De katdieren of katfoarmigen (Latynske namme: Feliformia) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora). Dit is mei de hûndieren (Caniformia) ien fan 'e beide subgroepen fan 'e rôfdieren. Ta de katdieren wurde net inkeld de kateftigen rekkene, mar ek de sivetkatten, hyena's, mangoesten en ferskate minder bekende groepen bisten. De ferdieling fan 'e rôfdieren yn 'e katdieren en de hûndieren is yn 'e mammalogy in rûnom akseptearre praktyk, al wurde de beide groepen soms gjin ûnderskiften, mar boppefamyljes neamd. De legere yndieling fan 'e katdieren is lykwols noch net alhiel útiten en is resint noch ferskate kearen oanpast.
De katdieren ûnderskiede har fan 'e hûndieren troch de foarm fan 'e bulla tympanica, in bolfoarmige romte dy't it middenear omfettet. By katdieren bestiet de bulla tympanica út twa keamers, wylst er by hûndieren mar út ien romte bestiet. Op basis fan dit evolúsjonêre gegeven is fêststeld dat de hyena's, dy't uterlik mear fan hûneftigen wei hawwe, eins nauwer besibbe binne oan 'e kateftigen. De soarten dy't ta de katdieren hearre, rinne yn grutte útinoar fan 'e dwerchmangoeste (Helogale parvula), dy't 28 sm lang is en 350 g weaget, oant de Sibearyske tiger (Panthera tigris altaica), mei in lingte fan 4 m (de sturt ynbegrepen) en in gewicht fan 280 kg. Fan 'e sân libbene famyljes binne fiif yn har fersprieding beheind ta Afrika en/of dielen fan Aazje. De kateftigen komme op alle wrâlddielen foar, útsein Antarktika en Oseaanje.
- ûnderskift katdieren (Feliformia)
|