVD 10,0%; de FNP 13,1%; en D66 2,5%.[7]

Yn 1971 hie fan 'e befolking fan Hinnaarderadiel 30,7% wurk yn 'e lânbou; 29,4% yn 'e yndustry; en 36,9% yn 'e tsjinstesektor. It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 9,2% en foar froulju 10,5%.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 34.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1209.
  3. 3,0 3,1 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1718.
  4. Kaart fan Littenseradiel, Wommels, sûnder jier (Gemeente Littenseradiel/Versloot Kartografy).
  5. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1716.
  6. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Hennaarderadeel.
  7. 7,0 7,1 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 35.

             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
  ·   ·