De reade lynks (Latynske namme: Lynx rufus), ek wol bekend ûnder de Ingelske namme bobcat, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e lynksen (Lynx), dat lânseigen is yn it grutste part fan 'e Feriene Steaten en Meksiko en yn dielen fan súdlik Kanada. It is in skou en selsrêdich rôfdier dat him lykwols relatyf maklik oanpast oan feroarjende omstannichheden en mei dêrom yn in grut ferskaat oan biotopen foarkomt. De reade lynks ûntjoech him likernôch 1,8 miljoen jier lyn en omfiemet trettjin erkende ûndersoarten. Dit bist dielt it noardlike part fan syn ferspriedingsgebiet mei de nau besibbe Kanadeeske lynks (Lynx canadensis). Reade lynksen spylje in rol yn sawol de mytology fan 'e lânseigen Yndiaanske folken fan Noard-Amearika as de folkloare fan 'e blanke kolonisten.

reade lynks
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai lynksen (Lynx)
soarte
Lynx rufus
Schreber, 1777
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It tinken is dat de reade lynks him likernôch 1,8 miljoen jier lyn ûntwikkele hat út in ûndersoarte fan 'e Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), dy't mooglik al 2,6 miljoen jier lyn fia de lânbrêge yn 'e Beringstrjitte yn Noard-Amearika arrivearre. De soarte berikte syn hjoeddeiske foarm likernôch 20.000 jier lyn. De nau besibbe Kanadeeske lynks (Lynx canadensis) komt fuort út in twadde migraasjeweach út Jeraazje. It noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet fan 'e reade lynks en it súdlike part fan it areaal fan 'e Kanadeeske lynks oerlaapje inoar. Yn dy krite komme soms natuerlike krusings foar; it bist dat út sa'n krusing fuortkomt, wurdt in blynks (fan it Ingelske blynx) neamd, in gearlûking fan bobcat en lynx.

Fersprieding

bewurkje seksje

It ferspriedingsgebiet fan 'e reade lynks omfiemet hast de hiele legere 48 Feriene Steaten, útsein de noardeastlike Atlantyske kust fan Massachusetts oant Firginia, en in grut gebiet dat it súdlike part fan 'e Grutte Marren en it súdeasten fan 'e Grutte Flakten beslacht. Yn Kanada komt de reade lynks foar yn it hiele suden fan it lân, yn in smelle râne by de Amerikaanske grins lâns. De útsûnderings dêrop binne Vancouvereilân, foar de Kanadeeske westkust, en it uterste suden fan Ontario. Yn Britsk-Kolumbia rikt it areaal fan 'e reade lynks yn 'e Rocky Mountains in stik fierder nei it noarden ta, en yn it easten hearre Kanadeeske Kustprovinsjes yn har folsleinens ta syn ferspiedingsgebiet. Reade lynksen komme ek yn it grutste part fan Meksiko foar, ynkl. it Kalifornyske Skiereilân. Inkeld de súdkust, it skiereilân Jûkatan en in diel fan 'e eastkust hearre net ta har areaal.

 
De efterpoaten fan 'e reade lynks binne justjes langer as de foarpoaten.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De reade lynks hat trochinoar in kop-romplingte fan 47½-125 sm, mei in sturtlingte fan 9-20 sm en in skouderhichte fan 50-60 sm. In folwoeksen mantsje weaget 6,4-18,3 kg; Wyfkes binne mei 4-15,3 kg in stik lichter. De grutste reade lynks dy't sekuer dokumintearre is, weage 22,2 kg, al binne der ûnbefêstige geroften oer eksimplaren fan wol 27 kg. De grutste reade lynksen hearre ta de gigas-ûndersoarte út Eastlik Kanada en it noarden fan Nij-Ingelân, wylst de lytsten (fan 'e ûndersoarte floridanus) te finen binne yn 'e súdlike Appalachen.

Reade lynksen binne spiersterke bisten mei efterpoaten dy't justjes langer binne as de foarpoaten. De sturt is koart en sjocht der hast wol út as is er kûpearre (Ingelsk: bobbed; dêrfandinne de namme bobcat). De kleur fan 'e pels rint nochal útinoar, fan oranjich (dêrfandinne de namme 'reade' lynks) oant griisbrún, mei swartige plakken op it liif en dûnkere streken oer de poaten. Dit bûnte patroan soarget foar kamûflaazje. De earen binne puntich, mei swarte úteinen en koarte swarte toefkes. De bealch, de hals, it kin en de binnenkant fan 'e poaten binne yn 'e regel ljochter fan kleur, brutsen wyt of krêmkleurich. Reade lynksen hawwe in skerp gehoar en in tigen gesichtsfermogen, mei dêropta in goede rooksin.

 
In ferliking fan 'e koppen fan 'e reade lynks (boppe) en de Kanadeeske lynks.

Oer it generaal binne reade lynksen lytser fan stal as Kanadeeske lynksen, mar de grutte fan 'e reade lynks is in stik fariabelder, mei as gefolch dat grutte reade lynksen grutter wêze kinne as Kanadeeske lynksen. It dúdlikst ferskille de beide soarten yn it oansjen fan 'e kop, mei't de kinkraach fan 'e Kanadeeske lynks folle grutter is, en de reade lynks boppedat amper toeften oan 'e earen hat.

De reade lynks is in bist dat him relatyf maklik oanpast. Hy jout de foarkar oan wâlden, en makket dêrby gjin ûnderskie tusken nullewâld, leafwâld of mingd wâld, mar oars as de oare trije lynksesoarten is er net folslein ôfhinklik fan wâldbiotopen. Sa komt er ek foar yn 'e sompen fan Floarida en de Mississippydelta, op it iepen greidlân fan 'e Dakota's en Alberta, yn 'e woastinen fan it Amerikaanske Súdwesten en noardlik Meksiko en yn it rûge berchlân fan 'e Rocky Mountains.

De fêstiging fan in populaasje reade lynksen hinget dêrby mear ôf fan 'e beskikberheid fan proaidieren as fan 'e terreinsgesteldheid. De oanwêzigens fan in minsklike befolking beheint de reade lynks likemin yn syn fersprieding; hy dûkt tsjintwurdich geregeldwei op yn tunen op it plattelân en oan 'e rânen fan grutstedske gebieten. Yn maart 2010 waard der in reade lynks oantroffen (en letter fongen) yn in parkeargaraazje yn it sintrum fan Houston. De noardgrins fan it areaal fan 'e reade lynks hat te krijen mei de djipte fan 'e snie by 't winter, mei't dit bist, oars as de Kanadeeske lynks, net oer djippe snie kin.

 
In reade lynks dy't yn 2010 omstrúnde yn 'e foartún fan in wente yn Los Angeles.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De reade lynks is foar it meastepart aktyf fan trije oeren foarôfgeande oan sinne-ûndergong oant de midsnacht en dan nochris fan it lemieren oant trije oeren nei de moarnsdage. Eltse nacht leit er sa'n 3-11 km ôf oer in fêste rûte. Winterdeis is er mear oerdeis yn 't spier, om't syn proaidieren dat dan ek binne. Reade lynksen binne treflike klimmers en se kinne ek goed swimme, mar dogge dat inkeld as it echt moat, om't se krekt as húskatten net graach wiet binne. Se libje foar it meastepart in solitêr bestean en hawwe territoaria dy't yn grutte útinoar rinne kinne fan 52 ha oant 325 km², ôfhinklik fan 'e terreinsgesteldheid en de beskikberheid fan proaien. De territoaria fan 'e wyfkes binne rûchwei heal sa grut as dy fan 'e mantsjes.

De peartiid falt by de reade lynks fan 'e ein fan 'e winter oant de iere maityd, ornaris yn febrewaris en maart. Yn dy perioade siket in dominant mantsje in wyfke op, dat er in skoft lang op 'e foet folget, sadat er ferskate kearen mei har pearje kin. It komt foar dat it wyfke letter noch mei ien of mear oare mantsjes pearet. De draachtiid duorret 60-70 dagen, wêrnei't it wyfke yn april of maaie in nêst fan 1-6, mar yn 'e regel 2-4 jongen smyt. Dêrfoar siket se ornaris in lyts omsletten plak út, lykas in grot of in holle beam. De jongen, dy't troch it wyfke grutbrocht wurde sûnder dat it mantsje dêrby belutsen is, wurde blyn berne, en de eachjes geane mei 9 of 10 dagen iepen. Mei fjouwer wiken begjinne se har om-en-by te ferkennen, en mei twa moannen wurde se ôfwûn. As se twa oant fiif moanne âld binne, begjinne se derop út te tsjen mei harren mem. Tsjin 'e hjerst kinne se foar harsels jeie, en yn 'e regel geane se koart dêrnei by de mem wei, hoewol't yn Michigan waarnommen is dat guon jongen oant de oare maityd by de mem bleaune.

 
De pelskleur fan reade lynksen kin frijwat ferskille.

Reade lynksen binne oan it begjin fan har twadde simmer geslachtryp, hoewol't wyfkes soms al yn har twadde maityd oan 'e fuortplanting dielnimme. Se libje oer it algemien 6-8 jier, hoewol't de âldste dokumintearre reade lynks yn it wyld 16 jier waard en reade lynksen yn finzenskip wol 32 jier wurde kinne. Folwoeksen reade lynksen hawwe net folle natuerlike fijannen as men de minske bûten beskôging lit. Se wurde soms deade troch poema's (Puma concolor), grize wolven (Canis lupus) en prêrjewolven (Canis latrans), mar dêrby liket it mear te gean om it útskeakeljen fan 'e konkurrinsje as om wiere predaasje. Der is teminsten ien gefal bekend fan in reade lynks dy't it opnaam tsjin in Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) om it besit fan in kadaver. Reade-lynksejongen wurde soms snipt troch de stienearn (Aquila chrysaetos). Oer it algemien hawwe reade lynksen lykwols folle mear te freezjen fan sykten, bejaging troch de minske en it ferkear.

De reade lynks kin in hiel hoart sûnder iten, mar as er in proaidier pakt hat, nimt er dan ek danich yn. De meast foarkommende proaien binne de Floaridaknyn (Sylvilagus floridanus), de Amerikaanske hazze (Lepus americanus) en oare knine- en hazzesoarten. Yn it Amerikaanske Suden foarmje ek katoenrotten in tige wichtich ûnderdiel fan it menu. Dêrby is de reade lynks in folle opportunistysker jager as de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), en fret er faak wat er krije kin. Dêrûnder binne lytse of jonge harten, mar ek oare karnivoaren, lykas de fiskmarter (Martes pennanti), de foks (Vulpes vulpes), de Amerikaanske nerts (Neovison vison), stjonkdieren, lytse hûnen, hûskatten en soms skiep en geiten.

 
In reade lynks dy't yn in tillefoanpeal klommen is.

De reade lynks hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen, nettsjinsteande it feit dat er op plakken troch de minske bejage wurdt by wize fan sport of foar syn pels. Yn 2004 waard rûsd dat der doe tusken de 700.000 en 1,5 miljoen reade lynksen yn 'e Feriene Steaten libben. Oer de stân fan saken oangeande dizze soarte yn súdlik Meksiko is lykwols net folle ynformaasje foarhâns, en yn 'e Amerikaanske steaten Ohio, Indiana en Nij-Jersey wurdt de reade lynks as in bedrige bistesoarte beskôge. Oant 1999 wie dat ek it gefal yn Illinois, en oant 2003 yn Iowa. Yn Pennsylvania wie de jacht op dit bist fan 1970 oant 1999 ferbean.

Yn 'e mytology fan lânseigen Yndiaanske folken wurdt de reade lynks gauris ferbûn mei de prêrjewolf yn in dualistyske relaasje. Dy beide bisten wurde assosjearre mei mist, resp. wyn, twa waarsferskynsels dy't yn 'e Yndiaanske kosmology tsjinstelden fertsjintwurdigje. Ek yn 'e folkloare fan 'e blanke kolonisten spilet de reade lynks in foaroansteande rol.

 
In reade lynks yn in eftertún yn North Bend, yn 'e steat Washington.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 13 (stân fan saken yn 2016) erkende ûndersoarten fan 'e reade lynks. Dy yndieling leit bleat oan krityk, mei't de ûnderlinge ferskillen minym binne en der net folle dúdlike geografyske skiedslinen oanjûn wurde kinne. De ûndersoarten binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.