Fâltum (mole)
Fâltum (Nederlânsk: Fatum) is in nei de útbuorren Fâltum ferneamde poldermole en ryksmonumint súdeast fan Tsjom yn de gemeente Waadhoeke .
Fâltum (mole) | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn 2012 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Tsjom | |
koördinaten | 53° 8' N 5° 29' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | Spinnekop | |
funksje | Poldermûne | |
oarspr. gebrûk | Bemeallen fan de Fâltumerpolder | |
flecht | 11,46-11,60 meter | |
boujier | 1914 (ûnderhûs mooglik âlder) | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting Monuminten Waadhoeke | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15821 | |
Webside | ||
Side fan de stifting | ||
Kaart | ||
By Tsjom stiet noch in twadde spinnekopmole, Teatlum.
Stifting
bewurkje seksjeFâltum bemealle oant de ruilferkaveling in polder mei deselde namme. De fjouwerkante ûndertoer mei houten dielen fan dizze spinnekopmole is mooglik út de 18e iuw. Yn 1914 en 1915 waard de mole troch brân ferwoaste en wer opboud. Fan de brân binne ûnder yn de mûne noch spoaren te sjen.[1]
Oant in restauraasje oan de ein fan de jierren sechtich hie Fâltum in selsswichting. Yn 1989 is de mole op 'e nij restaurearre.
Yn 2022 is de skroef fan de mûne langer makke en de skroefbak ferfongen. De kosten fan de restauraasje bedroegen 80.000 euro. De skroef is no djipper, sadat de mûne wer by it lege grûnwetter kin en helpe kin by it bemeallen fan de polder.[2] [3]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|