Bioskoop

(Trochferwiisd fan Bioskopen)

In bioskoop is in iepenbier (tsjin betelling) tagonklike útgeansgelegenheid, dy't bedoeld is foar it fertoanen fan films. Dat wurdt dien op in grut 'wyt doek' foaryn in saneamde filmseal dy't folstiet mei oan 'e flier fêstskroefde stuollen, wêrfan't de sitting oer it algemien opklapber is. Heech efteryn de seal is in lyts rútsje mei dêrefter in hokje dêr't de projektor opsteld stiet, dy't rjochte is op it wite doek. De betsjinner fan 'e projektor wurdt de projeksjonist neamd. It wurd 'bioskoop' komt fan it Grykske βιος, bios ("libben") en σκοπειν, skopein ("sjen"), dus frij fertaald: "it sjen fan bewegende bylden". De alderearste bioskoop waard yn 1895 yn 'e Dútske haadstêd Berlyn iepene.

Utsjoch oer in filmseal fanôf it sitplak fan 'e projeksjonist.

It tal besikers dat tagelyk yn ien bioskoop terjochte kin, hinget ôf fan it tal filmsealen en it tal sitplakken de seal. Nijere bioskopen beskikke, fral yn gruttere stêden (dêr't fanwegen de befolkingsgrutte mear publyk ferwachte wurde mei), oer mear en gruttere sealen. Yn âldere bioskopen, dêrfoaroer, binne de sealen oer it algemien lytser en de oantallen sitplakken de seal beheinder. Ek hawwe âldere bioskopen ornaris minder filmsealen (soms sels mar ien). By moderne bioskopen wurdt ûnderskie makke tusken in cityplex (oant 7 sealen), in multiplex (7-14 sealen) en in megaplex (mear as 14 sealen). Fral yn 'e Feriene Steaten besteane ek drive-inbioskopen, dêr't de film op in skerm fertoand wurdt dat foar in grut parkearterrein opsteld is, en dêr't de besikers de film fan harren auto út besjogge.

Yn 'e measte gefallen meie bioskoopbesikers nei it keapjen fan in tagongskaartsje sels in plakje yn 'e filmseal útsykje. Foarhinne wie it lykwols gauris wenst dat der in kaartsje foar in beskaat sitplak kocht waard, wêrby't kaartsjes foar de ferskillende stuollen yn priis ferskilden. Dan waard men troch in saneamde ûvreuze nei jins plak begelaat om al of net opsetlike fersinnen foar te kommen. Yn hiele sjike bioskopen wurkje hjoed de dei noch wol sokke ûvreuzes.

In soad lannen kenne yn 'e bioskoop in foarm fan sinsuer dy't basearre is op leeftyd. Dat systeem is bedoeld om bern te beskermjen tsjin bylden dy't net gaadlik of sels skealik foar harren achte wurde. Yn Nederlân wurde films op dat mêd beoardiele troch de Sjochwizer, dy't se yndielt yn 'e kategoryen gaadlik foar AL (alle leeftiden), 6 jier, 12 jier en 16 jier. Yn maart 2009 waard de kategory gaadlik foar 9 jier dêroan tafoege. Der jildt in wetlik ferbod (Wetboek fan Strafrjocht kêst 240a) foar bioskoopeksploitanten om jongerein fan ûnder de 16 ta te litten by in film yn 'e Sjochwizerkategory fan 16 jier en âlder. Dêrom wurdt der yn twifelgefallen by de kassa fan 'e bioskoop nei in identiteitsbewiis frege.

Nederlân hie yn 2008 127 reguliere bioskopen en likernôch 60 spesjalisearre seksbioskopen, dy't allinnich pornografyske films fertoane. Yn 1956 berikte it bioskoopbesyk yn Nederlân in hichtepunt fan 70 miljoen minsken jiers. Neitiid sakke dat stadichoan yn troch de opkomst fan 'e tillefyzje. It djiptepunt wie yn 1985, doe't der mar 15 miljoen minsken nei de bioskoop giene. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw en yn it begjin fan 'e ienentweintichste iuw is it bioskoopbesyk wer licht tanommen, oant 30 miljoen minsken yn 't jier yn 2012. De helte fan alle Nederlanners giet teminsten ien kear jiers nei de bioskoop. Gemiddeld bioskooppublyk yn Nederlân docht dat fjouwer kear yn 't jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.