Seisbierrumer Feart
De Seisbierrumer Feart is in feart yn de gemeentes Harns en De Waadhoeke. De feart rint fan de Slachte troch de Riedpolder súd fan Seisbierrum nei it westen, bûcht besuden Seisbierrum en noardlik fan Winaam nei it súdwesten en rint west fan Mullum út yn it Van Harinxmakanaal. Noard fan Mullum rint Roptafeart as sydfeart fan de Seisbierrumer Feart nei Roptastate en de Dyksfeart by de Waadsee.
De fêste brêge oer de Seisbierrumer Feart yn de Haulewei ûnder Winaam wurdt Blynsetille neamd.