Teatlum, ek Dowehok neamd, is in poldermole en ryksmonumint út 1800 besuden it doarp Tsjom yn de gemeente Waadhoeke.

Teatlum
mûne / mole
De mûne yn 2015
De mûne yn 2015
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Tsjom
koördinaten 53° 8' N 35° 2.37' E
bysûnderheden
type mûne Spinnekop
funksje Poldermûne
oarspr. gebrûk Bemealllen fan polder Kramershoeke
flecht 11,26 m
boujier ± 1800
oare ynformaasje
eigner Stifting Monuminten Waadhoeke
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15877
Webside
Side fan de stifting
Kaart
Teatlum (Fryslân)
Teatlum

De spinnekopmole Teatlum bemealle eartiids de 'Kramershoeke', in partikuliere polder fan ûngefear 68 ha dy't ek wol 'Dowehok' of 'Dowedak' neamd waard.

 
De Dowehok mei stoarmskea yn 1973

Om 1960/1961 krige de mole in foarsjenning wêrmei't hy ek middels trekker-oandriuwing mealle koe. De mole ferlear by in stoarm op 2 april 1973 syn wjukkekrús en boppe-as. Teatlum, dy't eigendom is fan de Stifting Monuminten Waadhoeke, waard yn 1986 restaurearre. De mole is tsjintwurdich mealree yn sirkwy.

By Tsjom stiet noch in twadde spinnekopmole, Fâltum.

Keppeling om utens

bewurkje seksje