In koarte film is in film dy't oangeande tiidsdoer net langernôch is om as in film fan folle lingte beskôge te wurden. Hoewol't der gjin konsinsus is wêr't de grins tusken dy beide filmtypes krekt leit, omskriuwt de gesachhawwende Amerikaanske Academy of Motion Picture Arts and Sciences in koarte film as "in oarspronklike spylfilm dy't in tiidsdoer hat fan 40 minuten of minder, de ôftiteling ynbegrepen".

Koarte films wurde faak fertoand op pleatslike, nasjonale of ynternasjonale filmfestivals. Se wurde ornaris makke as non-profitprojekt troch ûnôfhinklike filmmakkers, en binne dan lowbudgetfilms of nobudgetfilms. As der in budget is, bestiet dat yn 'e regel út in beurs fan in filmfûns of fan in oare non-profitorganisaasje, út jildlike stipe troch in sponsor, of út eigen jild fan 'e filmmakker sels. Koarte films wurde oer it algemien troch filmmakkers brûkt om ûnderfining op te dwaan en/of om harren talinten te bewizen mei as doel om jild foar takomstige filmprojekten los te krijen fan filmfûnsen, private ynvestearders of filmstudio's.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.