Haadmenu iepenje

Cobie Smulders (folút: Jacoba Francisca Maria Smulders; Vancouver (Britsk-Kolumbia), 3 april 1982) is in Kanadeesk aktrise fan mingd Nederlânsk-Ingelsk etnysk komôf. Hja is it bekendst wurden mei har rollen as Robin Scherbatsky yn 'e Amerikaanske tillefyzjekomeedzjesearje How I Met Your Mother en as Maria Hill yn ferskate ferfilmings fan 'e stripferhalen fan Marvel Comics.

Cobie Smulders
Filmklapper.png akteur
Cobie Smulders yn Hollywood, Kalifornje- juny 2019
Cobie Smulders yn Hollywood, Kalifornje- juny 2019
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacoba Francisca Maria Smulders
nasjonaliteit Flag of Canada.svg Kanadeesk
berne 3 april 1982
berteplak Vancouver (Britsk-Kolumbia)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
gjint

Ynhâld

Libben en karriêreBewurkje

Jonkheid en opliedingBewurkje

Smulders waard yn 1982 berne yn 'e stêd Vancouver, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, as de dochter fan in Nederlânske heit en in Ingelske mem. Hja waard ferneamd nei in âldmuoike oan har heite kant. As bern woe Smulders in seebiologe wurde, en yn har tinerjierren wurke se as model, dêr't se net folle niget oan hie. Doe't se it úteinlik oerjoech, skreau se har yn oan 'e Universiteit fan Victoria, yn 'e Britsk-Kolumbiaanske haadstêd Victoria, op Vancouvereilân, mei it idee om einlings har bernedream te folgjen en biology te studearjen. Njonken har stúdzje folge se lykwols al fan 'e middelbere skoalle ôf aktearlessen, en ear't it wat wurde koe mei har stúdzje biology briek Smulders troch as aktrise.

AktearkarriêreBewurkje

Yn 2002 hie Smulders har earste tillefyzjeoptreden mei in gastrol yn 'e science fiction-searje Jeremiah. Fan 2003 oant 2004 hie se in fêste rol yn 'e searje Veritas: The Quest, dy't lykwols mar ien seizoen rûn. Fierders wie se yn har iere jierren te sjen yn weromkearende gastrollen yn 'e searjes Andromeda en The L Word en yn gastrollen yn searjes as Tru Calling en Smallville. Har earste filmrol hie Smulders yn 2004 yn Walking Tall.

 
Cobie Smulders.

Har grutte trochbraak kaam yn 2005, doe't se cast waard yn 'e rol fan nijslêzeresse Robin Scherbatsky yn 'e Amerikaanske komeedzjesearje How I Met Your Mother, mei as tsjinspilers û.m. Josh Radnor, Neil Patrick Harris en Alyson Hannigan. Dy searje wie in grut súkses, en rûn mar leafst njoggen seizoenen, oant 2014.

Yn juny 2010 spile Smulders yn it off-Broadway-toanielstik Love, Loss, and What I Wore. Yn 2012 hie se de rol fan Maria Hill yn 'e film The Avengers, dy't basearre wie op in stripferhaal fan Marvel Comics. Neitiid kearde se noch ferskate kearen yn dy rol werom, yn trije ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje Agents of S.H.I.E.L.D. en fierders yn 'e films Captain America: The Winter Soldier (2014) en Avengers: Age of Ultron (2015).

Yn 2013 hie Smulders in byrol yn 'e romantyske film Safe Haven. Hja spile ek yn 'e films Delivery Man (2013) en They Came Together (2014). Smulders hat ek as stimaktrise wurke troch har stim oan 'e superheldinne Wonder Woman te lienen yn 'e tekenfilm The Lego Movie (2014).

PriveelibbenBewurkje

Smulders hat fan harsels sein dat de Frânske taal "floeiend ferstiet". Yn jannewaris 2009 ferloofde se har mei de Amerikaanske akteur Taran Killam. Hja trouden op 8 septimber 2012 te Solvang, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en setten har nei wenjen yn Los Angeles. Smulders en Killam hawwe twa bern, harren dochter Shaelyn, dy't yn maaie 2009 berne waard, en in twadde bern (wêrfan't namme en geslacht net iepenbier makke binne), berne yn jannewaris 2015.

Yn 2015 fertelde Smulders yn in fraachpetear dat der yn 2007, doe't se 25 jier wie, aaistokkanker by har fêststeld wie. Neitiid wie se operearre om twa tumoaren fan har aaistokken te ferwiderjen, mar it die bliken dat de kanker útsiedde wie nei har lymfklieren, mei as gefolch dat se de folgjende twa jier noch ferskate oare kearen ûnder it mês moast.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.