Baltikum

(Trochferwiisd fan Baltyske lannen)

It Baltikum is it gebiet oan de eastkust fan de Eastsee.

De namme komt fan de Balten, dy't yn dit gebiet wennen, mar harren wengebiet is net krekt itselde as dat fan it hjoeddeiske Baltikum. De Esten wienen bygelyks gjin Balten, mar Estlân wurdt no al ta it Baltikum rekkene. En oarsom wienen de oarspronklike Prusen al Baltysk, mar harren gebiet, likernôch de Russyske Eksklave wurdt meast net ta it Baltikum rekkene.

It Baltikum hie foar in grut part in mienskiplike skiednis. Dy begjint yn de 8e iuw as begûn wurdt mei it kristenjen fan de Balten. Yn de 12e iuw kamen hieltyd mear Dútsers nei it gebiet, dy't in regear oer gâns it gebiet foarmen, wat late ta it bewâld fan de Teutoanske Oarder oer it gebiet yn de 13e en 14e iuw. Nei't de macht fan de oarder yn de 15e iuw brutsen waard troch Poalen, kaam it Baltikum yn de 16 iuw yn it bewâld fan Poalen-Litouwen.

Yn de 18e en 19e iuw waard hiel it gebiet part fan Ruslân. Nei de Earste Wrâldkriich waard it gebiet spliten ta de Baltyske lannen Estlân, Letlân en Litouwen. Foar in grut part fan de Twadde Wrâldkriich wienen de trije Baltyske lannen beset troch Dútslân, mar nei de oarloch waarden it trije Sowjetrepubliken, parten fan de Sowjetuny. Yn 1990 ferklearren de trije republiken harren ûnôfhinklik fan de Sowjetuny, as fuortsettings fan de lannen út it Ynterbellum.

Grutte ferskillen yn it Baltikum binne ûnder oaren dat allinnich Estlân Finskûgrysk is, wylst Letlân en Litouwen in mingeling fan Balten en Germanen, Dútsers, binne. Mar oarsom is allinnich Litouwen Katolyk, wylst Estlân en Letlân Protestantsk binne. De skiedkundige ferskillen en de lizzing hawwe ek gefolgen foar de oriïntearring fan de lannen, wêrby Litouwen him rjochtet op Poalen, wylst Estlân him op Finlân rjochtet. It súdlikste part fan it eardere Baltyske gebiet, as dat al ta it Baltikum rekkene wurde moat, is op dit stuit gjin ûnôfhinklik lân, mar in part fan Ruslân.