Dallas (Teksas)

Dallas (Teksas)

Dallas is de op twa nei grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Teksas (nei Houston en San Antonio), en de op acht nei grutste stêd fan 'e hiele Feriene Steaten. It foarmet in twillingstêd mei it oangrinzgjende Fort Worth (ûnder de namme Dallas/Fort Worth), en is it haadplak fan Dallas County, mar guon bûtenwiken lizze yn it oanswettende Collins County, Denton County, Kaufman County en Rockwall County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Dallas doe krapoan 1¼ miljoen ynwenners. De stêdekloft dêr't Dallas, Fort Worth, Arlington en oare plakken ta hearre, hie yn 2012 in befolking fan rom 6,6 miljoen minsken, wat it ta de op trije nei grutste agglomeraasje fan it lân makket.

Dallas
Emblemen
          
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
County Dallas County
Collins County
Denton County
Kaufman County
Rockwall County
Sifers
Ynwennertal 1.241.162 (2012)
Oerflak 999,3 km² (ynkl. wetter)
881,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.358,2 / km²
Stêdekloft 6.645.678 (2012)
Hichte 131 m
Oar
Stifting 1841
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 32°46′33″N 96°47′48″W
Offisjele webside
www.dallascityhall.com
Kaart
De lizzing fan Dallas yn en bûten Dallas County en yn 'e steat Teksas.

Dallas leit yn it flakke noardeastlike diel fan Teksas, oan 'e rivier de Trinity, in streamke dat te ûndjip is foar skipfeart. Bûten Teksas stiet Dallas benammentlik bekend om 'e tillefyzjesearje Dallas, út 'e tachtiger jierren, en om't it it plak is dêr't yn 1963 de Amerikaanske presidint John F. Kennedy deasketten waard.

De krite dêr't Dallas no leit, hearde iuwenlang ta it wengebiet fan 'e Kaddo-Yndianen. Yn 'e achttjinde iuw kaam it by it Spaanske ûnderkeninkryk Nij-Spanje te hearren, al makken de Frânsen der ek oanspraak op. Yn 1819 waard yn it Adams-Onis-Ferdrach lykwols de Reade Rivier as de noardgrins fan Nij-Spanje fêstlein. Twa jier letter, yn 1821, waard Nij-Spanje ûnôfhinklik ûnder de namme Meksiko. De omkriten fan Dallas waarden doe ûnderdiel fan 'e Meksikaanske dielsteat Coahuila y Tejas. Mei de rest fan Teksas makke it him yn 1836, nei de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, los fan Meksiko. Yn 'e tiid dat Teksas in selsstannich lân wie, tusken 1836 en 1845, waard yn novimber 1841 troch de Arkansaanske keapman John Neely Bryan Dallas stifte, en (wierskynlik) ferneamd nei de doetiidske Teksaanske fise-presidint George M. Dallas. It earste hûske, dat Bryan sels boude, stiet noch altyd yn it sintrum fan 'e stêd.

 
Dallas Hall, in gebou fan 'e Súdlike Metodistyske Universiteit.

Dallas krige yn 1856 offisjeel de status fan stêd, al stelde de delsetting doedestiden noch net in soad foar. Yn 1860 hie it noch mar 678 ynwenners, ynkl. hast hûndert negerslaven en in relatyf grut tal Belgen, Frânsen, Dútsers en Switsers. Yn july fan dat jier briek der brân út en waard in grut part fan it stedsje yn 'e jiske lein. De slaven krigen de skuld; twa blanke abolysjonisten waarden de stêd útjage, trije slaven waarden ophongen en alle oare slaven moast op befel fan it stedsbestjoer in pak op 'e hûd jûn wurde mei de swipe. Doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, stiene de Dallasters as ien man efter it Teksaanske beslút om 'e steat ôf te skieden fan 'e Uny en oan te sluten by de Konfederaasje. Dallas lei in hiel ein fan alle fronten ôf en litte gjin skea yn 'e oarloch.

Nei de oarloch fêstigen har in protte befrijde slaven yn Dallas, mei't it in plak wie dat yn ferhâlding ta in grut part fan it Suden noch goed ôf wie. De blanken fielden har bedrige, en yn 1868 makke de rasistyske Ku Klux Klan foar it earst syn opwachting yn 'e stêd. Underwilens gie de modernisaasje fierder, en nei de oanlis fan ferskate spoarlinen ûntjoech Dallas him fan 1873 ôf ta in knooppunt yn it spoarnetwurk. Dat soarge foar in eksplosive befolkingsgroei fan 3.000 ynwenners yn begjin 1872 ta 7.000 yn septimber datselde jiers. Dêrmei begûn Dallas him te ûntwikkeljen ta in yndustrystêd. Yn 1890 anneksearre Dallas de selsstannige stêd East Dallas, wat derfoar soarge dat it de grutste stêd fan Teksas waard. Tsjin 'e iuwwiksel wie Dallas de grutste medisine-, boeke-, juwielle- en drankprodusint fan 'e súdwestlike Feriene Steaten. It wie fierders wrâlds grutste katoenstêd dy't net oan 'e kust lei, en in wichtich plak foar de hannel yn nôt en slachtfee.

Under de Meksikaanske Boargeroarloch (1910-1920) setten har in protte Meksikaanske flechtlingen nei wenjen yn Dallas, yn in wyk dy't al rillegau Little Mexico kaam te hjitten. Yn Dallas fûnen se wurk yn 'e yndustry en de lânbou. Nettsjinsteande dat de Grutte Depresje al begûn wie, gie it Dallas yn 1930 ekonomysk noch foar de wyn. Datselde jiers ûntdiek Columbus Marion "Dad" Joiner, yn Kilgore, 160 km beëasten Dallas, oalje, wêrmei't er de oanset joech ta de Teksaanske Oaljehausse. Mei gauwens waard Dallas it finansjele sintrum fan 'e Teksaanske en Oklahomaanske oaljeyndustry. Sa waard de Krisis oant 1931 op in distânsje holden, oant de oaljeprizen troch oerproduksje omleech giene. Nei't de Grutte Depresje úteinlik ek Dallas swier troffen hie, klaude de stêd wer by de wâl op troch him ûnder de Twadde Wrâldoarloch te ûntwikkeljen ta in wichtich produksjeplak fan oarlochsmaterieel.

 
Presidint John F. Kennedy en syn frou Jackie arivearje op it fleanfjild Love Field, te Dallas, op 22 novimber 1963, luttele oeren foar't Kennedy fermoarde wurde sil.

Yn 'e fyftiger en sechstiger jierren waard Dallas de op twa nei grutste technologyprodusearjende stêd fan 'e Feriene Steaten, mei sokke grutte bedriuwen as de LTV Corporation en Texas Instruments. Op 22 novimber 1963 brocht presidint John F. Kennedy in besyk oan 'e stêd, en waard er ûnder in rûnrit yn in iepen auto deasketten doe't er Dealey Plaza foarby ried. De boppeste beide ferdjippings fan 'e Texas School Book Depository, it gebou dêr't neffens de offisjele ferzje fan it barren moardner Lee Harvey Oswald de presidint yn in mûklaach opwachte, binne no in histoarysk museum oer Kennedy syn libben en wurken. Wat der dy deis wier-wier bard is, is noch altiten ûndúdlik en it hat der alle skyn fan dat dat ek sa bliuwe sil.

Ein jierren santich, begjin jierren tachtich ûndergie Dallas in hausse yn 'e ûnreplik-goedmerk. Dit wie ek de tiid dat de stêd yn 'e widere wrâld bekend waard troch de ikoanyske tillefyzjesearje Dallas, oer de oaljeprodusearjende famylje Ewing, dy't ûnderling allegeduerigen deilis wie. Benammen de smjunt fan 'e famylje, J.R. Ewing, "the man you love to hate", spile troch akteur Larry Hagman, waard wrâldferneamd.

 
It knooppunt fan 'e Central Expressway en de I-635, dat yn 'e folknamme bekendstiet as de High Five.

Yn 'e twadde helte fan 'e jierren njoggentich fûn der yn 'e stêd in eksplosive groei plak yn 'e telekomyndustry. Dallas waard de Teksaanske wjergader fan it Kalifornyske Silicon Valley, en krige de bynamme fan 'e Silicon Prairie. De pleatslike ekonomy waard dan ek swier troffen troch it barsten fan 'e saneamd dot.com-bûl, koart nei it begjin fan it nije milennium. Tsjin 2004 begûn it wer better te gean, mar troch de bankekrisis fan 2008 krige Dallas it op 'e nij dreech te stellen.

Dallas hjoed de dei

bewurkje seksje

Hjoed de dei is Dallas noch altiten it finansjele en kulturele hert fan noardeastlik Teksas, mei in ekonomy dy't fierhinne stipet op it bankwêzen, hannel, tillekommunikaasje, kompjûtertechnology, enerzjy (oalje nimt noch altyd in wichtich plak yn), sûnenssoarch, medysk ûndersyk, transport en logistyk. Dallas is it wichtichste sintrum fan 'e grutste Amerikaanske stêdekloft dy't gjin inkele befarbere ferbining mei de see hat. De wichtichste lofthaven, de Ynternasjonale Lofthaven Dallas/Fort Worth, is ien fan 'e grutste en drokste fleanfjilden fan 'e wrâld. Dallas hat noch in lytser, sekundêr fleanfjild dat fan Dallas Love Field (of koartwei Love Field) hjit. Sûnt 2007 wurdt yn Dallas elts jier yn maart en/of april it Ynternasjonaal Filmfestival fan Dallas holden.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Dallas 8,8% âlder as 65 jier en 26,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 42,0% fan 'e húshâldings út ien persoan. Ut âldere sifers, oer de perioade 2005-2007, die bliken dat doe 21,7% fan 'e befolking fan Dallas ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 42,4% Latino's (wêrfan 36,8% Meksikanen; 28,8% blanken; 25,0% swarten; 2,9% Aziaten; 0,7% Yndianen; 0,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

 
It eardere gerjochtsgebou fan Dallas County, no yn gebrûk as museum.
 
De skyline fan Dallas yn 2017.
 
De Margaret Hunt Hill Bridge oer de rivier de Trinity.

Berne yn Dallas

bewurkje seksje

Stoarn yn Dallas

bewurkje seksje

Dallas hat in fochtich subtropysk klimaat, al komme der yn dy omkriten ek drûge, waarme winen út it noarden en westen foar, dy't benammen simmerdeis it kwik withoeheech oprinne litte kinne. Yn jannewaris hat de stêd oerdeis in trochsneed temperatuer fan 13,8 °C, yn july is dat 29,9 °C. Der binne sa'n tweintich dagen jiers dat de waarmte oprint ta 38 °C of heger; de mearderheid dêrfan falt yn augustus. Ferskate dagen komme sels boppe de 43 °C út. As men inkeld nei temperatuer sjocht, is de midnoardlike krite fan Teksas, dêr't Dallas leit, ien fan 'e hjitste gebieten fan 'e Feriene Steaten. Allinnich de Mohavewoastyn, op 'e grins fan Arizona, Nevada en Kalifornje, is noch hjitter. Der falt yn Dallas trochstrings 916,4 mm delslach it jier (feiten fan 'e mjitperioade 1961-1990).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.