Workshop

Wikimedia-betsjuttingsside

In workshop (Ingelsk foar "wurkpleats") is in koarte ûnderwiisaktiviteit wêrby't aktive dielname in wichtige rol spilet. It is beheind yn tiid, en kin datoangeande útinoar rinne fan in healoere oant twa of trije dagen. Ek kinne workshops yn searjes foarkomme; dan lykje se sterk op kursussen.

In workshop ûnder de Wikimedia-konferinsje yn Japan, yn 2009.

Workshops binne in foarm fan ûnderrjocht wêrby't teory- en praktykûnderwiis tagelyk plakfine. Wylst de dosint (of immen út 'e praktyk dy't foar it doel fan 'e workshop in dosearjende rol op him of har nimt) útlis jout oer it ûnderwerp, lit hy of sy daliks ek sjen hoe't soks yn 'e praktyk útfierd wurde moat. Dêrnei wurdt fan 'e dielnimmers ferwachte dat hja de learstof daliks aktyf tapasse.

Oars as by in lêzing, wêrby't de oanwêzigen inkeld taharkje, wurdt yn in workshop faak ek de mooglikheid ta yntinsive diskusje en it oefenjen en ferbetterjen fan 'e feardichheden jûn, wêrby't de workshoplieder oanwêzich is om by te stjoeren en oanfoljende ynformaasje te ferskaffen.

Dizze manear fan lesjaan wurdt sawol tapast op ferskate karriêrerjochte opliedings as dêrbûten, bygelyks om wurkrelatearre feardichheden te ferbetterjen (lykas dy op it ynterpersoanlike flak). Teffens komme workshops foar op it mêd fan hobbys en oare ynteresses.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.