Alberta
Alberta is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it súdwesten fan it lân, en heart ta de regio's fan 'e Kanadeeske Prêrjes en Westlik Kanada. De provinsje is wat oerflak oanbelanget ien fan 'e middenmoaters ûnder de Kanadeeske gewesten, mei 6,6% fan it nasjonaal grûngebiet. Alberta stiet bekend om syn natuerskientme, benammen wat it diel fan 'e provinsje oanbelanget dat yn 'e Rocky Mountains leit. It is ek de iennichste Kanadeeske provinsje mei in echte cowboy-kultuer, dêr't rodeo ien fan 'e populêrste sporten is. De haadstêd fan Alberta is Edmonton, mar de grutste stêd is Calgary. Neffens sifers fan 'e folkstelling fan 2011 hie Alberta doe rom 3,6 miljoen ynwenners, wat delkomt op 10,9% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
Alberta Alberta | |
---|---|
flagge | wapen |
Latyn: Fortis et liber ("Frij en sterk") | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | AB |
lân | Kanada |
status (jier) | provinsje (1905) |
haadstêd | Edmonton |
grutste stêd | Calgary |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 3.645.257 (2011) |
befolkingstichtens | 5,7 / km² |
oerflak | 661.848 km² (ynkl. wetter) 640.081 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -7 |
webside | www.alberta.ca |
Etymology
bewurkje seksjeDe provinsje is ferneamd nei prinsesse Louise Carolina Alberta (1848-1939), de fjirde dochter fan 'e Britske keninginne Fiktoaria. Hja wie troud mei John Campbell, hartoch fan Argyll en markys fan Lorne, dy't fan 1878 oant 1883 gûverneur-generaal fan Kanada wie. It plak Lake Louise, de Louisemar en de berch de Mount Alberta (allegear yn 'e provinsje Alberta) binne ek nei dizze prinsesse ferneamd.
Geografy
bewurkje seksjeAlberta hat in oerflak fan 661.848 km², wêrfan't 640.081 km² út lân bestiet en 19.531 km² út wetter. Dêrmei is it de op trije nei grutste Kanadeeske provinsje, nei Kebek, Ontario en Britsk-Kolumbia. De provinsje grinzget yn it westen oan Britsk-Kolumbia en yn it easten oan 'e provinsje Saskatchewan. Yn it noarden wurdt Alberta begrinzge troch de Noardwestlike Territoaria, wylst it oan 'e súdkant swet it oan 'e Feriene Steaten, om persiis te wêzen de steat Montana. Alberta is ien fan mar twa Kanadeeske gewesten (it oare is Saskatchewan), dat alhiel troch lân omsletten wurdt en gjin seekust hat.
Yn it súdeastlike diel fan Alberta, dat in prêrjelânskip hat, wennet fierwei it grutste part fan 'e befolking. Dêr lizze ek de measte gruttere stêden, lykas Calgary, dat it grutste befolkingssintrum fan Alberta is. It suden is teffens it iennichste diel fan 'e provinsje dêr't lânbou mooglik is. De haadstêd Edmonton leit justjes noardliker, hast persiis op it geografyske mulpunt fan 'e provinsje, dêr't it de poarte nei en in wichtich trochfierstasjon foar Noardlik Kanada foarmet. It noardlike part fan Alberta is fierhinne oerdutsen mei nullewâlden, wylst de westlike râne fan 'e provinsje dominearre wurdt troch de Rocky Mountains. Utsein it drûge súdwestlike part fan Alberta hat de provinsje wetter by 't folop, mei withoefolle rivieren en markes. Der binne trije gruttere marren, de Claire-mar, de Lytse Slavemar en de Atabaskamar, wêrfan't de lêste, op 'e grins mei Saskatchewan, fierwei de grutste is. It heechste punt fan 'e provinsje is de Mount Columbia, mei in hichte fan 3.747 m.
Skiednis
bewurkje seksjeFoar de komst fan 'e blanken waard it grûngebiet fan Alberta bewenne troch ferskate Yndiaanske folken, wêrûnder de Flakte-Kry (Plains Cree), Swartfuotten (Blackfeet), Sarsy (Sarcee) en Assiniboin (Assiniboine), dy't op 'e súdlike flakten fan 'e jacht op 'e Amerikaanske bizon libben, en de Wâld-Kry (Woods Cree), Tsjippewaien (Chipewyan) en Stony (Stoney), dy't yn it noardlike boskgebiet yn har ûnderhâld foarseagen troch te jeien, strikken te setten en te fiskjen.
Nei de oankomst fan 'e Jeropeänen yn it tsjintwurdige Kanada waard yn 1670, foar de lukrative pelshannel, de Hudsonbaaikompanjy oprjochte, dy't fan 'e Ingelske Kroan de folsleine sizzenskip krige oer it hiele gebiet dat ôfwettere yn 'e Hudsonbaai. Dêrta hearde ek de súdlike helte fan Alberta, dat sadwaande ûnderdiel kaam te foarmjen fan Rupertslân, sa't it domein fan 'e Hudsonbaaikompanjy hiet. De noardlike helte fan Alberta, dy't fia de rivieren de Slave en de Mackenzie ôfwetteret yn 'e Noardlike Iissee, hearde net ta Rupertslân. Yn 1731 krongen dêr de earste Frânsk-Kanadeeske pelskeaplju troch, dy't der harren eigen hannelsposten opsetten as ûnderdiel fan 'e yn Montreal fêstige Noardwestlike Kompanjy, in konkurrint fan 'e Hudsonbaaikompanjy.
Tydlingswei fûnen der wapene konfrontaasjes mei bloedige ôfrin plak tusken de wurknimmers en oanhingers fan 'e beide kompanjyen, oant it Britske regear harren yn 1821 twong om te fusearjen. De Noardwestlike Kompanjy gie doe yn 'e Hudsonbaaikompanjy op, en it domein fan 'e Noardwestlike Kompanjy kaam as it Noardwestlike Territoarium ûnder Britsk en letter (fan 1867 ôf) Kanadeesk bestjoer. Yn 1803 krigen de Feriene Steaten troch de Louisiana-oankeap, fan 'e Frânske koloanje Louisiana, in stripe fan wat no súdlik Saskatchewan en Alberta is, yn 'e hannen. Dat gebiet waard yn 1818 ruile mei Grut-Brittanje foar de súdlike punt Rupertslân, dy't dielen omfette fan wat no de Amerikaanske steaten Noard-Dakota en Minnesota binne. De rest fan Rupertslân waard úteinlik yn 1869 troch de Hudsonbaaikompanjy oan Kanada oerdroegen, en waard doe gearfoege mei it al besteande Noardwestlike Territoarium ta de nije Noardwestlike Territoaria.
Yn dyseldichste snuorje waarden de saneamde Nûmere Ferdraggen tekene mei de ûnderskate Yndiaanske folken yn it gebiet, mei as resultaat dat dy harren lân opjoegen yn ruil foar jierjilden en reservaten. Dêrby diene har geregeldwei skrinende ûngeregeldheden foar, wêrby't de mûnlinge ûnthjitten of sels de yn 'e ferdraggen fêstleine betingsten troch de blanken lang net altyd neikommen waarden. Dat late letter ta in langjierrige juridyske striid fan 'e Yndianen foar harren lânrjochten, dy't yn in protte gefallen noch altyd trochgiet of noch mar koartby beëinige is.
Nei't yn 'e iere 1880-er jierren de Canadian Pacific Railway troch it suden fan Saskatchewan oanlein wie, naam de kolonisaasje fan it gebiet foar it earst in grutte flecht. It lân waard opdield en fergees útparte oan lykfol hokker kolonist oft ek mar in stikje hawwe woe, sûnder dêrby rekken te hâlden mei de oarspronklike bewenners. Dêrûnder wiene de Métis, in heal-blanke, heal-Yndiaanske befolkingsgroep, dy't foar it meastepart Frânsktalich wie. Hja wiene earder al, by in selde soarte barren, fierhinne út it eastliker leine Manitoba ferdreaun, en hiene no har nocht. Yn 1885 briek ûnder harren de Noardwestlike Opstân út, wêrby't se oanfierd waarden troch de yn Kanada noch altyd kontroversjele figuer fan Louis Riel. De Flakte-Kry, Assiniboin en Flakte-Odjibwe fan 'e Izeren Konfederaasje, dy't troch it ynstoarten fan 'e pelshannel en de útrûging fan 'e bizon marzjinalisearre wie, sleaten har by de Métis oan. Troch harren nûmerike mearderheid, gruttere mobiliteit en bettere bewapening koene de Britten de rebûlje lykwols binnen in pear moannen delslaan. Riel, dy't himsels oerjûn hie, waard feroardiele foar heechferrie en op 16 novimber 1885 ophongen te Regina. Foar de Métis, de oare lânseigen groepen en de Frânsk-Kanadezen is er in held en ien fan harren grutste histoaryske lieders, wylst de Ingelsktalige Kanadezen him oer it algemien noch altyd as oproerling en ûnrêststokelder sjogge.
Underwilens wie yn 1882 as ûnderdiel fan 'e Noardwestlike Territoaria it distrikt Alberta stifte. Nei in lange kampanje fan 'e stadichoan úttynjende kolonistebefolking dêre, waard dat distrikt yn 1905 einlings útwreide ta syn tsjintwurdige grûngebiet en as in folweardige provinsje opnommen yn 'e Kanadeeske Konfederaasje. Yn 'e tweintichste iuw ûntjoech Alberta him ta ien fan 'e ekonomysk sterkste dielen fan Kanada, wylst de stêd Calgary oanwoeks ta de grutste stêd fan Westlik Kanada. Yn juny 2013 foel der yn Alberta safolle rein dat it súdlike part fan 'e provinsje der by rampsillige oerstreamings fierhinne ûnder strûpte. Yn in tolvetal gemeenten waard de needtastân útroppen en yn ferskate plakken moast de befolking alhiel evakuëarre wurde.
Bestjoer
bewurkje seksjeAlberta hat in provinsjaal parlemint mei 87 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). De provinsje wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Alberta yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 6 fan 105 sitten (5,7%), en yn it Legerhûs troch 28 fan 308 sitten (9,1%).
Ekonomy
bewurkje seksjeDe ekonomy fan Alberta is ien fan 'e sterksten fan Kanada, ûnderstipe troch de noch altyd oanwaaksende oaljeyndustry yn 'e provinsje, en yn mindere mjitte troch de lânbou- en technologysektors en it toerisme. It bruto pronvinsjaal produkt wie yn 2007 mei K$74.825 61% heger as it nasjonaal gemiddelde.
Alberta is de grutste produsint fan ierdoalje en ierdgas yn Kanada. Op it mêd fan 'e lânbou is fral de fetweiderij fan belang; yn Alberta wurde mear as 3 miljoen stiks kij holden, en it grutste part fan it Kanadeeske kowefleis is út 'e provinsje ôfkomstich. Behalven kij wurde der ek healwylde bizons holden foar it fleis, en ek dêrfan is Alberta ien fan 'e topprodusinten. As lânbougewaaksen binne fral weet en koalsied fan belang. Wat it hâlden fan bijen foar hunich en waaks oanbelanget, is Alberta ek wer de liedende provinsje yn Kanada. Yn it noarden fan Alberta binne fral mynbou en boskbou wichtich, mei de papieryndustry as grutste ôfnimmer fan dy lêste sektor.
Sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw hat Alberta him fierders ûntjûn ta ien fan 'e belangrykste toeristyske bestimmings fan Kanada. Yn dat ferbân moat fral it stedsje Banff neamd wurde, dêr't de lju simmerdeis komme foar de natuerskientme en om te kuierjen, mountainbiken en berchbeklimmen, en by 't winter om te skyen. In oare grutte publykslûker is de Calgary Stampede, in westernfestival yn Calgary, dat ferneamd is om syn rodeo, en dêr't elts jier 1,2 miljoen besikers op ôf komme.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Alberta doe 3.645.257 ynwenners, wat 10,8% mear is as yn 2006. De befolkingstichtens wie yn 2011 5,7 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2006 (dy't basearre binne op selsidentifikaasje, wêrby't men mear as ien etnisiteit oanfinke koe) bestiet de befolking foar in grut diel út lju fan Noardjeropeesk en Eastjeropeesk komôf, mar Alberta hat in folle grutter etnysk ferskaat as de oare Kanadeeske Prêrjeprovinsjes. De grutste etnyske groep wiene de Ingelsen (27,2%), folge troch de Dútsers (20,9%), de Skotten (20,3%), de Ieren (16,6%), de Frânsen (11,9%), de Oekraïners (10,2%), de Nederlanners (5,3%), de Poalen (5,2%) en de Noaren (4,4%). De Skotten hawwe in bûtenproporsjonele ynfloed op 'e plaknammen yn Alberta útoefene; nammen as Calgary, Airdrie, Canmore en Banff binne allegear fan Skotske oarsprong.
De grutste net-Westerske minderheid waard yn 2006 foarme troch de Sinezen, mei 4,2% fan 'e Albertaanske befolking, folge troch de Ynjers mei 2,1%. De earste Sinezen kamen yn 'e 1880-er jierren yn Alberta telâne, doe't se as arbeiders ynset waarden by de oanlis fan it spoar fan 'e Canadian Pacific Railway. Mei-inoar foarmje alle net-Westerske minderheden yn Alberta 13,9% fan 'e befolking, wat de provinsje op dat mêd it trêde plak yn Kanada tapartet, nei Ontario en Britsk-Kolumbia.
De hjoeddeiske Frânsktalige minderheid, de Franko-Albertanen, foarmje mei in oantal fan goed 226.000 sa'n 6,1% fan 'e befolking. Hja binne fral konsintrearre yn 'e midden en it noardwestlike part fan 'e provinsje. Alle lânseigen Yndiaanske folken en de Métis mei-inoar wiene yn 2006 goed foar 5,2% fan 'e befolking. Dy befolkingsgroepen hawwe in heger bertesifer as it Albertaanske gemiddelde, en winne dus net inkeld yn abslute sifers oan, mar ek relatyf foar de oare ynwenners fan 'e provinsje oer.
Godstsjinst
bewurkje seksjeOp it mêd fan godstsjinst bestie neffens sifers út 2001 70,1% fan 'e befolking Alberta út kristenen, wêrfan 42,1% protestanten, 25,7% roomsen, 1,3% eastersk-otterdoksen en 1,0% eastersk-katoliken. De grutste protestantske denominaasjes wiene de feriene protestantske United Church of Canada (13,5%), anglikanen (5,9%), lutheranen (4,8%), baptisten (2,5%), mormoanen (1,7%), pinksterkristenen (1,4%), minnisten (1,2%) en presbyterianen (1,0%). Ateïsten en agnosten foarmen 23,1% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: de islaam (1,7%); it boedisme (1,1%); it sikhisme (0,8%); it hindoeïsme (0,5%); it joadendom (0,4%); en it Westersk heidendom (0,1%). De oanhingers fan 'e lânseigen religyen fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken foarmen mei-inoar 0,2% fan 'e befolking. De Al-Rashidmoskee fan Edmonton is de âldste moskee fan Kanada.
Taal
bewurkje seksjeIt Ingelsk is de offisjele taal fan Alberta, dy't as sadanich by wet fêstlein is. It is ek de memmetaal fan in grutte mearderheid fan 'e Albertaanske befolking, 80,0%. Nei it Ingelsk folgje it Frânsk (6,1%), it Sineesk (3,0%) en it Dútsk (2,6%) as de twadde, trêde en fjirde taal fan 'e provinsje. Oare talen dy't yn Alberta sprutsen wurde, binne it Pûndjaabsk (1,1%) en (yn folchoarder fan ôfnimmende sprekkersoantallen) it Filipynsk, Oekraynsk, Spaansk, Poalsk, Arabysk, Nederlânsk, Fjetnameesk, Italjaansk, Oerdû, Koreaansk, Hindy, Perzysk, Portegeesk en Hongaarsk, allegear sprutsen troch minder as 1% fan 'e befolking. De grutste lânseigen taal wie it Kry (Cree), mei goed 17.000 sprekkers (0,5%).
Klimaat
bewurkje seksjeYn súdlik en sintraal Alberta hearsket in drûch lânklimaat mei waarme simmers (mei temperatueren fan soms wol 40 °C) en strange winters (wêrby't it kwik soms sakje kin oant –46 °C). It klimaat fan 'e provinsje wurdt yn hege mjitte beynfloede troch de Rocky Mountains, yn it westen, fral wat delslachhoemannichten oanbelanget, mei't de bergen oan harren eastkant in grut reinskaad smite, dêr't it folle drûger is as oan 'e westkant, yn Britsk-Kolumbia. It noardlike part fan Alberta hat in toendraklimaat, mei koarte koele simmers en tige strange winters dy't it grutste part fan it jier yn beslach nimme. It westen fan 'e provinsje leit yn 'e smoute fan 'e bergen, sadat it beskerme wurdt tsjin 'e kâlde poallucht dy't yn 'e rest fan Alberta winterdeis sokke lege temperatueren feroarsaket. Yn it súdwesten wurdt de winter fierders gauris ûnderbrutsen troch de waarme, drûge chinook, in wyn dy't delblaast út 'e bergen en yn hiele koarte tiid ûnbidige temperatuerferskillen feroarsaakje kin. By Pincher Creek is sa de temperatuer yn ien oere ris omheechgien fan –19 °C oant 22 °C.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|