In eksklave is in lyts part fan in gebiet dat, troch tuskenlizzend oar gebiet, net ferbûn is mei in grutter part fan it gebiet. Guont eksklaves wurde troch twa as mear oare gebieten omsletten, lykas Kabinda, in eksklave fan Angoala tusken Saïre en Kongo. De measte eksklaves wurde lykwols troch ien lân omsletten, en binne dêrmei ek enklaves, lykas Busingen, in eksklave fan Dútslân dy't in enklave yn Switserlân is.

C is in enklave fan A en in eksklave fan B.

Kust as grins bewurkje seksje

Somtiden wurdt it begryp beheind ta gebieten dy't net allinnich gjin ferbining oer lân hawwe, mar ek gjin inkele ferbining oer it wetter. As in lyts gebiet dan in ferbining mei in wrâldsee hat, dan is it gjin eksklave as it grutte gebiet ek sa'n ferbining hat, hoe fier at dy ek wei is. Oarsom wurdt it ek wol útwreide ta dy gefallen dy't allinnich gjin ferbining oer lân hawwe. Gebieten dy't fia de eigen territoriale wetters in ferbining hawwe foarmje dan al in eksklave.

Tapassings bewurkje seksje

It begryp wurdt meastal brûkt foar steaten, mar komt in inkeld kear op in leger nivo foar, al binne grinskorreksje dêr meast wat makliker. Brookline Norfolk County Massachusetts leit tusken Boston en Newton Massachusetts, en hat gjin ferbining mei it grutste part fan Norfolk County.

Ek wurdt it begryp brûkt foar bygelyks in gebiet dat wat it leauwen oangiet by in gebiet fierder wei heart, of wat nei it etnysk of kultureel komôf fan ynwenners by in oar gebiet heart.

Bûten-eksklave bewurkje seksje

It komt net in soad foar, mar der binne gefallen fan in eksklave dy't sels ek wer in eksklave hat, in bûten-eksklave. In bûten-eksklave is fansels ek in eksklave op himsels, fan itselde gruttere gebiet, mar kin om geografyske of oare redenen sjoen wurde as part fan de gruttere eksklave. Bygelyks, Ayios Nikolaos wurdt beskôge as in bûten-eksklave fan Dekelia, ien fan de twa Britske eksklaves op Syprus dy't tegearre Britsk Syprus foarmje.

Ynternationale eksklaves bewurkje seksje

  • Tatly - Azerbeidzjan yn Armeenje (2 eksklaves).

Keppeling om utens bewurkje seksje