Koerherne
Koerherne[2] (Nederlânsk en offisjeel: Kornhorn) is in doarp mei 550 ynwenners (2008) yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân.
Koerherne Kornhorn | ||
Tsjerke oan de Provinsjalewei yn Kornhorn (2012) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 490 (2023) [1] | |
Oerflak | 0,49 km² dêrfan lân: 0,49 km² dêrfan wetter: 0 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9864 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Curringherveld (2012) | ||
Kaart | ||
It doarp Koerherne waard eartiids altyd ta Doezum rekkene. Yn 1596 waard it Curringehorne neamd. Earst yn 1930, 1 jannewaris, waard it doarp as selsstannich beskôge en hoechde it net langer as gat ûnder de jurisprudinsje fan Doezum te bestean.
Foarsjennings
bewurkje seksjeKoerherne stiet benammen bekend om syn moaie gea. De saneamde 'Heakiep' lûkt yn de fakânsje in soad folk. Fan it natoergebiet der omhinne wurdt in soad gebrûk makke. De skoalle, 'Maranatha', brûkt it gebiet sels as leslokaal. Dêr wurde lessen biology ôfnomd. Hjirtroch wurdt de skoalle ta ien fan de 'grienste skoallen' fan Nederlân rekkene.
Yndustry en niverheid
bewurkje seksjeKoerherne hat gjin yndustryterrein, mar der is wol in soad hannel. De bekendste ûndernimming is plomfeeslachterij Storteboom; it âlde famyljebedriuw slachtet hinnen.
By smidterij De Wit wurdt sûnt 1898 ark makke, it tún- en wegenbou-ark wurdt tradisjoneel smeid. It ark wurdt wrâldwiid ferkocht.
Kultuer
bewurkje seksjeYn Koerherne wurdt mear as ien taal sprutsen: Westerkertiersk, Frysk, Nederlânsk (de lêste letters fan tiidwurden faak ynslokt) of gewoan it Standertnederlânsk. Yn de wykeinen is doarpshûs it 'Hornhuus' iepen.
Yn de jierlikse feestwike is der yn Koerherne in Solexrace op sneon. Fierders is der yn dy wike it 'plysje wielergala', dêr't plysjekorpsen út ferskate lannen it op de reesfyts tsjin elkoar opnimme om de 'Kor Dijkstra-bokaal'. Ek de galajûn fan de oare deis lûkt altyd in soad folk. Der steane trije tsjerken yn it doarp.
Bekende (âld-)ynwenners Koerherne
bewurkje seksje- Jeroen Trommel (follyballer)
- Eije Wijkstra, 1895-1941 (moardner fan 4 fjildwachters)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|