Vancouver (útspr.: [væŋ'ku:vəɹ], likernôch "weng-kûû-wur") is de grutste stêd (mar net de haadstêd) fan Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. It leit yn it súdwesten fan Kanada, op it Legere Fêstelân oan 'e kust fan 'e Strjitte fan Georgia, dy't ta de Stille Oseaan heart. Vancouver is ferneamd nei de Ingelske ûntdekkingsreizger George Vancouver. De stêd moat net betize wurde mei Vancouver (Washington), in stêd yn 'e Feriene Steaten mei deselde namme.

Vanvouver
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Kanada
Provinsje Britsk-Kolumbia
Regio Legere Fêstelân
Reg. distrikt Metro Vancouver
Sifers
Ynwennertal 603.502 (2011)
Oerflak 115,0 km²
Befolkingsticht. 5.249 / km²
Stêdekloft 2.313.328 (2011)
Hichte 0-152 m
Oar
Stifting 1867
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 49°15′40″N 123°06′50″W
Offisjele webside
vancouver.ca
Kaart
Vancouver (Britsk-Kolumbia)
Vancouver
Lizzing yn Britsk-Kolumbia.
Dizze side giet oer de Kanadeeske stêd Vancouver. Foar oare betsjuttings, sjoch: Vancouver (betsjuttingsside).

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Vancouver doe goed 600.000 ynwenners. Dêrmei is it de op sân nei grutste stêd fan Kanada en de grutste stêd yn 'e regio Westlik Kanada. As alle foarstêden meiteld wurde, hat Vancouver as stêdekloft in befolking fan 2,3 miljoen minsken, wêrmei't it yn Kanada allinnich de stêdekoften fan Toronto en Montreal foargean hoecht te litten. Vancouver stiet yn it bûtenlân benammen bekend om 'e Olympyske Winterspullen dy't der yn 2010 holden waarden. Dêropta is it ien fan 'e grutste havenstêden oan 'e westkust fan Noard-Amearika en teffens it sintrum fan 'e Kanadeeske filmyndustry.

Vancouver leit yn it uterste súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, op it Legere Fêstelân, deunby de grins mei de Feriene Steaten. De stêd is sitewearre op it Burrard-skiereilân, dat oan 'e noardkant begrinzge wurdt troch de Burrard-ynham, en oan 'e súdkant troch de rivier de Fraser. Oan 'e westkant stiet de Strjitte fan Georgia yn ferbining mei de iepen Stille Oseaan, dêr't it fan skaat wurdt troch it grutte Vancouvereilân. It is in wiidferspraat misferstân dat de stêd Vancouver op dat eilân leit; stêd en eilân hawwe neat mei-inoar te krijen, behalven dat se yn deselde krite lizze en nei deselde man ferneamd binne.

 
De lizzing fan Vancouver yn 'e stêdekloft Vancouver en yn 'e provinsje Britsk-Kolumbia (grien).

Vancouver hat in oerflak fan sa'n 115 km² en leit yn 'e Pasifyske Tiidsône (UTC –8). De stêd hat ien fan 'e grutste parken fan Noard-Amearika, Stanley Park, dat krapoan 405 ha beslacht. Fanôf see wurdt de skyline dominearre troch it North Shore-berchtme, dat yn noardlike rjochting leit, efter de foarstêden West Vancouver, North Vancouver (stêd) en North Vancouver (distriktgemeente). Op heldere dagen kin men fierders yn 'e fierte de mei snie bekape fulkaan de Mount Baker lizzen sjen, súdeastlik fan Vancouver, yn 'e Amerikaanske steat Washington. Ek Vancouvereilân, nei it westen ta, is faak fanút Vancouver waar te nimmen, krekt as it eilân Bowen, yn it noardwesten.

Argeologyske fynsten bewize dat de streek fan Vancouver al 8.000 oant 10.000 jier troch de minske bewenne wurdt. De krite is sûnt minskewitten it wengebiet fan trije Kust-Salisj-sprekkende etnyske groepen, de Skwammisj (Squamish), de Muskwiim (Musqueam) en de Tsleil-Wautût (Tsleil-Waututh).

Hoewol't sir Francis Drake it gebiet mooglik yn 1579 al oandie, wie it earste dokumintearre besyk fan in Jeropeaan oan 'e krite fan Vancouver dat fan 'e Spaanske ûntdekkingsreizger José María Narváez, dy't yn 1791 de kust fan 'e Burrard-ynham ferkende. It jiers dêrop waard it gebiet yngeander yn kaart brocht troch de Britske ûntdekkingsreizger George Vancouver, ûnder dy syn ekspedysje fan 1791-1795. Letter soe nei him de stêd ferneamd wurde dy't op dit plak ûntstie. De earste Jeropeaan dy't it gebiet oer lân berikte, wie Simon Fraser, in ûntdekkingsreizger en keapman foar de Noardwestlike Kompanjy, dy't yn 1808 de nei him ferneamde rivier de Fraser streamôf folge oan 'e mûning oan 'e súdkant fan it hjoeddeistige Vancouver ta.

De krite fan Vancouver bleau in gebiet dat fierhinne troch Yndianen befolke waard, oant yn 1858 de Goudkoarts fan de Fraser mear as 25.000 blanke goudsikers dêrhinne lokke. Dat wiene meast lju út Kalifornje, dy't tsien jier earder dielnommen hiene oan 'e bekendere Kalifornyske Goudkoarts. De goudsikers moasten yn 'e Fraser Canyon wêze, en lieten sadwaande it plak dêr't letter Vancouver ûntstean soe, links lizze. Fjouwer jier letter, lykwols, yn 1862, setten de earste blanken har dêre nei wenjen op in boerespultsje dat McLeery's Farm hiet, oan 'e igge fan 'e rivier de Fraser. In jier letter waard yn wat no de stêd North Vancouver is, ek in houtseagerij fêstige, mar fanwegen de drege berikberheid fan dat plak oer it wetter, waard dy yn 1867 ferpleatst nei wat no de ûnderein fan Dunlevy Street is. Dêr ûntjoegen de houtseagerij en de kroech dy't der itselde jiers njonken boud waard, har neitiid ta de kearn fan in nije delsetting.

 
De earste gearkomste fan 'e gemeente-ried fan Vancouver nei de brân fan 1886.

Yn 1870 waard it plakje besocht troch lânmjitters dy't yn opdracht fan it Britske koloniale regear tariedings makken foar de fêstiging fan in gruttere delsetting. De oarspronklike namme, Gastown, waar feroare yn Granville, ta eare fan 'e doetiidske Britske minister fan Koloanjes, Granville Leveson-Gower, 2e greve fan Granville. Doe't Britsk-Kolumbia him yn 1871 oansleat by de 1867 oprjochte Kanadeeske Konfederaasje, waard ûnthjitten dat der in spoarferbining komme soe tusken de east- en de westkust. Yn 1884 waard Granville útkeazen as einstasjon foar dat Kanadeeske Pasifyske Spoar. Op 6 april 1886 krige Granville stedsrjochten, en it wie by dy gelegenheid dat it plak omneamd waard ta Vancouver, ta eare fan 'e ûntdekkingsreizger George Vancouver.

Op 13 juny 1886 lei de Grutte Brân fan Vancouver hast de hiele stêd yn 'e jiske. De weropbou waard lykwols mei faasje úteinset. De befolking fan 'e stêd woeks oan fan 1.000 minsken yn 1881 ta mear as 20.000 yn 1901, en rom 100.000 yn 1911. Yn 1898 krige de ekonomy fan Vancouver in sterke ympuls trochdat de keaplju yn 'e stêd profitearren fan 'e Goudkoarts fan Klondike. In grut part fan 'e goudsikers makke ûnderweis nei Alaska en de Yukon nammentlik in tuskenstop yn Vancouver, dêr't allerhande ark en reau oanskaft waard dêr't men yn it hege noarden ferlet fan hawwe soe.

 
De Ingelske Baai, by Vancouver.

Oant fier yn 'e tweintichste iuw waard Vancouver ekonomysk en maatskiplik dominearre troch grutte bedriuwen lykas de Canada Pacific Railroad en de British Columbia Sugar Refinery. Dat late ta de opkomst fan in militante arbeidersbeweging. Yn 1903 waard by de earste grutte staking fan spoararbeiders fakbûnslieder Frank Rogers fermoarde troch spoarplysjes. Yn 1918 fûn de earste algemiene staking yn Britsk-Kolumbia plak, en nei in wat kalmere perioade yn 'e 1920-er jierren wiene der ûnder de Grutte Depresje yn 'e 1930-er jierren wer tal fan gewelddiedige botsings tusken stakers en stakingsbrekkers, dy't yn 1935 kulminearren yn 'e saneamde On-to-Ottawa Trek fan stakers dy't nei de federale haadstêd Ottawa optsjen woene, mar by Mission oppakt waarden en de rest fan 'e Krisisjierren yn ynternearringskampen trochbringe moasten.

Ek ferskate oare maatskiplike bewegings, lykas it feminisme en de gehielûnthâlders, wiene fan grutte ynfloed op 'e ûntwikkeling fan Vancouver. Mary Ellen Smith, in suffrazjette en prohibysjoniste út Vancouver, wie yn 1918 de earste frou dy't yn Kandada yn in provinsjeel parlemint keazen waard. Yn Britsk-Kolumbia duorre de drûchlizzing fan healwei de Earste Wrâldoarloch oant 1921, doe't it provinsjale regear it monopoalje op 'e ferkeap fan alkohol krige (in sitewaasje dy't hjoed oan 'e dei noch bestiet). Under de Twadde Wrâldoarloch waarden de etnysk Japanske ynwenners fan Vancouver en hiel Britsk-Kolumbia nei de oanfal op Pearl Harbor by de kust wei deportearre en nei ynternearringskampen yn it binnenlân ta stjoerd. Nei de oarloch waard it de Japanners net tastien om nei Vancouver en oare grutte stêden werom te kearen, wat de ein betsjutte foar de Japanske wyk Japantown.

 
It stedhûs fan Vancouver.

Per 1 jannewaris 1929 krige Vancouver mei de anneksaasje fan Point Grey en South Vancouver syn moderne bestjoerlike grinzen. Yn 2010 organisearre Vancouver, yn gearwurking mei de lytsere plakken Whistler en Richmond de Olympyske Winterspullen en de Paralympyske Winterspullen. Sûnt hat Vancouver swier ynset op griene enerzjy; it stedsbestjoer hat bekendmakke dat Vancouver yn 2020 de skjinste stêd fan 'e wrâld wêze moat.

Vancouver hjoed de dei

bewurkje seksje

Vancouver is de thúsbasis fan it iishokkytiim de Vancouver Canucks, dat yn 1945 oprjochte waard en sûnt 1970 yn 'e Amerikaanske National Hockey League (NHL) spilet. Elts jier yn maaie wurdt yn Vancouver de Maraton fan Vancouver holden. Fierders is Vancouver it ûnbekreaude sintrum fan 'e film- en tillefyzje-yndustry yn Kanada. Ek Amerikaanske film- en tillefyzjemakkers wike gauris nei Vancouver út, dat dêrom wol Hollywood-Noard neamd wurdt. Elts jier oan 'e ein fan septimber en/of it begjin fan oktober wurdt it twa wiken duorjende Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver holden, dat ien fan 'e fiif grutste filmfestivals fan Noard-Amearika is.

 
Utsjoch oer de Universiteit fan Britsk-Kolumbia.

Der binne fiif iepenbiere universiteiten yn 'e stêdekloft Vancouver, wêrfan't de Universiteit fan Britsk-Kolumbia (UBC) en de Simon Fraser Universiteit (SFU) de grutsten binne mei in mienskiplik oantal fan mear as 90.000 studinten yn 2008. De oare trije iepenbiere universiteiten binne de Capilano Universiteit yn North Vancouver, de Emily Carr Universiteit foar Keunst en Untwerp op it eilân Granville yn 'e haven fan Vancouver, en de Kwantlen Polytechnyske Universiteit mei fjouwer kampussen bûten de eigentlike stêd. Fierders binne der yn 'e stêd ek seis privee-universiteiten.

Op it mêd fan museä moat de Vancouver Art Gallery neamd wurde mei in permaninte kolleksje fan hast 10.000 keunstfoarwerpen, wêrûnder in oansjenlik tal wurken fan Emily Carr. Yn 'e binnenstêd is ek fêstige de Contemporary Art Gallery, dy't benammen moderne keunst tentoansteld. Foar de skiednis fan 'e stêd en de krite kin men telâne yn it Vancouver Museum, it Maritym Museum fan Vancouver en it Museum fan Antropology oan de UBC. Fral dat lêste museum hat in grutte kolleksje oan keunst- en kultuerfoarwerpen fan 'e lânseigen befolking fan súdwestlik Britsk-Kolumbia.

Susterstêden

bewurkje seksje
 
Vancouver by nacht.

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Vancouver doe in befolking fan 603.502 minsken. De befolkingstichtens bedroech 5.249 minsken de km², wêrmei't it ien fan 'e tichtstbefolke stêden fan westlik Noard-Amearika is. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2011 sa: 47,9% Aziaten; 46,2% blanken; 1,9% Yndianen; 1,6% Latino's; 1,0% swarten; 0,5% Arabieren; 0,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De blanke ynwenners fan Vancouver binne foar it meastepart fan Ingelsk, Iersk, Dútsk, Skandinavysk, Italjaansk en Oekraynsk etnysk komôf. De grutste Aziatyske befolkingsgroep yn 'e stêd wurdt foarme troch de Sinezen, dy't mei 29,7% suver in trêdepart fan alle ynwenners útmeitsje. De measte Sinezen hawwe har yn Vancouver nei wenjen set doe't se ein 1980-er jierren Hongkong ûntflechten foarútrinnende op 'e weromjefte fan dy Britske koloanje oan 'e Folksrepublyk Sina. De tradionele Sineeske wyk fan Vancouver, dy't folle âlder is as de ymmigraasjeweach fan 'e 1980-er jierren, hjit Chinatown. Tsjintwurdich hat 52% fan 'e befolking fan Vancouver in memmetaal dy't net it Ingelsk is.

 
In loftfoto fan 'e binnenstêd fan Vancouver.

Berne yn Vancouver

bewurkje seksje
 
Vancouver yn 'e mist.

Stoarn yn Vancouver

bewurkje seksje

Vancouver hat in seeklimaat, mei oangenaam waarme simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 22,2 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 6,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 35,0 °C op sawol 31 july 1965, 8 augustus 1981 as 29 maaie 1983, en –17,8 °C (de boarne jout dêrfoar gjin datum of jier). Vancouver kriget jiers trochinoar 1,189 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 38,1 sm snie.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.