De rivierotter (wittenskiplike namme: Lontra canadensis), ek wol Noardamerikaanske otter of Noardamerikaanske rivierotter neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje fan 'e otters (Lutrinae) en it skaai fan 'e Amerikaanske otters (Lontra). Dit bist is lânseigen yn grutte dielen fan Noard-Amearika. De rivierotter is in semy-akwatyske karnivoar dy't benammen fisk en kreefteftigen fret. Sûnt de kolonisaasje fan Noard-Amearika troch de Jeropeänen hat er yn hege mjitte te lijen hân ûnder habitatferlies, dat fral feroarsake is troch oerbejaging, urbanisaasje en miljeufersmoarging. De rivierotter liket in protte op 'e gewoane otter, dy't ek yn Fryslân foarkomt, mar feitliks hearre de beide soarten ta ferskillende skaaien. De IUCN klassifisearret de rivierotter as net bedrige.

rivierotter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai Amerikaanske otters (Lontra)
soarte
Lontra canadensis
Schreber, 1777
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     hjoeddeistich ferspriedingsgebiet
     histoarysk ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

Oarspronklik kaam de rivierotter yn suver hiel Noard-Amearika foar, útsein inkeld it uterste Arktyske noarden fan Alaska en Kanada en it woastyngebiet fan it Amerikaanske Súdwesten, benammen yn Arizona en súdeastlik Kalifornje. Tsjintwurdich komt er lykwols net mear foar op 'e prêrjes fan Westlik Kanada. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten is er ôfwêzich of (tige) seldsum yn 'e steaten Arizona, Colorado, Indiana, Kansas, Kentucky, Nebraska, Nij-Meksiko en Utah. Datselde giet op foar de westlike helten fan Noard- en Súd-Dakota, de eastlike helten fan Montana en Wyoming, it suden fan Kalifornje, it westen en de midden fan Oklahoma en Teksas, it suden fan Ohio en de noardwestlike helte fan West-Firginia. Behalven yn Kanada en de Feriene Steaten kaam de rivierotter fan natuere ek foar yn in lyts diel fan noardeastlik Meksiko, yn it streamgebiet fan 'e Rio Grande, dêr't er no útstoarn is.

 
In rivierotter op it iis.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De rivierotter hat trochinoar in kop-romplingte fan 66–107 sm, mei in sturtlingte fan 30–50 sm. It gewicht bedraacht yn trochsneed 5–14 kg, mar kin yn ekstreme gefallen by mantsjes oprinne oant mear as 15 kg. Seksuële dimorfy is lykwols beheind: de mantsjes binne trochinoar mar 5% grutter as de wyfkes. De rivierotter hat in brede snút en in platte kop mei hiel lytse ûnopfallende earkes, dy't sa lyts binne sadat se sa min mooglik útstekke by it swimmen ûnderwetter. Ek de eagen binne frij lyts, wylst de snorhierren, dy't brûkt wurde om yn troebel wetter proaidieren te finen, krekt grut en prominint binne.

Rivierotters wike ôf fan (Jeropeeske) otters troch in langere hals, in smeller antlit, in koartere sturt en trochdat de earen op 'e kop tichter byinoar steane. De ljochtbrune oant swarte pels fan 'e rivierotter is koarthierrich mar ticht, mei likernôch 57.800 ûnderskate hierren de sm². Mei syn streamline uterlik, trêde eachlidden dy't ûnder wetter de eagen beskermje, en swimfluezzen tusken de teannen is de rivierotter treflik tarist foar in libben dat foar in grut diel yn it wetter trochbrocht wurdt. Hy beskikt fierders oer in earsten gehoar en in tigen rooksin, wylst benammen syn knaphandige foarpoaten hiel taastgefoelich binne.

Nettsjinsteande syn namme komt de rivierotter behalven yn rivieren ek foar yn hast alle oare swietwetterhabitats, wêrûnder marren, beken, moerassen en puollen. Dêropta libbet er ek yn brak en sâlt wetter, yn riviermûnings en by de kust lâns. Dit bist kin oer in grut ferskaat oan temperatueren en biotopen, salang't der mar in ûnútputlike foarrie fretten beskikber is en tagong ta in oerflaktewetter en swiet drinkwetter, want seewetter kinne se net drinke. Rivierotters binne lykwols tige gefoelich foar fersmoarging, en binne ien fan 'e earste soarten dy't ferdwine út fersmoarge gebieten.

 
Rivierotters hawwe tige lytse earen en grutte snorhierren, dêr't se yn troebel wetter proaien mei opspoare.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Rivierotters binne it jier rûn aktyf, it meast nachts en yn 'e skimer, hoewol't it net echte nachtdieren binne mei't se ek oerdeis wol op 'e lapen komme. Fral winterdeis binne se wat mear by ljochtskyndei yn 't spier. It binne beweeglike bisten, dy't suver mear thús binne yn it wetter as op it lân. Sadwaande binne se treflike swimmers, wêrby't se alle fjouwer poaten as peddels en de sturt as roer brûke. Yn tiden dat iepen wetters tichtferzen binne, meitsje rivierotters gauris gebrûk fan wjekken, of oars skuorre se ek wol beverdammen útinoar om ûnder it iis te kommen. Hoewol't se ek op it drûge net te ûnderskatten binne, makket har streamline, langwerpige lichemsfoarm dat se dêr in wat komyske wize fan fuortbewegen ûntwikkele hawwe. Yn it wetter kinne rivierotters mei in faasje fan 11 km/h swimme en krapoan 4 minuten ûnder bliuwe.

 
In rivierotterspoar yn 'e snie.

De rivierotter stiet derom bekend dat er graach boartsje mei. In bekend fenomeen is dat er him by 't winter faak mei de kop nei ûnderen by glydbanen yn 'e snie del glydzje lit. Yn oare jiertiden docht er dat út en troch ek wol by gerzige bedelten of drekkige wâlen del. Bypeddeljen mei de efterpoaten soarget der dan foar dat it glydzjen fierder giet op plakken dêr't de skeante of de glysterigens fan 'e ûndergrûn ûnfoldwaande binne om sûnder help troch te glydzjen. Ek krigerke is in populêr spultsje, wylst jongen troch gekjeien en wrakseljen wichtige feardichheden oanleare dêr't se skielk ferlet fan hawwe sille om te oerlibjen.

Rivierotters binne in stik sosjaler as de measte martereftigen. Se libje almeast yn famyljegroepen dy't yn essinsje besteane út in wyfke en har jongen, mar ek "helpers" omfiemje kinne, dat ornaris ûnbesibbe folwoeksen of healwoeksen bisten binne. Folwoeksen mantsjes foarmje aparte groepen, dy't soms út wol 17 eksimplaren bestean kinne. De rivierotter fertoant net in protte territoariumdriuw, mei't de wengebieten fan ferskate groepen inoar faak oerlaapje, al bliuwe de leden fan 'e groepen dan yn 'e regel wol byinoar út 'e buert. Underlinge kommunikaasje fynt plak troch it uterjen fan in ferskaat oan grânzjende, spinnende, nokkerjende en fluitsjende lûden, mar ek troch it ôfsetten fan geurflaggen fan urine, kjitte of soms fan muskus.

Krekt as oare ottersoarten lizze rivierotters in nêst oan yn in hoale dy't boud is troch oare bisten (boskmarmotten, reade foksen, Kanadeeske bevers, beverrotten of muskusrotten), of yn natuerlik foarkommende holten yn wâlen. Rivierotters binne polygaam, en ien mantsje kin dus mei ferskate wyfkes pearje. De peartiid rint yn 'e regel fan desimber oant april, wêrnei't in draachtiid fan 61–63 dagen folget.

 
In groep rivierotters dy't de fangst oan it beplúzjen is oan it wetteroerflak.

Om't rivierotters in ferlinge draachtiid kenne, wêrby't de ymplantaasje fan 'e befruchte aaisel 10–12 moannen opkeard wurdt, komme de jongen pas it oare jiers tusken febrewaris en april te wrâld. In smeet kin by rivierotters 5 jongen omfetsje, mar ornaris komme der mar 1–3 tagelyk te wrâld. De jongen hawwe by de berte al in pels en klauwen, mar binne blyn en beskikke noch net oer tosken. Mei 30–38 dagen geane de eachjes iepen, en mei 9–10 wiken krije se foar it earst fêst fretten. Mei likernôch 2 moanne swimme se foar it earst en mei 12 wiken wurde se ôfwûn. Uteinlik binne se nei 37–38 wiken selsstannich, al bliuwe se ek dan noch yn elts gefal oant de folgjende maityd by de mem. De mantsjes hawwe part noch diel oan it grutbringen fan 'e jongen. Foar't de mem it folgjende nêst te wrâld bringt, tsjogge de jongen fan it ferline jier ornaris de wide wrâld yn. De wyfkes binne mei 2 jier geslachtsryp, al bringe se yn útsûnderlike gefallen ek mei 1 jier soms al in nêst jongen te wrâld. Rivierotters wurde yn finzenskip trochinoar 21 jier âld, mei in rekôr fan 25 jier. Yn it wyld hâldt de libbensferwachting lykwols mei 8–9 jier op, al is ien dokumintearre gefal bekend fan in otter dy't yn it wyld 13 jier wurden is.

 
In swimmende rivierotter.

De rivierotter hellet syn fretten foar it meastepart út it wetter. Syn dieet bestiet fierhinne út fisk en kreefteftigen, mar as der oar gaadlik fretten beskikber is, sil er dat net lizze litte. Dêrby moat men tinke oan fruchten, lytse reptilen, amfibyen, fûgelpiken of lytse fûgels, akwatyske ynsekten, weakdieren en sels lytse sûchdieren. Rivierotters binne lykwols gjin iesiters, en dead guod sette se gjin bek op.

Natuerlike fijannen

bewurkje seksje

Natuerlike fijannen hat de rivierotter net in protte, salang't er mar yn it wetter bliuwt. Dêr kinne inkeld de Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis), de Amerikaanske krokkedil (Crocodylus acutus) en de orka (Orcinus orca) him lytsman meitsje, en de lêste beide fan dy trije dielt de rivierotter mar komselden in habitat mei. Op it drûge binne rivierotters út har elemint, en sadwaande folle kwetsberder foar oanfallen fan rôfdieren as de reade lynks (Lynx rufus), Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), poema (Puma concolor), grize wolf (Canis lupus), prêrjewolf (Canis latrans), Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), brune bear (Ursus arctos) en, yn it gefal fan jonge of bûtenwenstich lytse eksimplaren, de reade foks (Vulpes vulpes). Ek hûnen (Canis lupus domesticus) kinne gefaarlik wêze foar otters. De measte stjergefallen wurde lykwols opsetlik of ûnopsetlik troch de minske feroarsake, troch de pelsdierjacht, it yllegaal ôfsjitten fan eksimplaren, it bestrûpt reitsjen yn fisknetten en fral troch deariden te wurden yn it ferkear.

 
De pels fan in rivierotter.

De rivierotter hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje dêr stabyl liket te wêzen. Likegoed hat him, benammen yn 'e Feriene Steaten, in oansjenlik habitatferlies foardien sûnt de earste Jeropeänen yn 'e sechstjinde iuw Noard-Amearika berikten. De foarnaamste oarsaken dêrfan binne oerbejaging (foar pelzen), urbanisaasje en miljeufersmoarging. Op dat lêste mêd binne fral de eksploitaasje fan stienkoal, ierdgas en ierdoalje en de papieryndustry as skuldigen oan te wizen. Sûnt 1976 binne yn 'e Feriene Steaten mear as 4.000 rivierotters yn it wyld útset op plakken dêr't se net mear foarkamen.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 7 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan 'e rivierotter (Lontra canadensis):

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.