Haadmenu iepenje
Tsjom
Flagge fan Tsjom Wapen fan Tsjom
Flagge Wapen
Lokaasje fan Tsjom
Gemeente De Waadhoeke
Ynwennertal (2014) 1164
Webstee Webstek Tsjom
Tsjom (2009)

Tsjom is in Frysk terpdoarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 lei it yn 'e (nije) gemeente Frjentsjerteradiel, en foar de weryndieling fan 1984 wie it it grutste plak yn 'e âlde gemeente Frjentsjerteradiel. Tsjom leit sa'n 3 km besuden de stêd Frjentsjer, en stiet fan âlds benammen bekend om 'e heechste tsjerketoer fan Fryslân. It doarp hie yn 2014 1.164 ynwenners.

Ynhâld

GeografyBewurkje

FerbiningsBewurkje

Tsjom hat nei it suden fia de Wommelserwei ferbining mei Wommels, en nei it noarden fia de Frjentsjerter Wei mei Frjentsjer. De Nijbuorsterwei nei it easten jout ferbining mei Winsum. Tsjom leit east fan de De Tsjommer Feart dy't nei it noarden by Frjentsjer yn it Van Harinxmakanaal en yn it suden by Hemert yn de Harnzer Feart útkomt. De Aldmear foarmet nei it easten de ferbining mei de Frjentsjerter Feart.

BuorskippenBewurkje

Tsjom hat in grutte himrik, dêr't ferskate buorskippen yn lizze. Under oaren de buorskippen Fâltum, De Flearen, Holpryp, Koum, Laakwert, Tolsum en Tritsum wurde ek ta Tsjom rekkene.

GebouwenBewurkje

 
It âlde monumintale skoaltsje op de hoeke fan it Oostelijk Achterom
 
Sicht op de oerbliuwsels fan it molkfabryk

TsjerkeBewurkje

Tsjom hat in hege, en hieltiid noch grutte terp, mei in tsjerke, in Johannestsjerke, mei in opfallende toer. De toer, út 1548, is 72 meter heech, dêr't de spits 41 meter fan is, en is dêrmei de heechste doarpstoer yn Fryslân. Der binne al stêdstoeren dy't heger binne. Sa is bygelyks de toer fan 'e Bonifatiustsjerke yn Ljouwert, fan likernôch 1880, sels 85 meter heech.

De bynamme fan de Tsjommers, Lyntsjesnijers, hat ek mei de toer te krijen. Neffens it ferhaal soenen lju fan Aldeboarn besocht hawwe de toer fan Tsjom op te mjitten, mei it doel in noch hegere toer bouwe te kinnen en dêr mei te pronkjen. Fan de line dy't de lingte oanjoech sniene de Tsjommers lykwols in stik ôf, dat doe't Aldeboarn in toer boud hie dy't heger wie as de line lang wie, wie dy dochs lytser as dy fan Tsjom.

MûnenBewurkje

Tichtby Tsjom stean twa spinnekopmoles: Fatum en Teatlum.

MienskipBewurkje

Tsjom hat in eigen feriening foar Doarpsbelang. Doarpshûs De Moeting stiet oan de Nijbuorsterwei. Buertferienings binne Foar de Toer, De Knikkeraaars, Slotriclub, Smiwofa, Tusken Terp en Wetter en It Bildtlân. Basisskoalle fan it doarp is de Staetlânskoalle, 't Hummelhonk it pjutteboartersplak. It doarpskrantsje fan Tsjom hjit Op'e Hichte.

Mids septimber wurdt yn Tsjom it Fuel Power Event holden, it grutste barren op it mêd fan trekker- en frachtweinlûken yn Noard-Nederlân.

FerieningsBewurkje

  • Wake Up - gospel
  • Moeting - kaartspyljen
  • Nut en Genoegen - toaniel
  • Keu's Genôch / KOT / Krekt Rekke - biljerten
  • Animo - gymnastyk
  • Wês Wis - keatsen
  • HaBo - fitness, krêftsport en kondysje
  • Fuotbalferiening Tsjom
  • follybalferiening
  • iisklup
  • stichting MAST - duorsumens

Berne yn TsjomBewurkje

Untwikkeling ynwennertalBewurkje

StrjittenBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: