Avengers: Endgame

Avengers: Endgame is in Amerikaanske superheldefilm út 2019 ûnder rezjy fan 'e bruorren Anthony en Joe Russo, mei yn 'e haadrollen Robert Downey jr., Chris Evans, Mark Ruffalo, Chris Hemsworth, Scarlett Johansson en Jeremy Renner. De titel betsjut "Wrekers: Einspul". De film is basearre op 'e strip mei deselde namme fan Stan Lee en Jack Kirby, en makket diel út fan 'e filmrige fan it Marvel Cinematic Universe. Yn dy searje folget it op Captain Marvel en wurdt it folge troch Spider-Man: Far from Home, allebeide ek út 2019. Avengers: Endgame is lykwols it direkte ferfolch op Avengers: Infinity War, út 2018. It ferhaal folget de superheldegroep Avengers, ûnder wa Iron Man, Captain America, de Hulk en de healgod Thor. Nei harren nederlaach tsjin 'e selsútroppen god Thanos besykje se om 'e ferneatiging dy't Thanos oer it hielal ôfroppen hat, werom te draaien. Avengers: Endgame krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2019 en de meast opbringende film aller tiden oant maart 2021. Avengers: Endgame waard nominearre foar de Oscar foar bêste special effects en ferskate oare wichtige prizen, en wûn seis Saturn Awards en in Screen Actors Guild Award.

Avengers: Endgame
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Anthony Russo
Joe Russo
produsint Kevin Feige
senario Christopher Markus
Stephen McFeely
basearre op The Avengers fan Stan Lee
   en Jack Kirby
kamerarezjy Trent Opaloch
muzyk Alan Silvestri
filmstudio Marvel Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Robert Downey jr.
Chris Evans
Mark Ruffalo
Chris Hemsworth
Scarlett Johansson
Jeremy Renner
byrollen Paul Rudd
Karen Gillan
Bradley Cooper
Josh Brolin
Gwyneth Paltrow
Don Cheadle
Brie Larson
Benedict Cumberbatch
Zoe Saldaña
Elizabeth Olsen
Tom Holland
Danai Gurira
Chadwick Boseman
Chris Pratt
Rene Russo
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 april 2019
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 181 minuten
budget en resultaten
budget $356 miljoen
opbringst $2.799,5 miljoen
prizen 6 × Saturn Award
SAG Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Captain Marvel
● folgjend diel Spider-Man: Far from Home

Plot bewurkje seksje

Yn 2018, nei't de selsútroppen god Thanos de seis Uneinichheidsstiennen brûkt hat om 50% fan alle libben yn it hielal út te rûgjen (sjoch: Avengers: Infinity War), binne Tony Stark (Iron Man) en de cyborg Nebula, de eardere pleechdochter fan Thanos, earne yn 'e ynterstellêre romte strâne rekke yn in romteskip sûnder brânstof. Se ferwachtsje dêre te stjerren, mar nei 23 dagen wurde se fûn en rêden troch Carol Danvers, oftewol Captain Marvel, dy't harren mei romteskip en al werombringt nei de Ierde. Dêr wurde se weriene mei de oerbleaune Avengers: Steve Rogers oftewol Captain America, Bruce Banner oftewol de Hulk, de god Thor, Natasha Romanoff oftewol Black Widow en James Rhodes oftewol War Machine. By harren is ek de genetysk manipulearre yntelliginte waskbear Rocket, dy't mei Nebula de lêst oerbleaune fan 'e Guardians of the Galaxy is.

De hiele groep is telider slein oer de nederlaach yn 'e striid tsjin Thanos en it ferlies fan alle freonen. Se beslute lykwols de moedfearren net hingje te litten, mar Thanos op te spoaren, him de Uneinichheidsstiennen ôfhandich te meitsjen en dy dêrnei te brûken om 'e status quo ante (en dêrmei alle lju dy't ferdwûn binne) werom te bringen. Se ûntdekke in selde gigantysk ferbrûk fan enerzjy as dat foarfoel doe't Thanos de helte fan alle libben útrûge, dat se reizgje nei de oarsprong dêrfan ta. It blykt in ûnbewenne planeet te wêzen mei in wielderich plantelibben, dêr't Thanos him nei it folbringen fan syn libbensdoel yn in soarte fan Hof fan Eden weromlutsen hat. De groep komt Thanos oer it mad en oermasteret him, mar it docht bliken dat er by it twadde reuseftige ferbrûk fan enerzjy de Uneinichheidsstiennen brûkt hat om 'e Uneinichheidsstiennen sels te ferneatigjen, om foar te kommen dat se ea wer brûkt wurde kinne. Yn in fleach fan klearebare breinroerens ûnthalzet Thor Thanos mei syn striidbile Stoarmbringer.

Fiif jier letter, yn 2023, besiket Natasha Romanoff de Avengers as groep geande te hâlden, al docht se dat mei in swier moed. Rocket, Nebula en Okoye, de froulike generaal fan it leger fan Wakanda, hawwe har ûnderwilens ek by de Avengers jûn. Oan 'e oare kant besykje Rogers en Banner op eigen manearen it ferline efter harren te litten, Rogers troch lieding te jaan oan in praatgroep fan minsken dy't lju fan wa't se hâlde ferlern hawwe troch tadwaan fan Thanos, en Banner troch himsels bleat te stellen oan mear gammastrieling, sadat it him slagget en yntegrearje syn spjalte persoanlikheid ta in reuseftige grienhûdige Hulk mei it briljante ferstân en de goede omgongsfoarmen fan Banner sels. Underwilens jout Thor him oer oan selsbegrutsjen en hat Stark him ferbittere fan syn eardere striidmaten ôfkeard en him folslein op syn houlik mei Pepper Potts rjochte, mei wa't er in dochterke krigen hat dat Morgan hjit. De eardere Avenger Clint Barton (Hawkeye), dy't troch tadwaan fan Thanos syn frou Laura en alle trije fan syn bern ferlern is, hat himsels omfoarme ta in mei superkrêften bejeftige figilante, dy't op ûnmeilydsume wize de leden fan Meksikaanske drugskartels en de Japanske yakuza ôfslachtet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dan keart Scott Lang oftewol Ant-Man, fan wa't ek oannommen wie dat er troch tadwaan fan Thanos omkommen wie, ynienen werom út it minuskule Kwantumryk. Hy wit neat fan wat der yn 'e tuskentiid bard is, en is ûntset as er ûntdekt dat syn frou Hope Van Dyne en syn skoanâlden Hank Pym en Janet Van Dyne omkommen binne. Fan syn hiele famylje is inkeld syn (no teenage-)dochter Cassie noch oer. Lang bejout him nei it haadkertier fan 'e Avengers, dêr't er oan Romanoff en Rogers fertelt dat er him foarôfgeande oan Thanos syn keunsten sûnder euvelmoed yn it Kwantumryk bejûn hie. Om't Hope him helpe moast om werom te kearen, en sy nei it yngripen fan Thanos net mear bestie, hied er wat langer wurk om werom te kommen. Mar om't tiid yn it Kwantumryk oars rint as yn 'e reële wrâld, duorre dat foar him mar fiif oeren, wylst yn 'e reële wrâld fiif jierren foarbygiene. Lang stelt foar om te besykjen en brûk it Kwantumryk om werom yn 'e tiid te reizgjen nei it stuit foardat Thanos de Uneinichheidsstiennen ferneatige, de stiennen mei te gaudievjen, werom te kearen nei de hjoeddeistige tiid en de stiennen dan te brûken om alles wat Thanos dien hat, wer ûngedien te meitsjen.

Dat klinkt simpel, mar it Kwantumryk lit him frijwol net stjoere, dat om op 'e juste tiid út te kommen en dan wer nei de juste tiid werom te kearen, is in hiele toer. Rogers en Romanoff ornearje dat se dêrfoar ferlet hawwe fan in briljant ferstân, dat mei Lang reizgje se ôf nei de blokhutte dêr't Stark en syn gesin no wenje om syn help te freegjen. Hoewol't fiif jier langernôch is foar Stark om syn ferbittering en wrok los te litten, wegeret er harren te helpen. Yn it foarste plak is er benaud om te ferliezen wat er wûn hat sûnt de nederlaach tsjin Thanos (te witten: syn docher Morgan) en dêrnjonken leaut er dochs net dat it plan fan Lang kâns fan slagjen hat. Dêrop geane Rogers, Romanoff en Lang nei de no altyd reuseftige en grienhûdige Bruce Banner ta, dy't wol syn help taseit. De earste eksperiminten binne lykwols net bepaald hoopjaand. Underwilens lit it idee fan tiidreizgjen fia it Kwantumryk Stark net los. Jûns lit er út ferfeelde nijsgjirrigens syn kompjûtersysteem F.R.I.D.A.Y. wat berekkenings útfiere en pielt er der wat mei om. Ta syn eigen ferrassing komme se ta in oplossing fan it faachstik. Stark wol dy útkomst earst njonken him dellizze; it is syn frou Pepper dy't him yn 't sin bringt dat sy beiden tige lokkich west hawwe, wylst dat foar sa'n soad oaren net it gefal is, en him dêrom oantrunet om alles te dwaan wat er kin om dat te feroarjen.

Dat, Stark jout him by Romanoff, Rogers, Banner en Lang, en mei-inoar bouwe se in tiidmasine wêrmei't se fia it Kwantumryk weromreizgje kinne yn 'e tiid. Se roppe Rhodes, Rocket en Nebula derby, wêrnei't Banner en Rocket nei Nij-Asgard reizgje, yn Noarwegen, dêr't de flechtlingen dy't oan 'e ferneatiging fan Asgard ûntkommen binne, har nei wenjen set hawwe. Harren doel is om Thor derby te skuorren. Dyselde docht op 't heden neat oars mear as bier drinke en op 'e bank foar de tillefyzje omhingje, en hat sadwaande syn eardere hege kondysje en spierde lichem ferruile foar in suterich lang burd en in grouwe bierbealch. Hy is ôfhâldich om him wer by de oare Avengers te jaan, oant Rocket him fergees bier oanbiedt. Underwilens set Romanoff nei Tokio ta, dêr't se Clint Barton opspoart by syn yllegale figilante-aktiviteiten en bepraat om ek mei te wurkjen. Werom yn harren haadkertier beprate de Avengers de gaadlikste tiidstippen om 'e Uneinichheidsstiennen te bemachtigjen. Nei noch in pear eksperiminten binne se ree om los.

Banner, Lang, Rogers en Stark reizgje werom nei 2012 en arrivearje yn New York ûnder de troch Thor syn pleechbroer Loki orkestrearre bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde (sjoch: The Avengers). Banner giet nei it Sanctum Sanctorum dat letter it haadkertier fan dr. Stephen Strange wurde sil, dêr't er de Aldste, dy't de Tiidsstien yn bewar hat, net mei geweld oer kin. It slagget him lykwols om har te bepraten him dochs de stien te jaan, nei't er ûnthjitten hat dat de Avengers nei it gebrûk alle stiennen wer werombringe sille op persiis it momint dat se dy weinommen hawwe. Yn 'e Stark Tower ûntfytmannet Rogers op slûchslimme wize de Ferstânsstien oan 'e slieperaginten fan Hydra, wêrfan't er yn 2012 noch net wist dat se dat wiene (sjoch: Captain America: The Winter Soldier). Dêrfoar moat er wol syn eardere sels befjochtsje, dy't oannimt dat hy Loki yn momkape is, mar ek dat rêdt er op.

It snoade plantsje fan Stark en Lang om 'e Romtestien te stellen op it stuit dat Stark syn eardere sels dy mei tsjinnichheid oan minister Alexander Pierce oerdraacht, mislearret lykwols troch tadwaan fan it willekeurige geweld wêrmei't de Hulk fan 2012 doarren iepensmyt sûnder derom te tinken oft dêr soms minsken efter steane. Dêrtroch falt de Romtestien yn 'e hannen fan Loki, dy't dermei útnaait. Nei't Stark wat fan 'e klap bekommen is, betinke hy en Rogers in plan om noch fierder yn 'e tiid werom te reizgjen nei in plak dêr't sawol de Romtestien as in nije foarrie Pym-dieltsjes oanwêzich is (dêr't se ferlet fan hawwe om neitiid wer weromreizgje te kinnen nei 2023). Se drage de Ferstânsstien oan Lang oer en reizgje nei 1970, dêr't se it doetiidske ûndergrûnske haadkertier fan 'e boppenatuerlike feilichheidstsjinst S.H.I.E.L.D. ynfiltrearje. Wylst Stark de Ferstânsstien efteroer drukt, stelt Rogers in nije foarrie Pym-dieltsjes út it laboratoarium fan in jonge Hank Pym. Allebeide hawwe se lykwols in emosjoneel wersjen: Stark wurdt oansprutsen troch syn eigen heit Howard dy't him fansels net weromken om't Stark yn 1970 noch net berne is, wylst Rogers troch in finster syn grutte, ferlerne leafde Peggy Carter weromsjocht.

Underwilens reizgje Rocket en Thor werom nei Asgard yn 2013, op 'e dei dat de dûnkere elf Malekith dêr mei syn trewanten binnenkringe sil om 'e Reäliteitsstien te stellen (sjoch: Thor: The Dark World). Dat is eins gjin stien mar in soarte fan enerzjy dy't by fersin opnommen is yn it lichem fan Thor syn grutte leafde Jane Foster. Rocket wit de Reäliteitsstien op in ûnbewekke momint mei in spesjaal dêrfoar bedoeld wurktúch út har te ekstrahearjen. Dêrfoar kriget er alhiel gjin help fan Thor, dy't te drok is mei it bespionearjen fan syn mem Frigga, om't hja letter dizze dei by de oanfal fan Malekith omkomme sil. Mei't Frigga grutbrocht is troch heksen, sa't se him neitiid tebinnenbringt, hat se him al rillegau troch. Se komt him oer it mad en sjocht daliks dat er in ferzje fan har soan is dy't út 'e takomst komt. Hy besiket har te warskôgjen, mar hja hâldt him tsjin om't it lot syn rin hawwe moat. Thor brûkt de moeting om tsjin syn mem te sizzen wat er nei har dea wollen hie dat er tsjin har sein hie, en om foargoed ôfskie fan har te nimmen. Ek ropt er syn striidhammer Mjölnir ta him om mei te nimmen nei de takomst, mei't it wapen yn 2017 ferneatige is (sjoch: Thor: Ragnarok).

Romanoff, Barton, Rhodes en Nebula reizgje werom nei 2014 nei de planeet Morag, dêr't Rhodes en Nebula efterbliuwe om 'e Krêftstien te stellen foar't Rocket syn maat Peter Quill dat dwaan kin (sjoch: Guardians of the Galaxy). Romanoff en Barton sette ôf nei de planeet Vormir yn itselde jier, om dêr de Sielestien ôfhandich te meitsjen oan syn warder, Red Skull. Dyselde leit harren lykwols út dat de Sielestien inkeld te bemachtigjen is as men immen deadet fan wa't men hâldt. As se ienris oertsjûge binne fan 'e oprjochtens fan dy bewearing, stelle Romanoff en Barton allebeide foar om sels dejinge te wêzen dy't opoffere wurdt. Dat liedt ta in hângemien wêrby't Romanoff Barton te fluch ôf is en harsels te pletter falle lit, mei as gefoch dat Barton de Sielestien wint.

Op Morag hawwe Rhodes en Nebula net folle muoite om 'e arrogante Quill te oermasterjen en yn syn plak de Krêftstien te stellen. As se lykwols weromreizgje sille, bliuwt Nebula efter om't se fia har sybernetyske ymplantaten ferbûn rekke is mei har eardere sels. Dêrtroch komt de Thanos út 2014 te witten oer syn eigen takomstige súkses en it krewearjen fan 'e Avengers om dat werom te draaien. Om harren te fluch ôf te wêzen hâldt er Nebula út 2023 finzen en stjoert er Nebula út 2014, dy't noch altyd trou oan him is, yn har plak nei de takomst ta.

Nei't se allegearre tagelyk weromkeard binne yn it haadkertier fan 'e Avengers, belizze Stark, Banner en Rocket de pânserwant dy't se earder makke hiene mei de seis Uneinichheidsstiennen. Banner, dy't as de Hulk de measte wjerstân tsjin 'e strieling hat dy't stiennen ôfsmite, docht de want oan en makket Thanos syn útrûging fan 50% fan alle libben yn it hielal yn in letterlike hânomdraai ûngedien. Hy oerlibbet dat, hoewol't syn rjochterearm ferbrând en útmergele rekket. Underwilens riedt Nebula út 2014 de tiidmasine foar op 'e komst fan Thanos út 2014, dy't mei syn hiele, reuseftige romteskip troch it Kwantumryk komt en by oankomst de tiidmasine en it dak fan it Avengers-haadkertier ferrinnewearret.

Nei't Nebula út 2014 har by him jûn hat, besjit Thanos mei syn romteskip it haadkertier, dat dêrtroch folslein ferneatige wurdt. Stark, Rogers en Thor witte harrensels út 'e púnfal te rêden, mar Rocket, Rhodes en Banner komme hielendal ûnderoan it ynstoarte gebou fêst te sitten en driigje troch hurd omheechkommend wetter te ferdrinken. Hegerop fynt Barton de pânserwant mei de Uneinichheidsstiennen werom en naait dêrmei út foar de trewanten dy't Thanos stjoerd hat om it ding te sykjen. Underwilens fertelt Nebula út 2023 oan har pleechsuster Gamora dat Thanos har yn 'e takomst ombringe sil sadat er de Sielestien bemachtigje kin. Om't Gamora yn 2014 dochs al har twifels oer har pleechheit hie, lit se har beprate om Nebula út 2023 te befrijen. Tegearre besykje se Nebula út 2014 oer te heljen de lapen mei harren op ien bulte te goaien, mar dyselde stegeret harren ôf, wêrnei't Nebula út 2023 har deasjit.

Thanos komt del út syn romteskip. Bûten de ruïne fan it Avengers-haadkertier wurdt er oanfallen troch Thor, Stark (Iron Man) en Rogers (Captain America). By de lange slaanderij dy't folget, docht bliken dat de trije Avengers hàst oan Thanos weage binne, mar krekt net hielendal. Hy ferslacht harren ien foar ien, sels as Rogers in lang geheim holden feit oan it ljocht bringt troch Thor syn fallen striidhammer Mjölnir op te pakken en dêrmei te bewizen dat er as iennichste Avenger njonken Thor weardich befûn is. Op 't langelêst binne Thor en Stark útskeakele, wylst Rogers sa'n wan bruien krigen hat, dat er suver net mear oerein komme kin. Wylst er wrakselet om op 'e fuotten te kommen, fertelt Thanos him sydlings dat er derfan genietsje sil om 'e Ierde te ferwoastgjen. Dan lit er syn reuseftige leger út it ferline komme om him dêrby te helpen. Hy seit ek dat er no syn flater ynsjocht: hy hie net de helte fan alle libben útrûgje moatten, mar àlle libben om dêrnei in nij hielal te skeppen mei fan it begjin ôf oan minder libben deryn. Hy is fan doel dat daliks te dwaan sadree't er de pânserwant mei de Uneinichheidsstiennen yn 'e hannen kriget.

Rogers sjocht dat er it net winne kin fan Thanos en dat ferset alhielendal sinleas is no't Thanos syn leger hjir is. Nettsjinsteande dat klaut er oerein en gaspet syn tebrutsen skyld strakker fêst, ree om it lykme-allinne tsjin 'e healwiis grutte oermacht op te nimmen. Op dat stuit wurdt der efter him in poarte yn 'e reäliteit iepene, en dêrtroch komme dr. Stephen Strange mei syn maat Wong en de oare tsjoenders dy't harsels de Masters fan 'e Mystike Keunsten neame; Okoye en Black Panther mei it leger fan Wakanda; Walkuere mei it leger fan Asgard; de Teheisterders; de troch it weromdraaien fan Thanos syn útrûging wer ta libben brochte Guardians of the Galaxy, ûnder wa Peter Quill, Groot en Drax de Ferneatiger; en alle fermiste Avengers, ûnder wa Sam Wilson (Falcon), Wanda Maximoff (Scarlet Witch), Peter Parker (Spider-Man), Hope van Dyne (Wasp) en Bucky Barnes (Winter Soldier). Stark syn frou Pepper Potts jout har der ek by yn in op maat makke Iron Man-pak, yn 'e mande mei Clint Barton en Gamora en Nebula. Thor en Stark klauwe oerein en de ruïnes fan it Avengers-haadkertier barste útinoar as Scott Lang syn grutteferwikselingstechnology brûkt om ta gigantyske proporsjes út te groeien, wêrnei't er de Hulk, Rocket en Rhodes fan syn hân stappe lit.

In reuseftige fjildslach begjint, wêryn't de beide legers lange tiid oaninoar weage lykje te wêzen. Hoewol't Thanos de nije tiidmasine fan 'e Avengers ferneatige hat, kin it apparaat wêrmei't Lang it Kwantumryk binnen plachtet te gean, en dat er efteryn syn buske hat, ek as tiidmasine tsjinje. Wylst Lang en Hope Van Dyne dat foarinoar meitsje, besiket Barton op it slachfjild de pânserwant mei de Uneinichheidsstiennen út 'e hannen fan 'e fijân te hâlden. Hy jout it ding troch oan Black Panther, dy't it letter wer trochjout oan Spider-Man. Dyselde wurdt op in hier nei yn 'e hoeke dreaun troch Thanos sels, mar Wanda Maximoff komt him te help en wit Thanos mei har telekinetyske krêften hast te ferslaan. Hy wit himsels inkeld te rêden troch syn romteskip opdracht te jaan om útein te setten mei in besjitting fan it slachfjild mei de boardkanonnen. Dat ek syn eigen troepen by dat bombardemint omkomme, deart Thanos net. Krekt as de swiere besjittings de Avengers en harren bûnsgenoaten driigje út te rûgjen, arrivearret Carol Danvers (Captain Marvel) út 'e romte wei op 'e Ierde en batst dwers troch de brêge fan Thanos syn romteskip hinne, sadat it alle bestjoering ferliest en delstoart. Spider-Man draacht neitiid de pânserwant oan Danvers oer, en sy sil him by it buske fan Lang bringe, mar Thanos beseft wat se besykje de dwaan en ferneatiget de tiidmasine fan Lang mei syn smiten swurd.

Dêrnei makket er Danvers de pânserwant ôfhandich, al moat er de krêft fan ien fan 'e Uneinichheidsstiennen brûke om mei har ôf te weven. Wylst er de stien wer te plak docht, wurdt er oanfallen troch Stark, dy't dêrta it synjaal krigen hat fan dr. Strange. Hy lit Thanos leauwe dat er him de pânserwant útskuorre wol, wylst er eins allinne mar de Uneinichheidsstiennen fan 'e want ôf hellet. As Thanos mei in fingerknip it hiele hielal ferneatigje wol, bart der neat. Pas dan sjocht er dat Stark de stiennen ûnderwilens ynlein hat op 'e pânserwant fan syn Iron Man-pak. Hy knipt mei de fingers en it leger fan Thanos begjint ta stof te ferwaaien, in lot dat Thanos sels as lêste dielt. It docht bliken dat Stark noch folle minder as de Hulk oer de strieling fan 'e Uneinichheidsstiennen koe, dat mei syn fingerknip hat er himsels deadlik ferwûne. Syn frou Pepper en Peter Parker, foar wa't er in mentor wie, hawwe noch krekt de tiid om ôfskie fan him te nimmen foar't er ferstjert.

Nei de slach keart Clint Barton werom nei hûs, dêr't er syn frou Laura en harren bern libben en wol oantreft. Peter Parker giet wer nei skoalle. Yn Wakanda wurdt de oerwinning fiert mei fjoerwurk. Scott Lang en Hope Van Dyne wurde weriene mei harren dochter Cassie. Nei de begraffenis fan Tony Stark draacht Thor it keningskip oer Nij-Asgard oer oan Walkuere, wêrnei't er sels op stap giet mei de Guardians of the Galaxy. Rogers nimt de taak op him om mei in nij boude tiidmasine de Uneinichheidsstiennen werom te bringen nei it ferline. As er inkele tellen letter weromkeare moat yn 2023, bliuwt er wei. Dan sjogge de oanwêzigen him ynienen op in bankje sitten as in âldman op hege jierren mei in trouring om 'e finger: hy is yn it ferline bleaun om mei syn grutte leafde Peggy Carter it libben te dielen dêr't er altyd al fan dreamd hie. No is er weromkommen, sij it net mei de tiidmasine, om syn skyld, en dêrmei de ferantwurdlikheden fan Captain America, troch te jaan oan Sam Wilson.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Robert Downey jr.
 
Chris Evans.
 
Mark Ruffalo.
 
Chris Hemsworth.
 
Scarlett Johansson.
 
Jeremy Renner.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise            
Iron Man / Tony Stark Robert Downey jr.
Captain America / Steve Rogers Chris Evans
de Hulk / Bruce Banner Mark Ruffalo
Thor Chris Hemsworth
Black Widow / Natasha Romanoff Scarlett Johansson
Hawkeye / Clint Barton Jeremy Renner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ant-Man / Scott Lang Paul Rudd
Nebula Karen Gillan
Rocket Bradley Cooper (stim
Sean Gunn (motion-capture)
Thanos Josh Brolin
Pepper Potts Gwyneth Paltrow
War Machine / James Rhodes Don Cheadle
Captain Marvel / Carol Danvers Brie Larson
dr. Stephen Strange Benedict Cumberbatch
Gamora Zoe Saldaña
Scarlet Witch / Wanda Maximoff Elizabeth Olsen
Spider-Man / Peter Parker Tom Holland
Okoye Danai Gurira
Black Panther / T'Challa Chadwick Boseman
Star-Lord / Peter Quill Chris Pratt
Frigga Rene Russo
Falcon / Sam Wilson Anthony Mackie
Happy Hogan Jon Favreau
Winter Soldier / Bucky Barnes Sebastian Stan
Wong Benedict Wong
Loki Tom Hiddleston
Wasp / Hope van Dyne Evangeline Lily
Walkuere Tessa Thompson
Laura Barton Linda Cardellini
Lila Barton Ava Russo
Howard Stark John Slattery
de Aldste Tilda Swinton
Korg Taika Waititi (stim)
Hank Pym Michael Douglas
Mantis Pom Klementieff
Drax de Ferneatiger Dave Bautista
Shuri Letitia Wright
Thaddeus Ross William Hurt
Maria Hill Cobie Smulders (cameo)
M'Baku Winston Duke
Ebony Maw Tom Vaughan-Lawlor
Ned Jacob Batalon
Groot Vin Diesel (stim)
Red Skull Ross Marquand
Corvus Glaive Michael James Shaw
Cull Obsidian Terry Notary
F.R.I.D.A.Y. Kerry Condon (stim)
Proxima Midnight Monique Ganderton (motion-capture)
Peggy Carter Hayley Atwell
Ramonda Angela Bassett
Janet van Dyne Michelle Pfeiffer
Jasper Sitwell Maximiliano Hernández
Brock Rumlow Frank Grillo (cameo)
minister Alexander Pierce Robert Redford (cameo)
Jack Rollins Callan Mulvey
Harley Keener Ty Simpkins
Kraglin Sean Gunn
Jane Foster Natalie Portman (cameo)
May Parker Marisa Tomei (cameo)
Edwin Jarvis James D'Arcy
Akihito Hiroyuki Sanada
Morgan Stark Lexi Rabe
Cassie Lang Emma Fuhrmann
automobilist yn 1970 Stan Lee (postume cameo)
befeiligingsman yn opslachfasiliteit Ken Jeong (cameo)
bemuoisuchtige S.H.I.E.L.D.-wurknimster yn 1970 Yvette Nicole Brown
homo yn praatgroep Joe Russo (cameo)
fan fan de Hulk Lia Russo
Nick Fury Samuel L. Jackson (cameo)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Yn oktober 2014 kundigen filmstudio Marvel Studios in twadielich ferfolch oan op Avengers: Age of Ultron (2015). Dat waarden de films Avengers: Infinity War (2018) en Avengers: Endgame. Beide films waarden regissearre troch de bruorren Anthony en Joe Russo op basis fan senario's fan Christopher Markus en Stephen McFeely. As produsint wie Kevin Feige by beide projekten belutsen foar de Marvel Studios. Foar Avengers: Endgame wie in budget beskikber fan mar leafst $356 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Trent Opaloch, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri.

 
Regisseurs Joe en Anthony Russo.

Opnamen bewurkje seksje

Avengers: Infinity War en Avengers: Endgame waarden efterinoaroan filme. De opnamen setten op 10 augustus 2017 útein en duorren oant 11 jannewaris 2018, folge troch reshoots fan 7 septimber oant en mei 12 oktober fan dat jier. In grut diel fan Avengers: Endgame waard filme yn 'e Pinewood Atlanta Studios by Atlanta, oanfolle troch in protte opnamen op lokaasje yn Atlanta sels. De sênes yn it Asgard fan 2013 waarden opnommen yn 'e Katedraal fan Durham yn Durham (Ingelân). De sênes yn Nij-Asgard, sabeare yn Noarwegen, waarden eins filme yn it Skotske St Abbs. Oare filmlokaasjes wiene Dutchess en Ulster County yn 'e Amerikaanske steat New York.

Postproduksje bewurkje seksje

Special effects foar Avengers: Endgame waarden levere troch û.o. Industrial Light & Magic (ILM), Weta Digital en Digital Domain. Lola VFX fersoarge de ferjongings- en ferâlderingseffekten foar de cast. Haadrolspilers Robert Downey jr., Chris Evans, Mark Ruffalo, Chris Hemsworth en Scarlett Johansson waarden ferjonge nei hoe't se der yn 2012 útseagen foar de sênes út dat jier, wylst Michael Douglas (Hank Pym) en John Slattery (Howard Stark) ferjonge waarden foar harren ferskining yn 'e sênes yn 1970. Itselde waard dien mei Avengers-skepper Stan Lee, dy't syn gebrûklike cameo diskear yn 1970 hie. It wie lykwols syn lêste cameo, mei't er kaam te ferstjerren foar't de Avengers: Endgame yn premiêre gie. Lola die ek de ferâldering fan Evans foar de lêste sêne, wêryn't Captain America as âldman opdûkt. De feroaring fan Thor yn in grouwe sûplap wiene gjin special effects foar nedich; ynstee droech Hemsworth in fatsuit fan silikoanen en moast er eltse dei trije oeren fan fisazjy ûndergean.

 
De Pinewood Atlanta Studios by Atlanta, dêr't in grut part fan Avengers: Endgame filme waard.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Avengers: Endgame waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de filmdistribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dat de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios is. De film gie op 22 april 2019 yn it Los Angeles Convention Center yn Los Angeles yn premiêre. Dêrnei iepene Avengers: Endgame yn 'e bioskopen earst op 24 april yn Austraalje, Sina, guon oare lannen yn Aazje en beskate lannen yn Jeropa, doe op 25 april yn it Feriene Keninkryk en pas op 26 april yn 'e Feriene Steaten. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 24 maaie by platemaatskippij Hollywood Records. Avengers: Endgame kaam op 30 july 2019 beskikber as digitale download en waard op 13 augustus fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray. Sûnt 12 novimber 2021 is de IMAX-ferzje fan 'e film ek beskikber fia streamingtsjinst Disney+.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Avengers: Endgame oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren. Hy hie benammen lof foar it "grappige, goed yndielde, fernimstige, saakkundich skreaune senario fan Christopher Markus en Stephen McFeely, de strakke rezjy fan Anthony Russo en Joe Russo, […] de rûnom geweldige akearprestaasjes." Yn it tydskrift Rolling Stone parte Peter Travers oan Avengers: Endgame 4 fan 5 stjerren ta. Hy skreau: "Je hoege gjin grapkes te meitsjen oer de klisjeemjittige tiidreisplot; de film is ree, willich en by steat om dêr syn eigen grapkes oer te meitsjen, wêrby't Back to the Future in flink pak op 'e hûd kriget."

 
It ynterieur fan 'e Katedraal fan Durham yn Durham (Ingelân) gie yn Avengers: Endgame troch foar it Asgard út 2013.

Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter fûn dat wat "jin noch it meast bybliuwt, is, frjemd genôch foar in troch special effects oandreaune stripferfilming, de karakterisearring, yn 't bysûnder fan Downey, Ruffalo, Evans, Hemsworth, Brolin en Paul Rudd." Neffens Justin Chang fan 'e Los Angeles Times "berikt en fertsjinnet Endgame syn klimaktyske opwâling fan gefoelens, al slagget it krekt net in echte katarsis te heljen." Yn The New York Times wie A.O. Scott noch tebekhâldender. Hy neamde de film "in monumint foar adekwaatheid, in tapaslike slútstien foar in mediafranchise dy't útfigelearre hat hoe't er genôch fan 'e tiid goed genôch foar genôch minsken wêze kin." Hy foarsei ek dat dit net it lêste is wat it publyk ea fan 'e Avengers hearre sil: "Net dat it echt foarby is, fansels, mar Disney en Marvel binne noch wat nije ronfels yn it tiid-jildkontinuum oan it betinken."

Neffens party resinsinten wie Avengers: Endgame in oansjenlike ferbettering oer de lêste Avengers-film, Avengers: Infinity War (2018). Sa fûn Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com Infinity War "te fol personaazjes, te fluch ôfraffele en dochs ek te lang". Yn ferhâlding dêrmei fûn er Endgame "in hertlike en befredigjende ûnderfining." Oaren fûnen Endgame krekt wer te lang. Sa skreau Anthony Lane yn The New Yorker: "Ien ding dat jo witte moatte oer Avengers: Endgame is dat [de film] justjes langer as trije oeren duorret, en dat jo ûnder de middelste oere der maklik eefkes tuskenút knipe kinne om wat te winkeljen om foar de klimaks wer yn jins stoel werom te glûpen. Dan sille jo alhiel neat mist hawwe."

 
It plakje St Abbs, yn Skotlân, die by de opnamen fan Avengers: Endgame tsjinst as Nij-Asgard.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Avengers: Endgame in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 550 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei spanning, fermaak en emosjonele oangripendheid docht Avengers: Endgame alles dat mar nedich is om in befredigjende ein oan 'e epyske Infinity Saga fan Marvel te breidzjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Avengers: Endgame in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 57 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Avengers: Endgame brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $858,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $1.941,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $2.799,5 miljoen (oftewol krapoan $2,8 miljard). Ofset tsjin it budget fan $356 miljoen betsjut dat in winst fan $2.443,5 miljoen (oftewol rom $2,4 miljard), hoewol't dêr de kosten foar de mânske marketingkampanje noch wol ôf moatte. Bûten de Feriene Steaten die Avengers: Endgame it it bêst yn Sina ($629 miljoen), it Feriene Keninkryk ($115 miljoen), Súd-Koreä ($105 miljoen), Brazylje ($86 miljoen) en Meksiko ($78 miljoen).

 
Akteurs Scarlett Johansson en Paul Rudd by in fraachpetear oer Avengers: Endgame.

Dêrmei wie Avengers: Endgame de meast opbringende film fan 2019 en doedestiden ek de meast opbringende film aller tiden, oant yn maart 2021 Avatar (2009) op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht waard en dy titel weromferovere. Avengers: Endgame wie ek de fyfde film dy't de grins fan in opbringst fan mear as $2 miljard oergie, nei Titanic (1997), Avatar (2009), Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) en Avengers: Infinity War (2018). It wie de twadde film, nei Avatar, dy't de grins fan in opbringst fan mear as $2,5 miljard oergie, en dat die Avengers: Endgame yn 20 dagen, folle flugger as de 72 dagen dy't Avatar dêrfoar nedich hie.

Prizen bewurkje seksje

Avengers: Endgame waard yn 2020 nominearre foar de Oscar foar bêste fisuele effekten. De film waard ek nominearre foar de BAFTA yn deselde kategory, de Grammy Award foar bêste soundtrack foar fisuele media, de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm), de Nebula Award foar bêste dramatyske presintaasje en de Satellite Awards foar bêste lûd en bêste special effects.

 
Reklame foar Avengers: Endgame by in bioskoop yn Bristol (Ingelân).

By de Saturn Awards waard Avengers: Endgame nominearre foar 14 prizen, wêrûnder bêste regisseur, bêste akteur (Chris Evans), bêste byrol fan in akteur (Jeremy Renner), twa kear bêste byrol fan in aktrise (Scarlett Johansson en Karen Gillan), bêste senario, bêste filmmuzyk en bêste kostúmûntwerp. De film wûn 6 Saturn Awards, foar bêste stripferfilming, bêste akteur (Robert Downey jr.), bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp, bêste fisazjy en bêste special effects. De film wûn ek in Screen Actors Guild Award foar bêste groep stuntlju.

Avengers: Endgame waard fierders nominearre foar in Annie Award (wûn), in BET Award, 3 Critics' Choice Movie Awards (2 wûn), 7 People's Choice Awards (3 wûn), 4 MTV Movie Awards (3 wûn), 9 Teen Choice Awards (4 wûn) en 11 Nickelodeon Kids' Choice Awards (2 wûn).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6 Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)