Haadmenu iepenje

In filmfestival is in organisearre evenemint yn 'e foarm fan in festival, dat oer in stikmannich dagen holden wurdt yn in stêd of regio, mei as doel om films ûnder de oandacht te bringen fan it publyk. Foar it fertoanen fan films meitsje filmfestivals yn 'e regel gebrûk fan ferskate filmsealen tagelyk, meastal yn ûnderskate bioskopen. Ek komt it almar mear foar dat films op sokke festivals yn 'e iepen loft fertoand wurde. Filmfestivals tsjinje ek as moetingsplak foar filmmakkers, lykas regisseurs en produsinten, en oaren dy't mei de filmyndustry te krijen hawwe.

De measte films dy't op filmfestivals oanpriizge wurde, binne koartlyn makke, of it moat wêze dat it festival in tema hat yn it ramt wêrfan't films út 'e âlde doaze wer op 'e nij foar it fuotljocht brocht wurde. Guon films hawwe har alderearste fertoaning op in filmfestival en geane dêr dan dus yn premiêre (hoewol't beskate filmhistoarisy in premiêre op in filmfestival net as in 'echte' premiêre beskôgje). Ofhinklik fan wêr't it oanbelangjende filmfestival him op rjochtet, kinne der regionale, binnenlânske en/of bûtenlânske films te sjen wêze. As der ek bûtenlânske films fertoand wurde, hat it filmfestival ornaris it wurd 'ynternasjonaal' yn 'e namme. Guon filmfestivals rjochtsje har op films fan ien beskaat sjenre, lykas film noir, horror of science fiction. Oer it algemien wurde op filmfestivals sawol spylfilms as koarte films fertoand, en faak ek dokumintêres.

De meast prestizjeuze filmfestivals fan 'e wrâld binne it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn Frankryk, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn, yn Dútslân, en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, yn Itaalje. Dy eveneminten wurde soms de "Grutte Trije" neamd. It grutste filmfestival bûten Jeropa is it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, yn Kanada. It âldste filmfestival is dat fan Feneesje, dat datearret fan 1932. De âldste filmfestivals fan Noard-Amearika binne it Ynternasjonaal Film & Fideo Festival fan Columbus, yn Ohio (ek bekend as The Chris Awards), dat foar it earst holden waard yn 1953, en it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco, yn Kalifornje, dat ûntstie yn 1957. Tegearre hawwe dy beide festivals in grutte rol spile by it yntrodusearjen fan bûtenlânske films yn 'e Feriene Steaten. Yn Fryslân wurdt elts jier yn oktober it Noardlik Film Festival holden.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.