Westerkertier (gemeente)
De gemeente Westerkertier is sûnt 1 jannewaris 2019 in gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie troch gearfoeging fan de eardere gemeenten Súdhorn, Gruttegast, Mearum en De Like. De gemeente komt foar it measte oerien mei it gea Westerkertier. Dêrnjonken is ek in diel fan de eardere gemeente Winsum by it Westerkertier foege, de rest fan dy gemeente waard yndield by de ek yn 2019 ûnstiene gemeente It Hegelân (Het Hogeland). It gemeentehûs fan de gemeente Westerkertier stiet yn Súdhorn. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 in ynwennertal fan 64.806 (boarne: CBS).
Westerkertier | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
boargemaster | Ard van der Tuuk |
sifers en geografy | |
haadplak | Súdhorn |
grutste plak | De Like |
ynwennertal | 64.806 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 177 / km² |
oerflak | 368,74 km² |
● wêrfan lân | 362,61 km² |
● wêrfan wetter | 6,13 km² |
tal doarpen | 41 |
ferkearsieren | A7 N355 Spoar fan Harns nei Nijeskâns |
skiednis | |
oprjochte | 2019 |
Oant 2019 | Súdhorn De Like Mearum, Gruttegast, Winsum (foar in part) |
oar | |
netnûmer | 0594 |
postkoade | 9350, 9351, 9363, 9800, 9801, 9860, 9861 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.westerkwartier.nl |
- Dizze side giet oer de hjoeddeistige gemeente. Foar it histoaryske gea, sjoch: Westerkertier.
Skiednis
bewurkje seksjeOant 1990 bestie de hjoeddeiske gemeente Westerkertier út de gemeentes Ezinge, Oldehove, Grypstsjerk, Súdhorn, Aduard, Oldekerk, Gruttegast, Mearum en De Like. Yn dat jier waarden de acht ferskate gemeentes oant fjouwer werombrocht: Súdhorn, Gruttegast en de doe al besteande gemeentes Mearum en De Like. De gemeente Ezinge waard doe gearfoege mei de gemeente Winsum.
Op 1 jannewaris 2019 ûnstie de hjoeddeiske gemeente Westerkertier.
Plakken
bewurkje seksjeDe gemeente bestiet út 41 doarpen, wêrfan't de fiif grutste plakken Súdhorn, De Like, Mearum, Tolbert en Gruttegast binne.
Plak | Ynwenners (2021)[1] |
---|---|
Aduard | 1.995 |
Boerakker | 800 |
Briltil | 490 |
Den Ham | 140 |
Den Horn | 710 |
Doezum | 1.195 |
Enumatil | 335 |
Ezinge | 675 |
Feerwerd | 520 |
Fisfliet | 280 |
Garnwerd | 340 |
De Grinzer Pein | 2.630 |
Grypskerk | 2.925 |
Gruttegast | 3.350 |
Jonkersfeart | 225 |
Koerherne | 495 |
Kommersyl | 505 |
Lauwerssyl | 195 |
Lettelbert | 150 |
De Like | 11.595 |
Lytsegast | 1.120 |
Lucaswolde | 195 |
Mearum | 5.995 |
Midwolde | 185 |
Niebert | 745 |
Niehove | 130 |
Nijesyl | 420 |
Nijtsjerk | 1.360 |
Noardhorn | 1.365 |
Noardwyk | 225 |
Nuis | 670 |
Oldehove | 1.690 |
Oldekerk | 1.540 |
Oostwold | 680 |
Pitersyl | 170 |
Saaksum | 90 |
Sebaldebuorren | 565 |
Súdhorn | 8.305 |
Tolbert | 4.475 |
De Wylp | 1.625 |
Zevenhuizen | 2.725 |
Polityk
bewurkje seksjeGemeenteried
bewurkje seksjePartij | Tal sitten | |
---|---|---|
2018 | 2022 | |
VZ Westerkertier (BBBûnsgenoat) | 6 | 10 |
KristenUny | 6 | 6 |
GrienLinks | 5 | 4 |
CDA | 5 | 3 |
PvdA | 4 | 3 |
Sterk Westerkwertier | 2 | 3 |
VVD | 3 | 2 |
D66 | 1 | 2 |
50PLUS | 1 | 0 |
Meiïnoar | 33 | 33 |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Grinslân | |
---|---|
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde | |
· · |