Ynternasjonaal Filmfestival fan Dallas

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Dallas (Ingelsk: Dallas International Film Festival), soms ôfkoarte ta DIFF, is in filmfestival dat elts jier yn maart en april holden wurdt yn Dallas, yn 'e Amerikaanske steat Teksas.

Ynternasjonaal Filmfestival
fan Dallas
Dallas International Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Teksas
county Dallas County
plak Dallas
tiid fan it jier maart/april
bysûnderheden
ôfkoarting DIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 2007 – no
org. troch Dallas Film Society
offisjele webside
www.dallasfilm.org

It evenemint wurdt organisearre troch de Dallas Film Society, dy't oprjochte waard yn 2006. De earste edysje fûn plak yn 2007, doe noch ûnder de namme Ynternasjonaal AFI-Filmfestival fan Dallas (AFI Dallas International Film Festival), sponsore troch it Amerikaansk Filmynstitút (AFI). De hjoeddeistige namme naam it evenemint oan yn 2010.

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Dallas wurde de Star Awards útrikt, wêrfan't de namme ferwiisd nei sawol de 'Iensume Stjer' op 'e flagge fan Teksas (dat dêrom wol de Lone Star State neamd wurdt) as nei de stjerren fan 'e filmyndustry.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.