Fisflieterdjip
It Fisflieterdjip (Nederlânsk en offisjeel: Visvlieterdiep, yndertiid Besheersdiep neamd) is in lyts kanaal yn de provinsje Grinslân. It wetter rint fan de Lauwers by it doarp Fisfliet del nei it Van Starkenborghkanaal. Tusken Fisfliet en it kanaal leit in spoarbrêge yn de line Ljouwert-Grins en de Sappentil fan de Westerhornerweg.
Krekt foar it spoar, foarby de Sappentil is yn 2005 troch Wetterskip Fryslân in sompich gebiet oanlein foar otters.
Namme
bewurkje seksjeDe namme Besheersdiep komt út in akte út 1543 dêr't yn stiet dat it ûnderhâld fan it djip besheer troch de bewenners fan de Ruigewaard en Lutjegast dien waard. It wurd "besheer" waard net goed begrepen en hja mienden dat it de namme fan it wetter wie, dat it "Diep Besheer"; letter waard dat "Besheersdiep". "Besheer" betsjutte lykwols "oant no ta" (ferlykje it Dútske bisher). De namme wurdt net folle mear brûkt, mar de polder oan de westkant fan it hjit noch de Besheerpolder. Yn de 20e iuw waard de namme Visvlieter Vaart brûkt en no de namme Visvlietderdiep.
-
Fisflieterdjip by Fisfliet by de mûning yn de Lauwers (rjochting noarden)
-
Fisflieterdjip by Fisfliet rjochting suden sjoen