Edmonton
Edmonton is de haadstêd fan de Kanadeeske provinsje Alberta. It is de fiifde stêd fan Kanada, nei Toronto, Montréal, Vancouver en Calgary. Yn 2005 hie Edmonton in ynwennertal fan 712.931 en yn de stedsomkriten, de saneamde “Edmonton Metropolitan Area”, wennen doe 1.016.000 minsken. De ynwenners fan Edmonton wurde Edmontonians neamd. Yn 2004 fierde Edmonton har hûndertjierrich bestean.
Edmonton Industry, Integrity, Progress | ||
Fan boppe lofts ôf: Sintrum Edmonton, Fort Edmonton Park, Legislative building, Law Courts, Rexall-plein, High Level Bridge, Muttart-kassen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Alberta | |
Regio | Haadsteedlik Gebiet Edmonton | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 730.372 (2006) | |
Oerflak | 684,37 km² | |
Befolkingsticht. | 1067,2/ km² | |
Stêdekloft | 1.034.945 109,9/km2 | |
Hichte | 668 m | |
Oar | ||
Stifting | 1795 Town 9 jannewaris 1892 City 8 oktober 1904 | |
Tiidsône | MST (UTC−7) | |
Simmertiid | MDT (UTC−6) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
offisjele webside |
De stêd beslacht leafst 684 kante kilometer; Edmonton is grutter kwa oerflak as bygelyks Chicago of Toronto. Edmonton is dêrmei ek ien fan meast tinbefolke grutte stêden fan Noard-Amearika, mei in protte grutte parken en ûnbeboud terrein. De yndustry yn en om de stêd is grûnfeste op de gas- en oaljemerk en de diamantminen yn de Noardwest Territories.
Edmonton hat it grutste oerdekte winkelsintrum fan Noard-Amearika, de West Edmonton Mall, en it grutste histoaryske park fan Kanada, Fort Edmonton Park. Fierders hat de stêd har eigen universiteit, de “Universiteit fan Alberta”, en is sy ferneamd as de “festivalstêd” troch it grutte tal kulturele aktiviteiten dy't dêr organisearre wurde.
Geografy
bewurkje seksjeEdmonton leit benei mids de provinsje Alberta. De rivier Noard-Saskatchewan rint troch de stêd en streamt hielendal troch oant de Hudsonbaai. De rivier hat yn de stêd is soad kreken en kleauen rûnom, mar dy gebieten binne wol beboud en by de stêd lutsen.
Ofstannen nei oare stêden:
- Calgary: 299 kilometer
- Fort McMurray: 443 kilometer
- Saskatoon: 525 kilometer
- Vancouver: 1157 kilometer
Partnerstêden
bewurkje seksjeBerne yn Edmonton
bewurkje seksje- Michael J. Fox (1961), akteur
- Crystle Lightning (1981), aktrise en rapster
- Tamandani Nsaliwa (1982), fuotballer
- Mike Robertson (1985), snowboarder
- Nicole Garrido (1988), langebaanreedrydster