De kateftigen (Latynske namme: Felidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e katdieren (Feliformia) en de boppefamylje fan 'e echte katdieren (Feloidea), dêr't û.o. de liuw, de tiger, it loaihoars, it jachtloaihoars, de jagûar, de poema, de lynks, de wylde kat en de húskat ta hearre.

Kateftigen
In liuw.
In liuw.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: katdieren (Feliformia)
boppefamylje: echte katdieren (Feloidea)
famylje: kateftigen (Felidae)
Linnaeus, 1758
In oselot.

De kateftigen, wêrfan't de earste sa'n 29 miljoen jier lyn libbe, wurde typearre troch it hawwen fan fiif teannen oan de foarpoaten en fjouwer oan 'e efterpoaten. Se hawwe allegear ynlûkbere neilen (útsein it jachtloaihoars), grutte hoektosken en in goed ûntwikkele gesichtsfermogen (sels yn it tsjuster), gehoar en lykwichtsorgaan. Se hawwe snorhierren dy't gefoelige taastorganen binne. Se kinne goed klimme (útsein it jachtloaihoars) en libje ornaris solitêr (útsein de liuw).

Kateftigen komme foar op alle wrâlddielen behalven Antarktika, al binne se yn Oseaanje en op Madagaskar as eksoat troch de minske yntrodusearre. De hjoeddeiske kateftigen kinne opdield wurde yn twa ûnderfamyljes, de grutte katten en de lytse katten. Behalven yn (relative) lichemsgrutte ûnderskiede dy har faninoar trochdat de lytse katten wol spinne mar net brulle kinne, wylst de grutte katten wol brulle mar net spinne kinne.

Famylje-opbou bewurkje seksje

De lytsskreaune nammen yn 'e ûndersteande tabel binne ûndersoarten.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.