Plondering
Plondering of it plonderjen is it eigenmachtich, omraak en ûnrjochtlik yn besit nimmen fan replik guod en/of libbene have fan oaren, dy't troch de rjochtlike eigner(s) efterlitten binne, of dy't oan 'e rjochtlike eigner(s) troch gebrûk fan of driging mei geweld ôfhandich makke wurde. It is in foarm fan dieverij, en dêrmei in misdriuw, dat troch de dieders yn groepsferbân bedreaun wurdt. Yn 'e regel is der by plondering sprake fan in sitewaasje fan wetteleazens, wêrby't de normale rjochtssteat feitlik fersteld of ynstoart is, lykas by oarloch, in natoerramp of massale ûngeregeldheden.
Yn it ramt fan 'e oarlochfiering wie plondering iuwenlang in hiel gewoan ferskynsel, dêr't de soldaten ûnder beskate omstannichheden faak sels in formeel rjocht ta hiene (lykas by de ynname fan in fêstingstêd), as oanfolling op harren soldij. Yn dy tiid gie plondering ornaris gear mei moard en ferkrêfting, en yn 'e Aldheid ek mei it ta slaaf meitsjen fan 'e oerwûne befolking. Tsjintwurdich is plondering lykwols ferbean ûnder de ynternasjonale wetjouwing, en is it dêryn fêstlein as in oarlochsmisdie.
Plondering waard foar it earst ferbean yn 'e Ferklearring fan Brussel út 1874. Letter waard it ek ferbean yn 'e Haachske Konvinsjes fan 1899 en 1907, dy't yn 1954 op dit punt oanpast waarden ta de Haachske Konvinsje foar de Beskerming fan Kultureel Besit yn it Gefal fan in Wapene Konflikt. Under de kêsten fan dat ferdrach binne alle partijen yn oarloggen en oare wapene konflikten net inkeld ferplichte ta it foarkommen fan plondering en ferneatiging fan it besit fan 'e fijân, mar ek ta it bieden fan aktive beskerming oan sok fijannich besit. Ek de Fjirde Konvinsje fan Sjenêve, út 1949, ferbiedt plonderings, en yn kêst 8 fan it Statút fan it Ynternasjonaal Strafhôf, dat oannommen waard yn 1998, stiet fierders dat "it plonderjen fan in stêd of doarp of fan in oar plak, sels as dat mei geweld ferovere wurdt," in oarlochsmisdie is. Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch en de Joegoslavyske Oarloggen binne ferskate lju troch oarlochstribunalen ferfolge foar plonderings.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|