Frjentsjerteradiel (1984-2018)
Frjentsjerteradiel (Nederlânsk en offisjeel: Franekeradeel; Frjentsjertersk: Franekeradeel) wie in gemeente yn it noardwesten fan Fryslân mei in kustline oan 'e Waadsee. It haadplak wie de stêd Frjentsjer. Dizze Fryske gemeente hie op 30 april 2017 in befolking fan 20.180 minsken, en besloech in oerflak fan 109,17 km², wêrfan 6,4 km² oerflaktewetter. Frjentsjerteradiel ûntstie by de gemeentlike weryndieling fan 1984 út trije eardere gemeenten en gie op 1 jannewaris 2018 op yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke.
Frjentsjerteradiel | |
---|---|
De Foarstrjitte yn Frjentsjer. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Frjentsjerteradiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Frjentsjer |
grutste plak | Frjentsjer |
ynwennertal | 20.180 (2017) |
befolkingstichtens | 196,4 / km² |
oerflak | 109,17 km² |
● wêrfan lân | 102,73 km² |
● wêrfan wetter | 6,44 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 16 |
ferkearsieren | A31, N384, N393, Spoar Ljouwert-Harns |
skiednis | |
oprjochte | 1984 |
oant 1851 | Gritenij Barradiel Gemeente Frjentsjer Gritenij Frjentsjerteradiel |
1851 – 1984 | Gem. Barradiel Gem. Frjentsjer Gem. Frjentsjerteradiel |
opheft | 2018 |
opgien yn | De Waadhoeke |
no part fan | De Waadhoeke |
oar | |
netnûmer | 0517, 0518 |
postkoade | 8800–8856 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.franekeradeel.nl |
- Dizze side giet oer de gemeente Frjentsjerteradiel fan 1984 oant 2018. Foar de gemeente Frjentsjerteradiel fan 1851 oant 1984, sjoch: Frjentsjerteradiel (1851-1984).
Geografy
bewurkje seksjeFrjentsjerteradiel lei yn it noardwestlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. De gemeente hie yn it noarden en noardwesten in kustline oan it Waad. Fierders waard er yn it westen begrinzge troch de gemeente Harns, yn it súdwesten troch Súdwest-Fryslân (oant 2011 troch Wûnseradiel), yn it súdeasten troch Littenseradiel, yn it easten troch Menameradiel, en yn it noardeasten troch It Bilt. Yn totaal besloech de gemeente in oerflak fan 109,17 km², wêrfan't 102,73 km² út lân en 6,44 km² út oerflaktewetter bestie. Fan it lân bestie 89% út lânbougrûn en 0,4% út natoergebiet (ta ferliking: yn Fryslân as gehiel wie dat 78%, resp. 12%, en yn Nederlân as gehiel wie dat 68%, resp. 14%).[1]
Frjentsjerteradiel lei yn 'e Klaaistreek. It súdlike diel fan 'e gemeente hearde ta de Greidhoeke, wylst it noarden ûnderdiel útmakke fan 'e Bouhoeke. Justjes besuden de midden fan 'e gemeente lei de stêd Frjentsjer, rûchwei op 'e skieding fan greide en bou. Oan 'e Waadkust leine foar de seediken fan Frjentsjerteradiel oanslibbe kwelders en eardere lânoanwinningsprojekten dy't sûnt 2009 op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO stiene. De gemeente waard trochsnien troch ferskate savelige kwelderwâlen dy't oant 1 m boppe seenivo omheech kamen en faninoar skaat waarden troch leger leine gebieten fan swiere seeklaai. Dy lêste gebieten wiene oarspronklik faak sompen of marren dy't drûchlein wiene, lykas de Doanjumermar.[1]
Yn it part fan Frjentsjerteradiel dat ta de Bouhoeke hearde, waarden benammen jirpels ferboud, sawol konsumpje- as poatjirpels. Fierders wie der, benammen yn 'e omkriten fan Seisbierrum, ek in protte túnbou. Yn 'e Greidhoeke, yn it súdlike part fan 'e gemeente, waard benammen oan feehâlderij dien, yn 't foarste plak fan kij, mei it weidzjen fan skiep as in njonkenbedriuw dat in soad foarkaam. Feartenen en kanalen, dy't faak de bochtige fuortsettings fan âlde kwelderslinken wiene, spilen in wichtige rol by de ôfwettering fan Frjentsjerteradiel. Foarbylden dêrfan wiene de Seisbierrumer Feart en De Ryd. Troch de midden fan 'e gemeente rûnen ferskate wichtige ferkears- en ferfiersieren. Dat wiene it Van Harinxmakanaal (de ferbreding út 1951 fan wat oarspronklik de Harnzer Trekfeart wie), it spoar fan Ljouwert nei Harns (dat yn 1863 oanlein waard) en de autosnelwei A31 (dy't yn 1983 de âlde Ryksstrjitwei út 1842 ferfong).[1]
Plakken
bewurkje seksjeIt haadplak fan Frjentsjerteradiel wie Frjentsjer, dat ek de iennichste stêd yn 'e gemeente wie. Dêrnjonken leine der yn Frjentsjerteradiel 16 doarpen: Achlum, Boer, Doanjum, Easterbierrum, Furdgum, Hitsum, Hjerbeam, Kleaster-Lidlum, Peins, Pitersbierrum, Rie, Seisbierrum, Skalsum, Sweins, Tsjom en Tsjummearum. Fierders omfieme de gemeente ek noch de buorskippen: Barrum, De Beinten, Dearsum (Frjentsjerteradiel), Dykshoeke, Doaium, Erkens, Fâltum, De Flearen, It Fliet, Hearema, Holpryp, De Kampen, Keimpetille, Kie, Kystersyl, Koehoal, Koüm, De Krok, Laakwert, Lankum, Lytselollum, Miedum (Frjentsjerteradiel), Molswert, Roptasyl, Salvert, Sânhuzen, Sitlum, Sopsum, Swaarderbuorren, Tallum, Teatlum, Tolsum, Tritsum en It War.
Skiednis
bewurkje seksjeDe (nije) gemeente Frjentsjerteradiel ûntstie by de grutte gemeentlike weryndieling dy't yn 1984 yn Fryslân trochfierd waard. Dêrby waarden de gemeente Frjentsjer en de âlde gemeente Frjentsjerteradiel opheft en gearfoege mei it grutste diel fan 'e gemeente Barradiel. Om't de namme fan 'e nije gemeente itselde wie, waard it nije Frjentsjerteradiel faak as in fuortsetting sjoen fan it âlde Frjentsjerteradiel, dat de stêd Frjentsjer en Barradiel anneksearre hawwe soe. Yn wurklikheid hold it âlde Frjentsjerteradiel yn 1984 folslein op te bestean en koe de nije gemeente better sjoen wurde as in fuortsetting fan 'e gemeente Frjentsjer, dy't syn dominânsje oer de omlizzende plattelânsgebieten yn in bestjoerlike foarm wist te jitten.
Tsjin dizze gong fan saken wie yn Frjentsjer om foar de hân lizzende redens net in soad beswier. It âlde Frjentsjerteradiel hie op 't lêst minder as 4.000 ynwenners, wylst it gemeentehûs yn Frjentsjer fêstige wie, en sadwaande seach men dêr skaalfergrutting as in needsaaklik kwea, al wie men it net alhiel iens mei de wize fan skaalfergrutting dy't fan hegerhân oplein waard.[2] Yn Barradiel lykwols, dat in dúdlike eigen identiteit hie, ûntstie in fûleindige protestbeweging, dy't út alle macht besocht om 'e eigen bestjoerlike selsstannigens te behâlden, sa nedich troch in gearfoeging mei It Bilt.[3] It mocht lykwols allegear net bate, en úteinlik gie it grutste part fan Barradiel op yn it nije Frjentsjerteradiel, wylst it doarp Minnertsgea oan It Bilt tafoege waard en it doarp Winaam by Harns kaam.
Op 1 jannewaris 2018 waard der yn noardwestlik Fryslân in nije gemeentlike weryndieling trochfierd. Dêrby giene Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel en de doarpen Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp út noardlik Littenseradiel op yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke.
Demografy
bewurkje seksjeFrjentsjerteradiel hie sûnt syn ûntstean yn 1984 in ynwennertal dat om 'e 20.000 hinne skommele. Yn 2004 hie de gemeente 21.048 ynwenners, en yn 2014 wiene der 20.445 ynwenners. Op 30 april 2017 hie Frjentsjerteradiel in befolking fan 20.180 minsken. De befolkingstichtens bedroech doe 196,4 minsken de km². Op 1 jannewaris 2014 wiene de ynwenners fan 'e gemeente sa oer de ûnderskate plakken ferdield:[4]
plak | ynwenners |
---|---|
Frjentsjer | 12.781 |
Seisbierrum | 1.744 |
Tsjummearum | 1.414 |
Tsjom | 1.164 |
Achlum | 629 |
Easterbierrum | 561 |
Rie | 435 |
Doanjum | 326 |
Peins | 260 |
Hjerbeam | 253 |
Hitsum | 225 |
Pitersbierrum | 140 |
Skalsum | 134 |
Sweins | 116 |
Furdgum | 60 |
Boer | 48 |
Kleaster-Lidlum | 38 |
Polityk
bewurkje seksjeDe lêste (waarnimmend) boargemaster fan Frjentsjerteradiel wie sûnt 1 desimber 2015 Eduard van Zuijlen fan GrienLinks. De gemeenterie fan Frjentsjerteradiel bestie út 19 sitten. Hjirûnder de gearstalling fan 'e rie út 'e ferskillende politike partijen fan 1998 oant 2018:
Riedssitten | |||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
partij | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | 2014 | ||||||||||
GBF | 3 | 5 | 3 | 5 | 5 | ||||||||||
CDA | 6 | 5 | 5 | 4 | 4 | ||||||||||
FNP | 3 | 3 | 3 | 2 | 4 | ||||||||||
PvdA | 5 | 4 | 5 | 3 | 2 | ||||||||||
VVD | 2 | 1 | 1 | 2 | 1 | ||||||||||
D66 | 1 | 1 | |||||||||||||
GrienLinks | 1 | 1 | 1 | ||||||||||||
KristenUny | 1 | 1 | 1 | 1 | |||||||||||
Totaal | 19 | 19 | 19 | 19 | 19 |
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|