Otters
De otters (Latynske namme: Lutrinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan de sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora) en de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae). Yn dizze ûnderfamylje binne alle trettjin ottersoarten feriene. Otters binne langhalige slanke bisten mei koarte poaten, dy't swimfluezzen tusken de teannen hawwe en suver mear thús binne yn it wetter as op it lân. Se komme foar op alle wrâlddielen útsein Austraalje en Antarktika.
Otters | ||
![]() | ||
De reuze-otter. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
tuskenskift: | poalrôfdieren (Arctoidea) | |
boppefamylje: | marterdieren (Musteloidea) | |
famylje: | martereftigen (Mustelidae) | |
ûnderfamylje: | otters (Lutrinae) | |
Bonaparte, 1838 |

In ferkearsboerd warskôget foar oerstekkende otters, yn 'e omkriten fan it Skotske Benbecula, op 'e Bûtenste Hebriden.
SoartenBewurkje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|