Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto (Ingelsk en offisjeel: Toronto International Film Festival) is in filmfestival dat elts jier yn begjin septimber holden wurdt yn 'e Kanadeeske stêd Toronto. De namme wurdt gauris ôfkoarte ta TIFF (en stilearre as tiff). It is ien fan 'e grutste publyk tagonklike filmfestivals fan 'e wrâld, dêr't anno 2018 elts jier mear as 480.000 besikers op ôf komme. Sûnt de oprjochting yn 1976 is it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto útwoeksen ta in museumeftige bestimming foar filmkultuer dy't hiele jier rûn besocht wurde kin yn 'e TIFF Bell Lightbox, in dynamysk sintrum op it mêd fan film yn 'e binnenstêd fan Toronto.
Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto Toronto International Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Ontario | |
plak | Toronto | |
holden yn | de TIFF Bell Lightbox | |
tiid fan it jier | begjin septimber | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | TIFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1976 – no | |
offisjele webside | ||
tiff.net |
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto is in alve dagen duorjend evenemint, dat begjint op 'e jûn fan 'e tongersdei nei de Dei fan de Arbeid, dy't yn Kanada op 'e earste moandei yn septimber falt. It festival wurdt holden op ferskate lokaasjes yn 'e binnenstêd fan Toronto. Yn 2016 waarden dêr yn 28 filmsealen 397 films út 83 lannen fertoand oan 480.000 besikers, wêrûnder mear as 5.000 faklju út 'e filmyndustry. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto wurde de Toronto International Film Festival People's Choice Awards útrikt.
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto is útwoeksen ta ien fan 'e meast prestizjeuze filmfestivals fan 'e wrâld, en docht neffens in artikel dat yn 1998 yn it tydskrift Variety ferskynde, inkeld noch ûnder foar it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Yn 2007 brocht it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto foar de stêd Toronto jiers nei skatting C$67 miljoen yn 't laadsje. Tsjin 2011 wie dat bedrach groeid ta K$170 miljoen.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto waard yn 1976 oprjochte troch Bill Marshall, Dusty Cohl en Henk van der Kolk, ûnder de namme Toronto Festival of Festivals. Dy oantsjutting ferwiisde nei de oarspronklike bedoeling fan it festival as in plak dêr't de bêste films fan oare filmfestivals fertoand waarden. De earste edysje, yn it Windsor Arms Hotel, waard iepene op 18 oktober 1976 en duorre oant en mei 24 oktober. Der kamen doe 35.000 besikers op ôf, dy't 127 films út 30 lannen sjen koene.
Yn 1994 waard Piers Handling de direkteur fan it evenemint. Dyselde feroare by syn oantreden daliks de namme Toronto Festival of Festivals yn Toronto International Film Festival. Sûnt dy tiid wurde op it filmfestival ek films fertoand dy't noch nearne oars te sjen west hawwe. Under mear American Beauty, 127 Hours en Black Swan giene op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto yn premiêre. De organisaasje efter it filmfestival hiet fan 1994 ôf de Toronto International Film Festival Group (TIFFG), mar waard yn 2009 omneamd ta TIFF.
Yn 1984 waard op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto in programma mei as namme Perspective Canada ynfierd dat him poer talei op Kanadeeske films. (Dat programma bestie njonken ferskate oaren, dy't har taleine op ynternasjonale films.) Yn 2001 waard Perspective Canada ferfongen troch twa oare filmprogramma's: Canada First!, foar 8 oant 15 Kanadeeske spylfilms, en Short Cuts Canada foar 30 oant 40 Kanadeeske koarte films. Yn 2017 waard it totale oanbod oan spylfilms op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto werombrocht fan likernôch 400 (yn it foargeande jier) nei 255.
Yn 2007 waard op 'e hoeke fan King Street en John Street yn it sintrum fan Toronto begûn mei de bou fan de C$181 miljoen kostjende TIFF Bell Lightbox. It bouwurk waard ferneamd nei it Kanadeeske telekombedriuw Bell Canada, dat de bou sponsore, wylst it regear fan Kanada en de Provinsje Ontario subsydzje joegen. Yn 2010 waard it gebou iepene. Sûnt fungearret de TIFF Bell Lightbox net inkeld as de sit foar de organisaasje efter it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, mar ek as in lokaasje foar filmfoarstellings, lêzings, workshops, diskusjes en lytsere festivals op it mêd fan film.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|