Matt Zoller Seitz

Matt Zoller Seitz (folút: Matthew Zoller Seitz; ?, 26 desimber 1968) is in Amerikaansk sjoernalist, filmkritikus, filmhistoarikus, tillefyzjekritikus, tillefyzjehistoarikus en publisist.

Matt Zoller Seitz
persoanlike bysûnderheden
echte namme Matthew Zoller Seitz
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 26 desimber 1968
berteplak ûnbekend (Feriene Steaten)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, tillefyzjekritikus,
publisist
jierren aktyf 1990 – no
offisjele webside
Matt Zoller Seitz op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Seitz waard berne yn 1968, mar wêr krekt yn 'e Feriene Steaten, dat is net alhiel dúdlik. Hy is fan Dútsk etnysk komôf en syn heit wie jazzpianist David Zoller (1941-2020). Hy groeide fierhinne op yn Dallas, yn 'e Amerikaanske steat Teksas.

Karriêre bewurkje seksje

Seitz begûn syn karriêre as kollumnist by de krante de Dallas Observer, dêr't er skreau oer de Amerikaanske media. Letter wurke er as tillefyzjekritikus foar The Newark Star Ledger út Newark (Nij-Jersey) en teffens foar de webside Salon.com, wylst er tagelyk as filmkritikus bydragen levere oan The New York Times. Yn 1994 waard Seitz nominearre foar de Pulitzerpriis foar Krityk. Fan 1996 ôf publisearre er ferskate non-fiksjeboeken oer de skiednis fan 'e Amerikaanske film- en tillefyzje-yndustry fan Hollywood.

Tsjintwurdich is Seitz as redakteur ferbûn oan 'e filmkritykwebside RogerEbert.com, en wurket er as tillefyzjekritikus foar it tydskrift New York en de webside Vulture.com. Dêrnjonken is er ek sjuerylid foar de útrikking fan 'e George Foster Peabody Awards. Seitz is fierders de oprjochter fan it blôch The House Next Door, dat him dwaande hâldt mei krityk op films en de bredere media. Yn 2005 skreau er it senario foar de spylfilm Home, dy't er ek sels regissearre en montearre.

Priveelibben bewurkje seksje

Seitz is twa kear widner wurden. Fan 1994 oant har ferstjerren op 27 april 2006 wied er troud mei Jennifer Dawson. Mei har krige er twa bern, dochter Hannah en soan James. Seitz wertroude yn febrewaris 2017 mei Nancy Dawson, dy't de suster fan syn earste frou wie en de eks-frou fan syn broer Rich. Hja wennen om en om yn Brooklyn yn New York en Cincinnati yn Ohio. Nancy Dawson stoar oan kanker op 27 april 2020.

Publikaasjes bewurkje seksje

  • 1996 – Brad Pitt
  • 2013 – The Wes Anderson Collection
  • 2015 – The Wes Anderson Collection: The Grand Budapest Hotel
  • 2015 – Mad Men Carousel: The Complete Critical Companion
  • 2016 – TV (The Book): Two Experts Pick the Greatest American Shows of All Time (mei Alan Sepinwall)
  • 2016 – The Oliver Stone Experience
  • 2017 – Guillermo del Toro's The Devil's Backbone (mei Simon Abrams)
  • 2019 – The Sopranos Sessions (mei Alan Sepinwall)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.