Solitêr
Solitêr (fan it Frânske solitair) is in eigenskipswurd dat brûkt wurdt foar libbene wêzens dy't net yn it selskip fan soartgenoaten libje. It wurd komt úteinlik fan it Latynske solus, dat "allinne" betsjut. In protte bisten binne fan natuere solitêr en sykje soartgenoaten allinnich yn 'e peartiid op. In goed foarbyld fan in solitêr libjend bist is de kat, dy't fan natuere gjin soartgenoaten yn syn territoarium duldet (al kin er dêr wol oan wenne as it him troch syn minsklike eigner oplein wurdt). De hûn, oan 'e oare kant, is in keppeldier, dat fan natuere (as de wolf) yn ridels mei in stik as tsien soartgenoaten libbet.
Behalven bisten kinne ek planten solitêr wêze, al wurdt dy term ornaris beheind ta beammen, strewellen en oare opgeande begroeiïng. It kritearium is dat sokke planten net yn 'e neite fan soartgenoaten groeie. Sa sil in ikebeam dy't net yn in (ike)bosk stiet mar allinnich op 'e romte, in "solitêre iik" neamd wurde. Feitliks hawwe gruttere planten lykas beammen der profyt fan as se solitêr binne, mei't se har dan yn fol ornaat ûntjaan kinne, om't se net yn har ûntwikkeling beheind wurde troch planten fan gelikense grutte om har hinne. Solitêre beammen hawwe ek foar oare wêzens grutte wearde; sa tsjinje se bygelyks yn greidlân as skaad tsjin 'e sinne en skûlplak tsjin 'e rein foar it weidzjende fee.
Minsken wurde ek wol solitêr neamd, as se der de foarkar oan jouwe om allinnich te libjen. Dêrfoar hoecht men net needsaaklikerwize alle kontakt mei oare minsken ôf te wizen (sa't klúzners yn it ferline wol diene út religieuze omtinkens), want in âldere frijfeint wurdt ek al gau solitêr neamd. Njonken solitêre persoanen binne der ek solitêre aktiviteiten. Dat binne dingen dy't men allinne docht of ferkiest te dwaan, en wêrfan't eltsenien teminsten wol in pear hat. Minsken dy't de measte aktiviteiten it leafst allinnich ûndernimme, wurde ek wol yntrovert (nei binnen ta keard) neamd, wylst lju dy't sa min mooglik dingen mei oaren besykje te dwaan, oantsjut wurde as ekstravert (nei bûten ta keard).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |