Ku Klux Klan
De Ku Klux Klan (útspr.: [ˌkuːklʌksˈklæn], likernôch: "kûû-klaks-klên"), is in beruchte, yllegale, paramilitêre, terroristyske, rjochts-ekstremistyske groepearring yn 'e Feriene Steaten. De namme fan 'e groepearring wurdt gauris ôfkoarte ta KKK en ek wol ferkoarte ta "de Klan" (om't it gewoane wurd "clan" yn it Ingelsk mei in c stavere wurdt). In oare beneaming is it Invisible Empire ("it Unsichtbere Ryk") of it Invisible Empire of the Ku Klux Klan. Mei't der net ien inkele KKK-groep bestiet, mar ferskaten njonkeninoar, kin eins net sprutsen wurde fan in organisaasje, mar is de oantsjutting 'beweging' hjir mear fan tapassing. De KKK is fan âlds it meast aktyf yn it Amerikaanske Suden en ûnderskiedt him fan oare ekstremistyske organisaasjes mei in fierhinne gelikens gedachteguod trochdat leden har op gearkomsten klaaie yn lange wite mantels en kegelfoarmige hege wite puntmûtsen dêr't in anonimisearjend (wyt) masker oan befêstige is dat oer it gesicht hinne hinget.
Ku Klux Klan | ||
In gearkomste fan 'e KKK by Chicago omtrint 1920. | ||
emblemen | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | KKK | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type org. | klandestine paramilitêre rasistyske maatskiplike org. | |
wurkmêd | polityk, sosjaal | |
haadkertier | geheim | |
off. taal | Ingelsk | |
oprjochte | 1865 (Earste Klan) 1915 (Twadde Klan) 1946 (Trêde Klan) | |
opdoekt | 1872 (Earste Klan) 1944 (Twadde Klan) | |
oprjochter | 6 ofsieren út it leger fan 'e Konfederaasje | |
tal leden | ûnbekend (Earste Klan) 3–8 miljoen (Twadde Klan) 5.000–8.000 (Trêde Klan) | |
aktyf yn | Amerikaanske Suden | |
offisjele webside | ||
ferskaat, sjoch: hjirre |
De beweging waard yn 1865, oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, foar it earst oprjochte en hat sûnt yn trije ûnderskate ynkarnaasjes bestien, te witten de earste Klan (1865-1872), de twadde Klan (1915-1944) en de trêde Klan (fan 1946 ôf). Hoewol't de KKK benammen bekend stiet om 'e ferfolging fan negroïde minsken omreden fan harren hûdskleur, keart de beweging him ek tsjin Joaden, Latino's, Yndianen, Aziaten, blanken dy't in relaasje hawwe mei immen fan in oar ras, roomsen, moslims, ateïsten, homo's, feministen, ymmigranten, sosjalisten, kommunisten, fakbûnsleden en foarstanners fan it rjocht op abortus, eutanasy en it homohoulik. By harren aksjes skrilje KKK-leden net tebek foar it gebrûk fan geweld of sels foar moard.
Namme
bewurkje seksjeDe namme "Ku Klux Klan" waard nei alle gedachten foarme troch it Grykske wurd κύκλος, kyklos ("sirkel") te kombinearjen mei it fan oarsprong Keltyske wurd "clan" (dat "famyljegroep" betsjut). Kyklos wie earder yn it Amerikaanske Suden brûkt foar oare organisaasjes, lyks de Kuklos Adelphon. In faak hearde teory, dat it "Ku Klux"-part fan 'e namme "Ku Klux Klan" basearre is op it lûd dat it trochladen fan in jachtgewear makket, is nei alle gedachten net wier.
Skiednis
bewurkje seksjeEarste Klan
bewurkje seksjeOprjochting as heareklub
bewurkje seksjeYn 'e skiednis fan 'e Ku Klux Klan hawwe trije ûnderskate Klans bestien. De earste Klan waard op 24 desimber 1865, sa'n trije fearnsjier nei de kapitulaasje fan 'e (súdlike) Konfederearre Steaten fan Amearika yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, oprjochte yn Pulaski, yn 'e Amerikaanske steat Tennessee. De oprjochters wiene seis âld-ofsieren út it Konfederearre Leger: Frank McCord, Richard Reed, John Lester, John Kennedy, J. Clavin Jones en James Crowe. Harren organisaasje begûn as in heareklub dy't alteast foar in part ynspirearre wie troch de doe fierhinne ophefte Sons of Malta. De groep ûntliende yn elts gefal dielen fan syn inisjaasjerite oan dy eardere organisaasje. Bespotlike ûntgrienings, it ferbjusterjen fan publike belangstelling en it fermaak fan 'e leden wiene op dat stuit de iennichste doelen fan 'e KKK.
De ynfiering fan it dragen fan lange kladen mei maskere puntmûtsen datearret út dy begjintiid, al wie dy dracht doe net wyt. it is net dúdlik wêr't de kladen en puntmûtsen wei kamen; der wurdt wol sein dat se oernommen waarden fan 'e (swarte) kladen mei (swarte) maskere puntmûtsen dy't boetelingen drage by beskate roomske prosesjes yn Spanje. It is ek mooglik dat it dragen fan sokke klean tebek giet op 'e unifoarmen dy't droegen waarden by Mardi Gras-fierings yn it Amerikaanske Suden yn it Antebellum-tiidrek.
Feroaring yn in paramilitêr geheim genoatskip
bewurkje seksjeNei't it skynt feroare de KKK fan april 1867 ôf stadichoan fan aard oant it in op paramiltêre least skuoid geheim genoatskip wurden wie. Yn it Tiidrek fan 'e Weropbou waarden oan 'e eardere negerslaven deselde minskerjochten taparte as oan 'e blanken. Yn it Amerikaanske Suden wiene rike blanken it dêr net mei iens om't se de swarten útsoarte noch altyd as harren slaven seagen. Paradoksaal genôch wiene de earme blanken, dy't nea slaven hân hiene, der noch folle mear op tsjin, om't de gelykberjochtinging fan swarten har de iennichste maatskiplike status ûntnaam dy't se oant dy tiid ta hân hiene. Sadwaande kamen de leden fan 'e KKK meitiid ta de konklúzje dat der dochs noch earnstich wurk foar harren te dwaan wie. En dat wie de swarten tebeksette nei it plak dat se yn 'e sosjale hierargy fan it Suden altyd ynnommen hiene: hielendal ûnderoan.
Groei en ynfloed
bewurkje seksjeHoewol't der net folle organisasjonele struktuer bestie boppe it pleatslike nivo, ûnstiene der oeral yn it Suden soartgelikense groepearrings, dy't deselde namme en deselde metoaden oannamen. It wie in soarte fan fersetsbeweging dy't de supremasy fan it blanke ras útdroech, en dy't him behalven tsjin swarten "dy't har plak net koene" ek kearde tsjin saneamde carpetbaggers: blanken út it Noarden dy't de minsken yn it Suden even fertelle soene hoe't se harren maatskippij ynrjochtsje moasten of dy't op opportunistyske wize besochten te profitearjen fan 'e ynstoarting fan 'e Súdlik ekonomy troch de nederlaach yn 'e Boargeroarloch. Yn 1868 waard de eardere Konfederearre generaal Nathan Bedford Forrest keazen as de earste grand wizard ("gruttsjoender") fan 'e Ku Klux Klan, wêrnei't er bewearde de nasjonale lieder fan 'e beweging te wêzen dy't spriek foar alle pleatslike groepearrings (wat nei alle gedachten net sa wie).
Mei't de Boargeroarloch oantoand hie dat in iepen opstân tsjin it Noarden om 'e nocht wie, operearre de KKK yn it Tiidrek fan 'e Weropbou yn it ferhoalene. De leden wiene it leafst ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster aktyf en holden fêst oan 'e kostúms foar inisjaasjeriten út 'e tiid fan 'e hearesosiëteit om't dy in anonimisearjend effekt hiene. As klandestine figilantes diene se har temûke wurk, wêrby't se de sosjale sitewaasje yn it Amerikaanske Suden safolle mooglik besochten werom te draaien nei de status quo ante fan foar de Boargeroarloch. Dat waard yn earste ynstânsje dien troch bedrigings en yntimidaasje, bgl. troch gefallen fan brânstifting, en as dat net wurke, troch it gebrûk fan geweld. Sels gefallen fan moard yn 'e foarm fan lynchings giene se net út 'e wei. De slachtoffers wiene swarten dy't polityk aktyf wiene, en dêropta blanke Noardlike "ynslûpers" en blanke Súdlike sympatisanten fan 'e earste beide groepen.
Resultaten en ûnderdrukking
bewurkje seksjeDe earste Klan behelle mingde resultaten mei syn yllegale aktiviteiten. Oan 'e iene kant slagge it om it politike liederskip fan 'e swarte mienskip yn it Suden slim te ferswakjen troch sawol moard as súksesfolle yntimidaasje, dy't derta late dat guon swarte foaroanmannen har út 'e polityk weromloeken of it Suden ûntflechten. Oan 'e oare kant rôp de Ku Klux Klan in skerpe reäksje fan 'e Amerikaanske federale oerheid oer himsels ôf, wêrby't spesjaal om 'e misdriuwen fan 'e KKK te bestriden de Enforcement Acts as wetten oannommen waarden. Dat joech oerheidstsjinsten fiergeand foech om ûnmeilydsum tsjin Klanleden en fermiende Klanleden fanwegen te kommen. Op dy wize wie tsjin 1872 de oarder yn it Suden werombrocht en de KKK ûnderdrukt. Dat woe net sizze dat dêrmei de ideology fan 'e KKK ek ûnderdrukt wie. Fan 1874 ôf ûntstiene soartgelikense organisaasjes yn it Suden, lykas de White League, dy't begûn yn Louisiana, en de Red Shirts, dy't har út Mississippy wei ferspraten. Dy organisaasjes wiene nau ferbûn oan 'e doetiidske Demokratyske Partij yn it Suden, dy't oant yn 'e 1960-er jierren in rasistyske ynstelling bleau.
Twadde Klan
bewurkje seksjeOprjochting
bewurkje seksjeDe twadde ynkarnaasje fan 'e Ku Klux Klan waard yn 1915 op Stone Mountain yn Georgia oprjochte troch William Joseph Simmons. Wylst dyselde him ferliet op dokuminten fan 'e earste Klan en op 'e oantinkens fan guon âlden fan dagen dy't dêr sels lid fan west hiene, wie de twadde Klan dochs yn hege mjitte basearre op it ferhearlikjende en mytologisearre byld dat de tige populêre film The Birth of a Nation (1915), fan regisseur D.W. Griffith, fan 'e earste Klan joech.
Kostúms en baarnende krusen
bewurkje seksjeSa hie de earste Klan nea gebrûk makke fan ankellange kladen en maskere puntmûtsen dy't wyt wiene, noch hie de earste Klan krusen baarnd. Dy aspekten waarden yntrodusearre yn 'e roman The Clansman: A Historical Romance of the Ku Klux Klan fan Thomas Dixon jr., dêr't Griffith him yn syn film op basearre. Yn elts gefal makken de anonimisearjende kostúms fan 1915 ôf grutskalige iepenbiere gearkomsten mooglik. Dêrby gie it yn 't bysûnder om yntimidearjende optochten troch de strjitten en seremoanjes wêrby't krusen baarnd waarden.
Dat lêste wie in oare yntroduksje dy't de twadde Klan folslein omearme as in dramatysk fertoan fan symbolisme mei in ûndertoan fan yntimidaasje, fral as it op it hiem dien waard fan immen tsjin wa't de KKK wat hie. It waard in symboal fan it kwasy-kristlik boadskip fan 'e KKK, faak mank geand mei it sjongen fan hymnen en oare iepentlike religieuze ferrjochtings. Dixon, de betinker hjirfan, ûntliende it yn syn roman The Clansman oan 'e Crann Tara, it ûnder de wapens roppen fan 'e Skotske clans, wêrby't in lid fan 'e clan mei in baarnend krús yn 'e hân troch de hiele clangerjochtichheid ried.
Nije doelwiten
bewurkje seksjeBehalven nije metoaden en gebrûken hie de twadde Klan ek nije doelwiten dêr't er him op rjochte. Behalven swarten en harren blanke sympatisanten kearde de KKK him no ek tsjin roomsen, Joaden, sosjalisten, oanhingers fan 'e evolúsjeteory, liberalen en ymmigranten lykas Italjanen, Poalen, Litouwers en Russen (fan wa't de measten òf roomsk òf Joadsk wiene). De twadde Klan wie in fûnemintalistysk protestantske beweging mei in militante ôfkear fan moderne ideeën yn it algemien en in belied fan geweld en yntimidaasje tsjin alles en eltsenien dy't net as hûndert persint Amerikaansk sjoen waard. Dêrnjonken stie it foar in tige kekene maatskippij wêryn't it neilibjen fan 'e strange noarmen en wearden, sa't de KKK dy seach, ôftwongen wurde moast, by need mei geweld. Behalven om it near te lizzen op bgl. oerhoer en skieding wie ek in strangere oplizzing fan 'e Drûchlizzing yn de Feriene Steaten ien fan 'e easken fan 'e KKK.
Mei dat lêste idee kaam de KKK, dy't him foarstean liet op it neilibjen fan 'e tradysjes fan it Amerikaanske Suden, yn oanfarring mei in oare tradysje dêre, te witten fan moonshining, it eigenhannich en yllegaal stoken fan sterke drank. Guon pleatslike groepen fan 'e KKK drigen mei geweld tsjin rum runners (lju dy't de eigenstookte sterke drank ferspraten) en oaren dy't se kwalifisearren as "notoire sûnders". Harren tsjinstanners ferienen harsels dêrop yn in oare militante paramilitêre organisaasje, de Knights of the Flaming Circle ("Ridders fan 'e Lôgjende Rûnte"), ek wol bekend as de Red Knights ("Reade Ridders"), dy't by ferskate gelegenheden mei grou geweld reägearren op 'e provokaasjes fan 'e KKK.
Lanlike groei en heechtijdagen
bewurkje seksjeFan 1921 ôf naam de Ku Klux Klan in modern sakemodel oan en makke de beweging gebrûk fan foltiids betelle rekrutearringsofsieren om oan nije leden te kommen. Nei bûten ta presintearre de KKK himsels as in manljussosiëteit, dêr't der yn 'e Feriene Steaten yn 'e 1920-er jierren in hiel soad fan wiene. It lidmaatskip naam op dy manear fluch ta. Binnen in pear jier wreide de beweging him út nei eltse Amerikaanske steat (Alaska en Hawaï wiene doe noch gjin steaten). De KKK hie ek in promininte oanwêzigens yn in soad grutte stêden, net inkeld yn it Suden, de tradisjonele bakermatte fan 'e beweging, mar ek oan 'e noardeastkust, de westkust en yn it Midwesten. De beweging krong ek troch yn Kanada, dêr't benammen yn Saskatchewan yn 'e jierren 1926-1928 oanhing kaam omreden fan 'e troch de Angelsaksyske Kanadezen as bedriigjend ûnderfûne ymmigraasje fan lju út East-Jeropa.
In healjier nei it ynsetten fan 'e rekrutearringskampanje hie de KKK 85.000 leden, en op it hichtepunt fan 'e beweging, om 1925 hinne, berûn it ledetal 3 oant 8 miljoen. It lanlik haadkertier fan 'e KKK makke winst trochdat it in monopoalje hie op 'e ferkeap fan klankostúms, wylst de rekrutearders en pleatslike organisators betelle waarden út it jild dat nije leden foar it inisjaasjeritueel deltelle moasten. Yn dy tiid hold de KKK grutte parades yn 'e nasjonale haadstêd Washington, D.C. en wie de beweging in min ofte mear sosjaal akseptearre ûntwikkeling, sij it yn 'e marzje fan 'e maatskippij. Dat kin net los sjoen wurde fan 'e ûntwikkelings yn oare dielen fan 'e wrâld yn 'e 1920-er jierren. De heechtijdagen fan 'e KKK yn 'e Feriene Steaten wie besibbe oan 'e opkomst fan it faksisme yn dyselde snuorje yn ferskate Jeropeeske lannen, lykas Itaalje, Poalen, Grikelân, Roemeenje, de Baltyske lannen en fansels Dútslân.
Hoewol't de twadde Klan oer it generaal minder gewelddiedich wie as de earste of de trêde ynkarnaasje fan 'e beweging, wied er beslist net geweldleas. De gewelddiedichste ôfdieling wie dy yn Dallas (Teksas), dêr't yn april 1921 in swarte man tramtearre waard oer wa't it sizzen wie dat er seksuele omgong mei in blanke frou hân hie. Dy Alex Johnson waard ûntfierd en krige op in ôfhandich plak mei de swipe oant er mear dea as libben wie. Teffens waarden de letters "KKK" yn syn foarholle brânmerke. Doe't op dy behanneling positive reäksjes kamen, sette de ôfdieling Dallas útein mei mear ûntfierings om swypslaggen ta te tsjinjen. Dêrby gie it almeast om blanke manlju dy't har skuldich makke hiene oan oerhoer, húslik geweld of gokken, of dy't har frou yn 'e steek litten hiene of wegeren om har bern te ûnderhâlden. De KKK yn Alabama wie minder 'hoask' as de KKK yn Dallas; dêre waarden fral froulju (sawol blank as swart) ûntfierd en op swypslaggen traktearre as se beskuldige wiene fan oerhoer of seks foar it houlik. Hoewol't it mishanneljen fan blanke froulju in protte kwea bloed sette, waard gjin inkeld klanlid der ea foar feroardiele.
Wjerstân tsjin 'e twadde Klan
bewurkje seksjeDe twadde Klan hie al rillegau te kampen mei sterke wjerstân út oare maatskiplike fermiddens. Hoewol't de beweging him nei eigen sizzen ynsette foar Amerikaanske noarmen en wearden en kristlike moraliteit, wie der gjin inkele protestantske denominaasje dy't de KKK stipe. Krektoarsom, de beweging waard publyklik en by ferskate gelegenheden feroardiele yn 'e tydskriften fan alle grutte protestantske tsjerkegenoatskippen, en teffens yn alle grutte sekuliere kranten. Sels de Súdlike Baptistekonvinsje, de tsjerke dy't op it mêd fan lidmaatskip nei alle gedachten de measte oerlaap mei de KKK hie, makke op net mis te fersteane wize dúdlik dat, hoewol't de tsjerke de doelen fan 'e KKK dielde, de metoaden fan 'e KKK beslist net troch de bûgel koene. De protestantske predikant Reinhold Niebuhr fan Detroit krige lanlike bekendheid mei syn bestriding fan 'e Ku Klux Klan.
Yn reäksje op 'e úthalen fan 'e twadde Klan tsjin 'e Joaden waarden harren belangen ferdigene troch de Anti-Defamation League ("Anty-Belasteringsbûn"). Tsjin 'e kampanje fan 'e KKK om it bysûnder ûnderwiis yn 'e Feriene Steaten ferbean te krijen, dy't benammen rjochte wie tsjin roomske parochyskoallen, kaam de Roomsk-Katolike Tsjerke fanwegen. De National Association for the Advancement of Colored People ("Nasjonale Feriening foar de Foarútgong fan Kleurlingen", NAACP) kaam op foar de rjochten fan Afro-Amerikanen en sette dêrta útein mei in publike ûnderrjochtkampanje om it Amerikaanske publyk yn it algemien en it Amerikaanske Kongres yn it bysûnder te wizen op 'e misdriuwen en yllegale aktiviteiten begien troch de KKK.
Delgong en opheffing
bewurkje seksjeUnderwilens begûn de twadde Klan ek fan binnenút te kreakjen. Fan septimber 1923 ôf bestiene der twa ûnderskate Ku Klux Klans njonkeninoar: de organisaasje oprjochte troch Simmons en fan 1923 ôf bestjoerd troch Hiram Wesley Evans, dy't syn swiertepunt yn it Amerikaanske Suden hie, en in ôfspjalting mei deselde namme ûnder oanfiering fan grand dragon ("grutdraak") D.C. Stephenson, dy't it grutste part fan syn efterban yn Indiana en oare Midwestlike steaten hie. Doe't Stephenson yn 1925 (mei oaren) skuldich befûn waard oan 'e ûntfiering en ferkrêfting fan en de dêropfolgjende moard op Madge Oberholtzer, in blanke skoaljuffer, betsjutte dat de deastek foar syn eigen organisaasje, de saneamde Indiana Klan. Ek de orizjinele beweging fan Simmons en Evans rûn troch dy kwestje frijwat skea op.
Yn 1928 setten figilantistyske klanleden yn Alabama útein mei in fysike terreurkampanje tsjin sawol swarten as blanken dy't har net holden oan 'e noarmen en wearden fan 'e KKK. Dat late ta in sterke anty-KKK-reäksje yn 'e media, oanfierd troch Grover C. Hall, de haadredakteur fan 'e Montgomery Advertiser yn Montgomery, dy't dêrfoar in Pulitzerpiis wûn. Tsjin 1930 hie de KKK noch mar 30.000 leden, wêrfan 6.000 yn Alabama. De beweging late ûnder de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren in sieltôgjend bestean om úteinlik ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 1944 formeel opheft te wurden troch imperial wizard ("rykstsjoender") James A. Colescott, om't de Amerikaanske belestingtsjinst IRS de organisaasje efter de hakken siet.
Trêde Klan
bewurkje seksjeOprjochting
bewurkje seksjeDe trêde ynkarnaasje fan 'e Ku Klux Klan waard koart nei de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, yn 1946, oprjochte trcoch Samuel Green by in nije seremoanje op Stone Mountain. Green waard yn 1949 as imperial wizard opfolge troch Samuel Roper, dy't sels yn 1950 opfolge waard troch Eldon Edwards. Oant dy tiid wie de trêde Klan beheind bleaun ta Georgia, mar Edwards krewearre om 'e beweging wer oer it hiele Suden út te wreidzjen. Dat slagge wol, mar nei alle gedachten net sa't er it sels yn 'e holle hie. Ynstee fan ien sterke lanlike organisaasje ûntstiene der in stikmannich konkurrearjende groepearrings.
Groepearrings
bewurkje seksjeFan it begjin ôf oan hat de trêde Klan in ekstreem gewelddiedige groepearring west, dy't geografysk beheind is ta it Amerikaanske Suden en nea de lidmaatskipsoantallen, noch de maatskiplike akseptaasje fan 'e twadde Klan ek mar yn 'e fierste fierte belykje kinnen hat. Der bestiet yn 'e trêde Klan boppedat noch minder organisaasje boppe it pleatslik nivo as yn 'e earste Klan, en as gefolch dêrfan is der ek frijwol gjin gearwurking tusken de ferskate groepen dy't har de namme en oanwensten fan 'e Ku Klux Klan taeigene hawwe.
By in ûndersyk troch de Amerikaanske federale resjerzje FBI waard yn 1965 fêststeld dat der 14 ûnderskate organisaasjes wiene dy't harsels de Ku Klux Klan neamden, mei in mienskiplik ledetal fan 9.000 man. Dêrfan wiene de troch Roy Davis oprjochte Original Knights of the Ku Klux Klan yn Teksas, Arkansas, Louisiana en Mississippy it grutst mei 1.500 leden. Yn Alabama stie Robert Shelton oan it haad fan in groepearring fan 400 oant 600 leden dy't de United Klans of the Ku Klux Klan hiet. De Original Knights giene ein 1965 op yn 'e United Klans, dy't omtrint 1970 nei skatting 30.000 leden en 250.000 sympatisanten hiene. In oare bekend groepearring, de White Knights of the Ku Klux Klan, spjalte him yn 1964 fan 'e Original Knights ôf.
Aktiviteiten
bewurkje seksjeDe trêde Klan wie benammen aktyf yn 'e 1950-er jierren en de 1960-er jierren, doe't fûleindich wjerstân bean waard tsjin 'e Amerikaanske boargerrjochtebeweging, dy't opkaam foar de minskerjochten fan swarten yn it Amerikaanske Suden. In tige wichtich striidpunt wie datoangeande de opheffing fan 'e rasseskieding yn it Suden. Yn dy snuorje foarme de KKK klandestine bûnsgenoatskippen mei ferskate plysjekorpsen, lykas yn Birmingham (Alabama), en mei hegere oerheden, lykas it kantoar fan gûverneur George Wallace fan Alabama.
Ferskate leden en groepen fan 'e KKK wiene yn 'e 1960-er jierren belutsen by moarden, lykas de moard op Chaney, Goodman en Schwerner, ien swarte en twa blanke boargerrjochte-aktivisten yn 1964 yn Mississippy, en terroristyske oanslaggen, lykas de bomoanslach op 'e 16th Street Baptist Church yn Birmingham (Alabama), dêr't fjouwer Afro-Amerikaanske famkes by omkamen.
Wjerstân tsjin 'e trêde Klan
bewurkje seksjeDer wie oansjenlike wjerstân tsjin 'e trêde Klan mank Afro-Amerikanen en harren bûnsgenoaten. Inkele foarbylden dêrfan. Yn 1953 wûnen kranteútjouwers W. Horace Carter fan Tabor City (Noard-Karolina) en Willard Cole fan Whiteville (Noard-Karolina) de Pulitzerpriis foar Tsjinsten oan it Publyk foar "harren súksesfolle kampanje tsjin 'e Ku Klux Klan, befochten op 'e eigen drompel en mei gefaar foar finansjele skea en fysyk wolwêzen, liedend ta de feroardieling fan mear as hûndert klanleden en in ein oan it terrorisme yn harren mienskippen," sa't de sjuery it útdrukte.
Yn 1958 baarnde de KKK krusen by de wenten fan twa etnyske Lumby (Lumbee), leden fan in Yndiaansk folk yn Noard-Karolina, om't dyselden har net oan 'e rasseskieding tusken Yndianen en blanken holden hiene. Der waard drige mei mear aksjes as it hâlden en dragen fan 'e beide mannen net feroare. Koarte tiid letter, doe't se KKK by nacht in gearkomste dêr yn 'e omkriten hold, waarden de klanleden besingele troch hûnderten bewapene leden fan 'e Lumby Stamme fan Noard-Karolina. Der briek in sjitpartij út en de KKK waard op fernederjende wize op 'e flecht dreaun by wat bekend kaam te stean as de Slach by Hayes Pond.
Hjoeddeistige stân fan saken
bewurkje seksjeResinte skiednis
bewurkje seksjeDe Amerikaanske oerheid beskôget de KKK tsjintwurdich noch altyd as in "subversive terroristyske organisaasje". Dat is net allinne basearre op dieden út 'e tiid fan 'e Boargerrjochtebeweging. Hoewol't de aktiviteit fan 'e KKK sûnt de 1970-er jierren wat belune is, binne de groepen noch altyd net ûngefaarlik. Yn april 1997 pakte de FBI yn Dallas noch fjouwer leden fan 'e True Knights of the Ku Klux Klan op foar gearspanning om in berôving te begean en gearspanning om in ierdgasraffinaderij op te blazen. Yn 1999 naam de gemeenterie fan Charleston (Súd-Karolina) in resolúsje oan wêryn't de KKK bestimpele waard as in terroristyske organisaasje.
Delgong fan 'e KKK
bewurkje seksjeTsjintwurdich is it mei KKK-groepen slim yn it neigean rekke omreden fan ferskate faktoaren, lykas de walging fan 'e grutte mearderheid fan 'e Amerikaanske befolking fan 'e doelen en skiednis fan 'e KKK, ynfiltraasje fan 'e groepen troch plysjeminsken by undercoveroperaasjes, en ynbeslachnames dy't ta stân komme fia sivylrjochtlike prosedueres. Wat ek meispilet is de persepsje mank lju mei in ekstreem-rjochts gedachteguod fan 'e KKK as efterhelle en âlderwetsk. It Southern Poverty Law Center (SPLC), in organisaasje dy't ekstremistyske organisaasjes yn 'e Feriene Steaten yn 'e rekken hâldt, rapportearre dat tusken 2016 en 2019 it tal KKK-groepearrings yninoar sakke fan 130 nei 51. In rapport fan 'e Anti-Defamation League (ADL) út 2016 makket gewach fan noch mar 30 aktive KKK-groepearrings yn 'e Feriene Steaten. Neffens skattings út 2016 en 2017 berint it tal leden fan 'e ûnderskate KKK-groepen 3.000 oant 8.000 minsken. Dêrtopta binne der ek in ûnbekend tal sympatisanten.
Hjoeddeistige KKK-organisaasjes
bewurkje seksjeNeffens de Anti-Defamation League binne dit de tsjintwurdich noch aktive organisaasjes dy't harsels mei de KKK fan âlds identifisearje:
- Bayou Knights of the Ku Klux Klan
- Church of the American Knights of the Ku Klux Klan
- Imperial Klans of America
- Knights of the Ku Klux Klan
- Knights of the White Camelia
- Loyal White Knights of the Ku Klux Klan
- White Knights of the Ku Klux Klan
De Knights of the Ku Klux Klan, út Arkansas, binne nei eigen sizzen hjoed oan 'e dei de grutste lanlike KKK-organisaasje, wylst de Loyal White Knights of the Ku Klux Klan, út Noard-Karolina, nei alle gedachten de grutste pleatslike groepearring binne.
Ideology
bewurkje seksjeDe KKK, dy't klassifisearre wurde moat as in haatgroep, draacht rasisme, antysemitisme, islamofoby, homofoby en oare foarmen fan diskriminaasje út en fan âlds ek neo-konfederasjonisme, it krewearjen foar de weropstanning fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) ferslein wiene. De beweging kantet him fierders op militante wize oan tsjin Afro-Amerikanen, roomsen, Joaden, moslims, ymmigranten, ateïsten, feministen, sosjalisten, kommunisten, fakbûnsleden, rasseferminging, it rjocht op abortus, it rjocht op eutanasy, it homohoulik, gelykberjochtiging fan transseksuelen en foarútgong yn it algemien. De KKK kin omskreaun wurde as neo-faksistysk en neo-nazistysk.
Terminology
bewurkje seksjeDe earste Klan fierde foar liederskipsfunksjes in folslein eigen titulatuer yn, dy't tsjintwurdich foar it meastepart yn ûnbrûk rekke is, op inkele titels nei. Sa is de lieder fan in lanlike Ku Klux Klan-organisaasje de imperial wizard ("rykstsjoender"). Imperial is ferwizing nei it Invisible Empire of the Ku Klux Klan ("Unsichtbere Ryk fan 'e Ku Klux Klan"). Oarspronklik wie de titel grand wizard ("gruttsjoender"). De imperial klaliff is de op ien nei heechste posysje ûnder de imperial wizard. Klaliff is in gearlûking fan Klan en bailiff ("baljuw" of "parketwacht"). De lieder fan in KKK-organisaasje yn in ôfsûnderlike Amerikaanske steat is in grand dragon ("grutdraak"). In imperial kleagle is in funksjonaris belêstge mei rekrutearring fan nije leden; in klabee is in skathâlder; in kligrapp is in sekretaris; in night hawk ("nachthauk") is it haad befeiliging by in gearkomste en in imperial kludd is in aalmoezenier. It rituele boek fan 'e KKK wurdt de Kloran neamd, in gearkomste is in klonvokation en in pleatslike ôfdieling hjit in klavern.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOm't der ferskate Ku Klux Klan-groepen binne, besteane der ek ferskate offisjele websiden. Hjirûnder twa websiden fan antyfaksistyske organisaasjes dy't listen fan sokke groepen byhâlde:
- (in) List fan Ku Klux Klan-organisaasjes byholden troch it Southern Poverty Law Center
- (in) List fan Ku Klux Klan-organisaasjes, yn 2011 gearstald troch de Anti-Defamation League (argivearre)
Sjoch ek:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|