Noard-Nederlân is in Nederlânske regio (ek wol lânsdiel neamd) dy't de noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte omfiemet. Dit gebiet foarmet in statistyske NUTS 1-regio, en sûnt 1992 wurkje de trije provinsjes gear yn it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (GNN).

De lizzing fan Noard-Nederlân yn Nederlân.

It GNN bewurkje seksje

It doel fan it GNN is om 'e ekonomyske posysje fan Noard-Nederlân fuort te sterkjen. Dêrta wurdt besocht om it romtlike en ekonomyske belied fan 'e trije provinsjes opinoar ôf te stimmen. Yn 2013 waard in nije koerts foar Noar-Nederlân fêststeld yn 'e nota Noordervisie2040. Dêrnjonken fiert it GNN út namme fan 'e trije provinsjes ûnderhannelings mei it nasjonaal regear yn De Haach en de Jeropeeske Uny yn Brussel. In wichtige advysrol wurdt dêrby ferfolle troch de stêden Grins, Ljouwert, Assen en Emmen.

As basis foar de beslútfoarming oer de ynset fan ynvestearrings fan it ryk op romtlik-ekonomysk mêd fungearret de saneamde Gebiedsagenda Noord-Nederland, dy't datearret út 2009. Der wurdt wurke oan in nije "gebietsaginda", dy't nei ferwachting yn 2014 noch fêststeld wurde sil. Binnen it GNN is sûnt 2010 in iepentlik skeel ûntstien tusken Fryslân en Grinslân oer de allokaasje fan beskikbere middels en de fêstiging fan oerheidstsjinsten, dy't rjochtsom of loftsom allegear yn Grins lykje te bedarjen.

Grutste gemeenten bewurkje seksje

Gemeente Ynwenners
(31 jannewaris 2023)
Provinsje
Grins 238.016   Grinslân
Ljouwert 127.064   Fryslân
Emmen 108.852   Drinte
Súdwest-Fryslân 90.873   Fryslân
Assen 69.426   Drinte
Westerkertier 64.984   Grinslân
Midden-Grinslân 61.573   Grinslân
Smellingerlân 56.173   Fryslân
Hoogeveen 56.437   Drinte
De Fryske Marren 51.993   Fryslân
It Hearrenfean 51.654   Fryslân
It Hegelân 48.255   Grinslân
De Waadhoeke 46.800   Fryslân
Iemsdelta 45.317   Grinslân
Noardeast-Fryslân 45.818   Fryslân
Aldamt 39.073   Grinslân
Coevorden 35.741   Drinte
Meppel 35.454   Drinte
Tynaarlo 34.603   Drinte
Midden-Drinte 34.011   Drinte

Boarne:CBS Statlline

Grutste plakken bewurkje seksje

De 10 grutste plakken yn Noard-Nederlân binne:

Plaatsnaam 2018 2019 2020 2021 2022 Provincie
1 Grins 190.560 191.342 203.105 202.900 203.955   Grinslân
2 Ljouwert 92.235 92.000 93.395 93.680 94.650   Fryslân
3 Assen 66.525 67.963 67.760 68.005 68.250   Drinte
4 Emmen 56.490 56.545 56.560 56.640 57.395   Drinte
5 Drachten 45.080 45.170 45.534 45.345 45.212   Fryslân
6 Hoogeveen 40.260 39.445 40.130 39.932 40.174   Drinte
7 Snits 33.960 33.379 33.781 33.855 34.157   Fryslân
8 It Hearrenfean 29.115 29.984 30.368 30.655 31.099   Fryslân
9 Meppel 29.335 29.328 29.758 30.063 30.444   Drinte
10 Hegesân 21.805 21.850 21.915 21.870 21.965   Grinslân

Boarne: CBS Statline

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe link, op dizze side.